Loes Haverkort
Loes Haverkort | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Loes Haverkort | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 jannewaris 1981 | |
berteplak | Almelo (Oerisel) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
www.loeshaverkort.nl |
Loes Haverkort (Almelo, 19 jannewaris 1981) is in Nederlânsk film-, tillefyzje- en toanielaktrise fan Twintsk komôf. Hja is ek aktyf as sjongster.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haverkort waard yn 1981 berne yn Almelo en groeide op yn it Twintske Wierden. Dêr spile se as tsiener yn 'e band Casual. Yn 2004 rûne hja har aktearoplieding ôf oan 'e Toanielakademy Maastricht. Neitiid rjochte Haverkort mei fjouwer befreone aktrises in eigen toanielselskip op mei de namme Norfolk.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksjes fan Norfolk wiene û.m. Kantoor (2005), Uptijd (2007) en Cruise (2008). Ek spile Haverkort yn 2010 en 2014 yn 'e ferneamde musical Soldaat van Oranje, en hie se yn 2011 in rol yn it stik Jiskefet: Goeiesmorgens de Musical. Mank de oare toanielfoarstellings dêr't Haverkort oan meiwurke hat, wiene Fall der Götter (2003 yn Berlyn) en de Nederlânske oersetting dêrfan: Val van de Goden (2004), Richard III (2004), Titus Geen Shakespeare (2006), Palindrome (2007), De Koopman van Venetië (2008), Route 66 (2008) en Brandende Liefde (2009).
Op 'e tillefyzje wie Haverkort foar it earst te sjen yn 2003 en 2004 yn 'e searje Efteling Sprookjes, as it famke mei de reade skuontsjes, Jiskepûster en Toarnroaske. Letter hie se rollen yn dramasearjes as Spoorloos Verdwenen (2006), Van Speijk (2006-2007), Julia's Tango (2007), Floor Faber (2009), Lieve Liza (2012) en Weemoedt (2016). Yn 2010 fertolke Haverkort de rol fan prinsesse Máxima yn Bernhard, Schavuit van Oranje, en datselde jiers hie se yn De Troon de rol fan Sofia fan Wuerttemberch, de earste frou fan kening Willem III. Ek spile se yn 2013 yn 'e tillefyzjefilm Lieve Céline, hie se yn 2014 in gastrol yn 'e plysjesearje Rechercheur Ria, en fertolke se yn 2017 yn 'e searje Celblok H de haadrol fan Anouk van Dam. Yn 2018 wie Haverkort ien fan 'e kandidaten yn it realitytillefyzjeprogramma Wie is de Mol?, wêrby't se yn 'e fyfde ôflevering ôffoel.
Op it wite doek makke Haverkort yn 2005 har debút as Willemijn yn 'e film Eilandgasten, ûnder rezjy fan Karim Traïdia. Letter spile se ek yn û.m. De Sportman van de Eeuw (2006), Sarah en Hij (2007), Coach (2009), Dik Trom (2010), Ja, Ik Wil! (2015), Rendez-vous (2015) en Voor Elkaar Gemaakt (2017). Yn 2018 hie Haverkort de froulike haadrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, ûnder rezjy fan Roel Reiné. Dy film wie (hiel loskes) basearre op (dielen fan) it libben fan 'e histoaryske persoan fan Redbad, in achste-iuwske kening fan 'e Friezen. Har tsjinspiler wie dêrby Gijs Naber. Haverkort spile de kristlike, Deenske prinsesse Frea, mei wa't Redbad yn 'e film trout.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haverkort hat in relaasje mei muzikant Floris Verbeij, mei wa't se gearwennet. Twaresom foarmje se de indiepopband LOUISV, dy't û.m. de titelsong Trouble in Paradise fan 'e film Rendez-vous fersoarge. Haverkort, dy't fegetaarjer is, hat mei har freon in soan en in dochter.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Offisjele webside fan Loes Haverkort
- (in) Folsleine filmografy fan Loes Haverkort yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|