Springe nei ynhâld

Derek de Lint

Ut Wikipedy
Derek de Lint
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDick Hein de Lint
nasjonaliteit Nederlânsk
berne17 july 1950
berteplakDe Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf1975 – no
offisjele webside
Derek de Lint yn 'e IMDb

Derek de Lint (folút: Dick Hein de Lint; De Haach, 17 july 1950) is in Nederlânsk tillefyzje- en filmakteur, dy't yn Nederlân benammen bekend waard troch syn rollen yn films as Soldaat van Oranje en it mei in Oskar bekroande De Aanslag. Hy boude ek in súksesfolle ynternasjonale karriêre op, wêrby't er it bekendst waard mei syn rol yn 'e dramarige Poltergeist: The Legacy.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lint waard yn 1950 berne yn De Haach. Fan 1970 oant 1972 studearre er fotografy en grafysk ûntwerpen yn Ynskedee, oan wat no de AKI ArtEZ Academie voor Art & Design is, folge troch nochris twa jier oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy. Under en fuort nei syn stúdzje ûnderhold De Lint himsels mei in bybaantsje as fotomodel.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1975 makke De Lint syn debút as akteur mei de rol fan Rik Vandaele yn it toanielstik Thuis fan 'e Flaamske skriuwer Hugo Claus. Dêr kaam er oan trochdat syn learaar Spaanske dûns, in Marino Westra, kunde hie oan Claus en dy syn frou, aktrise Sylvia Kristel. Sadwaande mocht De Lint foar de rol audysje dwaan yn in leech Keninklik Teäter Carré yn Amsterdam, yn in dekôr fan it stik Cyrano de Bergerac, foar Claus sels en Guus Oster. Neitiid sei Oster tsjin him: "Kinst skielk yn elts gefal sizze dat dyn karriêre begûn is yn Carré."

Nei in lyts roltsje yn it Amerikaanske tillefyzjeprogramma The Rocky Horror Show en in pear rollen yn Nederlân dy't net folle mear as figuranteroltsjes wiene, mocht De Lint yn 1976 audysje dwaan foar ien fan 'e haadrollen yn 'e film Soldaat van Oranje, fan regisseur Paul Verhoeven. Foarôf hied er in petear mei produksje-assistinte Ineke van Weezel, dy't him fertelde dat it in projekt fan ƒ5 miljoen wie, en dêrmei de djoerste Nederlânske film ea. De Lint skrok him dea, waard sa senuweftich as wat, en ferprutste de audysje. Mar Van Weezel en filmprodusint Rob Houwer hiene him yn Thuis sjoen en wiene fan syn spyljen ûnder de yndruk. Sadwaande krige er yn 1977 dochs de rol fan Alex yn Soldaat van Oranje. Dat bestjutte foar De Lint daliks syn Nederlânske trochbraak.

Nei Soldaat van Oranje hie De Lint yn 1979 de haadrol yn 'e film Kort Amerikaans, nei de roman mei deselde namme fan Jan Wolkers. Koart nei't dy film útkaam, hie De Lint in moeting mei Paul Verhoeven, dy't him frege en doch audysje foar de rol fan Rien yn syn nije film Spetters. Doe't er dat dien hie, sei Verhoeven tsjin him dat er de rol hie, mar in pear dagen letter krige er in bryfke fan Hans Kemna, de assistint fan Verhoeven, dêr't yn stie dat Kort Amerikaans harren film foar de fuotten rûn, en dat se fierders net mear mei De Lint gearwurkje woene.

Nettsjinsteande dy snútslach wie it begjin fan 'e jierren '80 in súksesfolle tiid foar De Lint. Hy spile yn bekende dramasearjes as Herenstraat 10 (1983) en Willem van Oranje (1984), en yn grutte Nederlânske films, lykas Van de Koele Meren des Doods (1982) en Bastille (1984). Dy lêste film wie basearre op in boek fan skriuwer Leon de Winter, en De Lint hie de rol fan Paul de Wit, in 37-jierrige Joadske Amsterdamske skiednisdosint dy't hjitfolge wurdt troch de oantins oan syn yn 'e Holokaust fermoarde famylje. Yn 1986 hie De Lint yn it mei in Oskar foar bêste bûtenlânske film bekroande De Aanslag noch sa'n grutte rol, en dat wie wer ien dy't weromsloech op 'e Twadde Wrâldoarloch. De film wie basearre op 'e roman De Aanslag, fan Harry Mulisch, en De Lint spile Anton Steenwijk, dy't as jonge troch in oanslach fan it ferset op in kollaborateur by harren foar de doar syn âlden en broer kwytrekke is oan in repressaille fan 'e besetter.

Hoewol't De Lint al earder yn it bûtenlân wurke hie, krige er troch De Aanslag in beskate bekendheid yn ynternasjonale filmfermiddens. Dêrop fuortbouwend hied er yn 1987 in lyts roltsje yn 'e komeedzjefilm Three Men and a Baby, spile er datselde jiers yn 'e film Mascara, mei Charlotte Rampling, en yn 1988 hied er in rol yn Philip Kaufman syn The Unbearable Lightness of Being, mei Daniel Day-Lewis en Juliette Binoche, oer de Praachske Maityd fan 1968, nei in boek fan Milan Kundera. Yn Nederlân wie De Lint yn lettere jierren noch te sjen yn films as Rituelen (1989) en Lang Leve de Koningin (1995), mar fierders wurke er yn 'e 1990-er jierren benammen yn 'e Feriene Steaten.

De Lint mei Tingue Dongelmans yn Kort Amerikaans, út 1979.

Dêr hied er yn it tillefyzjeseizoen 1989-1990 10 ôfleverings lang in weromkearende rol as dokter Gerard Bernard, de frijer fan haadrolspylster Dana Delany yn 'e dramasearje China Beach. Ek spile er de Russyske KGB-agint Abramov yn 'e tillefyzjefilm The Endless Game (1990), en hied er as Bertrand de Roujay de haadrol yn 'e seisdielige minysearje The Free Frenchman (1989), oer in briljante Frânske aristokraat dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekket by it Frânske ferset. Yn 1991 waard De Lint cast yn 'e (haad)rol fan Conner Macleod yn 'e rige Highlander: The Series, mar om ûndúdlike redens loek er him út dat projekt werom. Yn 1994 hied er in gastrol yn in ôflevering fan 'e Amerikaanske plysjesearje NYPD Blue.

De rol wêrmei't De Lint yn it bûtenlân de measte bekendheid wûn, wie dy fan Derek Rayne, yn 'e searje Poltergeist: The Legacy, dy't fjouwer seizoenen rûn, fan 1996 oant 1999. Nei de iuwwiksel spile er benammen yn tillefyzjesearjes, sawol Amerikaanske as Nederlânske. Sa hied er gastrollen yn 'e plysjesearjes NCIS en Baantjer, spile er yn 'e westernminysearje Into the West, en wied er ek te sjen yn The L Word, Bloedverwanten en Silent Witness. Fan 2006 oant 2009 fertolke er de rol fan dokter Ed Rossi yn 'e dramasearje Gooische Vrouwen, in rol dy't er op 'e nij spile yn 'e films Gooische Vrouwen (2011) en Gooische Vrouwen 2 (2014). Fierders hied er yn dyselde tiid rollen yn 'e Nederlânske films Zwartboek (2006) en De Brief voor de Koning (2008).

Yn 'e film Nova Zembla (2011), oer de oerwintering op Nova Zembla, spile De Lint de Skylger seefarder Willem Barents. Yn 2013 hied er in rol yn 'e film Tula: The Revolt, oer de slave-opstân fan 'e histoaryske Kurasauske slavelieder Tula. Yn 2016 wie De Lint as stimakteur belutsen by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e Amerikaanske tekenfilm The Secret Life of Pets. Yn 2015 wie De Lint te sjen as Johan Kievit yn 'e histoaryske film Michiel de Ruyter fan regisseur Roel Reiné, oer de santjinde-iuwske seeheld Michiel de Ruyter. Yn 2018 wurke er fannijs gear mei Reiné, doe't er de rol fan 'e ferrieder Eibert hie yn 'e aventoerefilm Redbad, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme.

Derek de Lint is sûnt 1979 troud mei Dorith Jessurun.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1976Baroccopropagandaman #1
1977BlindgangersMark
1977Soldaat van OranjeAlex
1978Dag DokterTheo van Delft
1979De Grens?koarte film
1979Kort AmerikaansErik van Poelgeest
1979Dat Moet Toch Kunnen?
1980The Lucky Starluitenant Steiner
1981Come-BackVriend Marij
1982Van de Koele Meren des DoodsRitsaart
1983Een Zaak van Leven of DoodJack de Graaf
1984BastillePaul de Wit / Nathan Blum
1985Mata Hariknappe reizger
1986De AanslagAnton Steenwijk
1987MascaraChris Brine
1987Dagboek van een Oude DwaasPhilippe
1987Three Men and a BabyJan Clopatz
1988Stealing HeavenAbelard
1988The Unbearable Lightness of BeingFranz
1989RituelenInni Wintrop
1992Die Sonne über dem DschungelPeter
1993AngiePeter Koudbier
1994Venti dal SudPeter
1995Affair PlayAlex Witsen
1995Lang Leve de KoninginBob Hooke (heit fan Sara)
1995All Men Are MortalBertus
1998Deep Impactynterviewde astronoom op 'e tillefyzje  cameo
2000The Artist's Circle?koarte film
2001Soul AssassinKarl Jorgensen
2001Mon Amour, Mon Parapluieswalkerkoarte film
2001SuperstitionAllessandro Censi
2002Tom & ThomasBancroft
2003The Big CharadeVlad
2006Moonlight SerenadeTerence Hill
2006When a Stranger Callsdokter Mandrakis
2006ZwartboekGerben Kuipers
2008De Brief voor de Koningkening Dagonaut
2010Villa JoséphineLevikoarte film
2011AnatoleAnatole Deiblerkoarte film
2011Gooische Vrouwendokter Ed Rossi
2011Nova ZemblaWillem Barents
2011All That Way for LoveCasper / oareheltekoarte film
2011U & Eyetimmermankoarte film
2012Tears of SteelAlde Thom
2012Insensiblesdokter Holzmann
2013Midden in de Winternachtde krystman
2013ValentinoKarel
2013DaglichtTwan van Benschop
2013Tula: The Revoltbaron Van Westerholt
2013Aan de Overkant?koarte film
2014Gooische Vrouwen 2dokter Ed Rossi
2014SnijbonenJuleskoarte film
2015Michiel de RuyterJohan Kievit
2015Code Mpake Ber
2016The White KingSilver Hair
2016FamilieweekendPieter
2016The Secret Life of PetsTiberiusas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2018RedbadEibert
2018Spider-Man: Into the Spider-VerseKingpin
2019Lilimankoarte film
20??The Blue MauritiusJack Bernard
tillefyzje
1978Uit de Wereld van Guy de Maupassant: De Vlieg?tillefyzjefilm
1978Kant aan m'n Broekluitenant Chamirouxweromkearende rol; 4 ôfl.
1979Voor Koningin en VaderlandAlexminysearje
1984Willem van Oranjekening Hindrik II fan Frankryk   minysearje
1983Dolly DotsMike Burger / Maarten Flickweromkearende rol; 4 ôfl.
1983Herenstraat 10Karel van Laarminysearje
1985SlippersRobtillefyzjefilm
1986–1987Dossier VerhulstEric Hooglandminysearje
1988The Great Escape II: The Untold Storydokter Thosttillefyzjefilm
1989The Free FrenchmanBertrand de Roujayminysearje
1989–1990China Beachdokter Gerard Bernardweromkearende rol; 9 ôfl.
1990The Endless GameAbramovgastrol; ôfl. 1.2
1990Burning BridgesGus Morgantillefyzjefilm
1991Mountain of DiamondstillefyzjefilmLothar de la Rey
1992SecretsPaul Rodierminysearje
1993Civil Wars?gastrol; ôfl. A Liver Runs Through It
1993RememberCharles Devereauxtillefyzjefilm
1994PointmanJacob Razaktillefyzjefilm
1994NYPD BlueSergegastrol; ôfl. Serge the Concierge
1994A Perry Mason Mystery: The Case of the Lethal Lifestyle  dokter Estestillefyzjefilm
1995Eindeloos Levenboargemastergastrol; ôfl. Oude Botten Breken Niet
1996The Little RidersDirk Petersentillefyzjefilm
1997The Man Who Made Husbands JealousRoberto Rannaldiniminysearje
1999The Outer Limitssinturion Sulat Raygastrol; ôfl. Star Crossed
1996–1999Poltergeist: The Legacydokter Derek Raynefêste rol; 87 ôfl.
2000The Outer LimitsCarl van der Meergastrol; ôfl. Breaking Point
2002Mevrouw de Ministerpremier Staalminysearje
2002AliasGerard Cuvéegastrol; ôfl. Passage: Part 2
2003Veritas: The Questlieder grize mannengastrol; ôfl. Reunion
2003BaantjerGeorges van Baarengastrol; ôfl. De Cock en de Moord met een Swing
2004NCISdokter Stephen Brauergastrol; ôfl. Left for Dead
2004Dunya en Desiemenear Goversgastrol; ôfl. Persoonlijke Vragen
2005The L WordManfredi Ferrergastrol; Lap Dance
2005Into the Westpredikant Hobbesminysearje
2005–2009Gooische Vrouwendokter Ed Rossifêste rol; 42 ôfl.
2008 & 2010DeadlineRogier Lankhorstweromkearende rol; 24 ôfl.
2010–2014BloedverwantenAnton Zwagerfêste rol; 32 ôfl.
2011Silent WitnessNederlânske ambassadeurgastrol
2013Sinterklaasjournaalmenear Zilverwerkgastrol; ôfl. 2013 nû. 4
2015Flikken MaastrichtPeter Fonteingastrol; ôf. Het Dispuut
2015Crossing LinesVictor DuBoisgastrol; ôfl. Obscura
2016Zwarte TulpNick de Ruyterminysearje
2018Berlin Stationde âlde Henrik Viidinggastrol; ôfl. Aut Concilio Aut Ense
2019GeubWilliam van Bronckhorstminysearje
2019Redbad: The LegendEibertminysearje

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.