Springe nei ynhâld

Egbert-Jan Weeber

Ut Wikipedy
Egbert-Jan Weeber
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEgbert-Jan Weeber
nasjonaliteit Nederlânsk
berne18 juny 1981
berteplakGrins (Grinslân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
jierren aktyf2000 – no
offisjele webside
Egbert-Jan Weeber op Twitter

Egbert-Jan Weeber (Grins, 18 juny 1981) is in Nederlânsk tillefyzje- en filmakteur en live-dj fan Grinslânsk komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weeber waard yn 1981 berne yn Grins, en groeide op yn Haren. Hy folge al jong aktearlessen yn it Sintrum foar Keunst en Kultuer yn syn wenplak. Doe't er mei fjirtjin jier yn 'e Stedsskouboarch fan Grins in foarstelling (De Noorderlingen) seach fan 'e Foaroplieding Teäter, besleat er him daliks foar de oplieding oan te melden. Hy wie dêr in klasgenoat fan û.o. Dragan Bakema en Joris Smit.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weeber wie foar it earst op 'e tillefyzje te sjen yn 2000, mei in roltsje yn 'e BNN-searje Finals. Yn 2001 krige er syn earste haadrol, te witten yn 'e tillefyzjefilm Uitgesloten, oer in jonge dy't útsletten wurdt út 'e mienskip fan Jehova's Tsjûgen. Foar dy rol waard Weeber nominearre foar in Gouden Keal. Yn 2002 wied er op it wite doek te sjen yn 'e manlike haadrol fan 'e film Oesters van Nam Kee. Dêrby wie syn froulike tsjinspiler Katja Schuurman. Syn rol yn 'e film Van God Los, út 2003, smiet him in twadde nominaasje foar in Gouden Keal op.

In byrol hie Weeber yn 'e film Anderland (2003), ûnder rezjy fan Arne Toonen, en yn 2008 hied er in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Flikken Maastricht. Oare rollen hied yn 'e jongereinfilm Anubis en het Pad der 7 Zonden (2008), as greve Rohan, en yn 'e dramarige De Troon (2010), as de njoggentjinde-iuwske Nederlânske kroanprins Willem. Yn 2010 wie Weeber ek te sjen yn 'e horrorfilm Sint, en yn 2012 spile er yn 'e muzikale dramasearje Moeder, Ik Wil bij de Revue fan Omrop MAX. Fan 2009 oant en mei 2011 hie Weeber in fêste rol as Bram Bakker yn 'e tillefyzjesearje Verborgen Gebreken.

Weeber oan 'e gong as dj op Mysteryland.

Foar de histoaryske film Michiel de Ruyter, út 2015, oer de histoaryske seeheld Michiel de Ruyter, wurke Weeber foar it earst gear mei regisseur Roel Reiné. Hy fertolke yn dy spektakelfilm de rol fan Willem III fan Oranje-Nassau, de kening-steedhâlder. Yn 2016 spile er yn 'e mei de MovieZone NFF Award bekroande film If the Sun Explodes. Yn 2018 wurke er op 'e nij gear mei Roel Reiné, doe't er yn dy syn twadde Nederlânske spektakelfilm, Redbad (oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme), de rol fan 'e kristlike sindeling en biskop Bonifatius op him naam.

Njonken syn aktearkarriêre treedt Weeber al sûnt syn sechstjinde geregeldwei op as live-dj op muzykfestivals. Sa draaide er û.m. op Mysteryland en op it Amsterdam Dance Event. Yn 2005 presintearre Weeber boppedat as radio-dj it radioprogramma Spam op 'e stjoerder 3FM.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2000FinalsPatrickminysearje
2000RussenEric Swinkelsgastrol; ôfl. No Police
2000BaantjerDavid Poppeliergastrol; ôfl. De Cock en de Moord op de Margaretha
2001Wet & WaanLeo Paardekoopergastrol; ôfl. Habeas Corpus
2001UitgeslotenJonathantillefyzjefilm
2002PolonaiseBarrytillefyzjefilm
2002AchttienKoentillefyzjefilm
2002The Legend of Bhagat Singhûnbekend
2002Dunya & DesieBobgastrol; ôfl. De Jongen en de Dood
2004De Vloer Opdûblueregastrol; ôfl. 3.3
2004Bijlmer Odysseeûnbekendtillefyzjefilm
2005De Vloer Opsoangastrol; ôfl. Burgemeester in Nood/Darkroom/Ongewenste E-mail
2005De Vloer OpWoutergastrol; ôfl. Hondjes/Gemengd Huwelijk/Moeders
2005Boy Meets Girl Stories #1: Smachtenûnbekendtillefyzjespecial
2005De Vloer Opman mei kankergastrol; ôfl. Moslimdonor/Huwelijkstherapie/Uitmaken
2007BomberRoektillefyzjefilm
2008Flikken MaastrichtMark Huidekopergastrol; ôfl. Pillen
2009Villa Achterwerk: The PopgroepBertgastrol
2009De HoofdprijsTommy Vervoortgastrol; ôfl. Niet Meer over Tobben
2009–2011Verborgen GebrekenBram Bakkerfêste rol; 36 ôfl.
2010De Troonkroanprins Willem fan de Nederlannen (1840-1879)  minysearje
2011Blijf!Christillefyzjefilm
2011Seinpost Den HaagMaik Hofmanminysearje; fêste rol; 10 ôfl.
2012FeutenJurg van Ginkelweromkearende rol; 7 ôfl.
2012Moeder, Ik Wil bij de RevueBob Somersminysearje
2014Assepoester: Een Modern Sprookjeprins Lodewijktillefyzjefilm
2014BloedverwantenDavid Maaslandweromkearende rol; 8 ôfl.
2015Sunny Side UpDaantillefyzjefilm
2015Bagels & BubbelsRick van Langeveldminysearje
2016Op de DijkJohantillefyzjefilm
2017Toonhimselsgastrol; ôfl. Premiêre
2017VoetbalmaffiaRobin Bruynminysearje
2019Random ShitRenégastrol; ôfl. Wie Dit Kijkt Heeft AIDS
2019Stanley H.Govert Kroonminysearje
2019Random Shitman yn trailergastrol; ôfl.Fuifje; net fermeld op 'e ôftiteling
2019SinterklaasjournaalWout Reusgastrol; ôfl. 19.20
2020Commando'sMark Passchaertminysearje
2020Commando's: The MissionMark Passchaerttillefyzjefilm
2022Diepe GrondenTimon de Zwartminysearje
films
2001NecrocamXeno
2002Oesters van Nam KeeBerry
2003Van God LosStan Meijer
2003Vrijdag de 14e: PerspectiefcorrectieNickkoarte film
2003AnderlandHorrekoarte film
2003Kees de JongenKees (24 jier)
2004Koen!Koenkoarte film
2004SnowfeverErik
2005FlirtLex
2005EilandgastenWalter
2007VivereSnickers
2008AlibiSander
2008Anubis en het Pad der 7 Zondengreve Rohan
2009Bollywood HeroNick
2009Het Leven uit een DagVincent
2009Geen ZinSamkoarte film
2010SintFrank
2012Brammetje Baasmaster Mark
2013VoorbijRobkoarte film
2014HartenstraatRein
2014WonderbroedersLucas Vlijmen
2015Michiel de Ruytersteedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau
2016Brasserie ValentijnFrank
2016If the Sun ExplodesPhilippe
2016Hoe het Zo Kwam dat de Ramenlapper Hoogtevrees Kreeg  Alfred
2016Growthmankoarte film
2017Storm: Letters van VuurJacob Proost
2017Bella Donna'sNiels
2017SalvatoreStefankoarte film
2017Dikkertje DapDavid Dap
2018Taal Is Zeg Maar Echt Mijn DingTimo
2018RedbadBonifatius
2020De Piraten van HiernaastHector Donderbus
2020Blauwe MaandagBenkoarte film
2021Nr. 10jonge preester #2
2022De Piraten van Hiernaast: De Ninja's van de OverkantHector Donderbus

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.