Beaconsfield (Ingelân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Beaconsfield
Beaconsfield, oarlochsmonumint
Beaconsfield, oarlochsmonumint
Sifers
Ynwennertal 12.081 (2011)
Oerflak 19,66 km²
Befolkingstichtens 614 / km²
Hichte m
Polityk
Lân Ingelân
Greefskip Buckinghamshire
Distrikt South Bucks
Oar
Webside Webstee Beaconsfield
Lizzing fan Beaconsfield
St. Mary and All Saints

Beaconsfield is in plak (town) yn it distrikt South Bucks, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Beaconsfield leit likernôch 40 kilometer noardwestlik fan Londen.

It plak waard foar it earst yn geskriften neamd yn 1185 as Bekenesfeld. De parochy hat in tsjerke út 1869, wijd oan Marije. Alle jierren op 10 maaie is der in jiermerke, dy't al goed 735 jier hâlden wurdt. It plak hat in treinstasjon fan de Chiltern Railways en de National Film and Television School, de wichtichste hegeskoalle op dat mêd yn Grut-Bretanje.

Bekonscot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beaconsfield hat sûnt 1929 ek it âldste miniatuerstedsje fan de wrâld, Bekonscot Model Village, boud op in skaal fan 1:12. Madurodam yn De Haach is ynspirearre op Bekonscot. Bekonscot lit typysk Ingelske huzen en oare bouwurken sjen, fral út de perioade fan nei 1930.

Bekende persoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beaconsfield wie it stimdistrikt fan de Ingelske premier Benjamin Disraeli yn de 19e iuw. Yn 1876 beneamde Keninginne Victoria him as earste Greve (Earl) fan Beaconsfield. De fantasyskriuwer Terry Pratchett is yn Beaconsfield berne en skriuwer Gilbert Keith Chesterton, filosoof Edmund Burke en de dichter Edmund Waller kamen dêr te hôf. Aktrise Angelina Jolie hat dêr in hûs.

Bekende persoanen út Beaconsfield:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]