E.L. James

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
E.L. James
Livro preto.svg skriuwer
E. L. James (cropped).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erika Mitchell
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 7 maart 1963
berteplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Flag of Chile.svg Sileensk
Flag of Scotland.svg Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre romantyske fiksje, eroatika
bekendste
  wurk(en)
Fifty Shades of Grey
prizen 2x National Book Award
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
www. eljamesauthor.com

E.L. James (pseudonym fan Erika Mitchell; Londen, 7 maart 1963) is in Britsk skriuwster, dy't yn 2011 op spektakulêre wize trochbriek mei har debút, de bondaazje- en SM-roman Fifty Shades of Grey.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James waard berne yn 1963 yn Londen, as de dochter fan in Skotske heit en in Sileenske mem. Har heit wurke as kameraman foar de BBC. James groeide op yn Buckinghamshire, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn oan 'e Wycombe High School, in iepenbiere famkesskoalle yn it doarp High Wycombe. Neitiid studearre hja skiednis oan 'e Universiteit fan Kent te Canterbury. James fûn wurk as studiomanagersassistinte oan 'e Britske Nasjonale Film- en Telefyzjeskoalle yn Beaconsfield.

Skriuwkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James begûn har karriêre as auteur mei it skriuwen fan fanfiksje ûnder de skûlnamme "Snowqueen's Icedragon". Har meast opfallende wurk op dat mêd wie in ferhaal dat hja basearre op 'e Twilight-fantasysearje. Se sette dêrmei útein yn jannewaris 2009, nei't se it lêste Twilight-boek út hie. Letter ferwurke se de ideeën út dit ferhaal yn 'e roman dy't úteinlik Fifty Shades of Grey kaam te hjitten, oer Anastasia Steele, in ûnskuldige jonge frou, dy't ferwikkele rekket yn in eksplisyt seksuële relaasje mei Christian Grey, in dominante en by fleagen sadistyske âldere man.

Fifty Shades of Grey kaam út yn 2011, en wie it earste diel fan 'e saneamde Fifty Shades-trilogy, dy't fierder gie mei Fifty Shades Darker en einige mei Fifty Shades Freed. De beide lêste dielen waarden allebeide yn 2012 publisearre. De trilogy, en fral it earste diel, brieken alle ferkeaprekôrs. James hat ûnderwilens mear as 70 miljoen boeken ferkocht, wêrfan 35 miljoen yn 'e Feriene Steaten. De trilogy hat op it stuit it Britske rekôr yn 'e hannen fan 'e fluchst ferkeapjende paperback aller tiden. Yn 2012 berneamde it Amerikaanske tydskrift Time James ta ien fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken fan 'e wrâld, en yn augustus 2013 stie se boppe-oan op 'e list fan it tydskrift Forbes fan meastfertsjinjende auteurs, mei $90 miljoen oan boekeferkeap mei nochris $5 miljoen foar de filmrjochten. De ferfilming fan Fifty Shades of Grey, ûnder rezjy fan Sam Taylor-Johnson, kaam yn febrewaris 2015 út. Yn 2015 recycle James it ferhaal fan 'e Fifty Shades-trilogy nochris yn 'e roman Grey, dy't itselde ferhaal fanút it eachpunt fan Christian Grey fertelt.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

E.L. James wennet yn 'e Westlondenske wyk Ealing, mei har man Niall Leonard en har beide tinersoannen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • de Fifty Shades-trilogy
    • 2011 – Fifty Shades of Grey
    • 2012 – Fifty Shades Darker
    • 2012 – Fifty Shades Freed
  • 2015 – Grey: Fifty Shades of Grey As Told by Christian

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2012 National Book Award wûn bêste wurk fan populêre fisje fan it jier Fifty Shades of Grey
wûn boek fan it jier Fifty Shades of Grey

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.