Guus Oster

Ut Wikipedy
Guus Oster
akteur
Guus Oster (1965)
Guus Oster (1965)
persoanlike bysûnderheden
echte namme August Wilhelm Oster
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 septimber 1915
berteplak Rotterdam
stoarn 19 april 1984
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1937-1979
Ko van Dijk en Guus Oster yn Oscar (1960)

August Wilhelm (Guus) Oster (Rotterdam, 9 septimber 1915 - Amsterdam, 19 april 1984) wie in Nederlânsk akteur en produsint.

Oster wie fan 1942 oant 1953 troud mei kollega-aktrise Ank van der Moer (har twadde boask). Hja krigen op 17 novimber 1942 in dochter, Annemarie Oster. Presintator Fred Oster is in neef fan him.

Yn 1972 en 1973 wie er tegearre mei Sonja Barend presintator fan it telefyzjeprogramma Sterallures. Oster wie 1974 de opfolger fan Karel Wunnink as direkteur fan Keninklik Teater Carré, in funksje dy't er hie oant syn ferstjerren yn 1984.

Yn it Kiekeboealbum Kiekeboe in Carré hat er in kameo as "Guust Oester".

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]