Springe nei ynhâld

Deep Impact (film)

Ut Wikipedy
Deep Impact
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Mimi Leder
produsint David Brown
Richard D. Zanuck
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
senario Bruce Joel Rubin
Michael Tolkin
kamerarezjy Dietrich Lohmann
muzyk James Horner
filmstudio Paramount Pictures
DreamWorks Pictures
The Manhattan Project
Zanuck/Brown Productions
distribúsje Paramount Pictures (Noard-Am.)
United Internat. Pictures (ynternasj.)
spilers
haadrollen Téa Leoni
Robert Duvall
Elijah Wood
byrollen Morgan Freeman
Leelee Sobieski
Ron Eldard
Laura Innes
Mary McCormack
Blair Underwood
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 maaie 1998
foarm langspylfilm
sjenre rampefilm
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $349,5 miljoen

Deep Impact is in Amerikaanske rampefilm út 1998 ûnder rezjy fan Mimi Leder, mei yn 'e haadrollen Téa Leoni, Robert Duvall en Elijah Wood. De titel is in wurdboarterij, mei't it sawol "Djippe Ynslach" as "Yngeande Ynfloed" betsjutte kin. It ferhaal folget trije persoanen: Leo Beiderman, in skoaljonge dy't as amateur-astronoom in mânske asteroïde ûntdekt dy't rjocht op 'e Ierde takomt; Jenny Lerner, in ferslachjouster foar in Amerikaansk tillefyzjenetwurk dy't de geheime tariedings op it spoar komt dy't de Amerikaanske oerheid foar de kommende ynslach makket; en kaptein Spurgeon "Fish" Tanner, in âlde astronaut dy't belutsen is by in romtefeartmisje om it neieroankommende ûnheil te kearen. Deep Impact krige fan 'e filmkritisy tuskenbeiden oant negative resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film kaam út yn deselde simmer dat ek Armageddon yn 'e bioskopen draaide, in film mei itselde tema. Hoewol't Armageddon kommersjeel súksesfoller wie, waard Deep Impact troch astronomen omskreaun as wittenskiplik akkurater.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Richmond, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, organisearret de astronomyklub fan in middelbere skoalle in nachtlike stjerrewaarnimming. Skoaljonge Leo Beiderman wurdt dêrby in ljochte stjer gewaar, dy't er net teplakbringe kin. Hoewol't syn buorfamke en faam Sarah Hotchner de gek mei him hat, makket er der in foto fan, dy't er opstjoert nei de renommearre astronoom dr. Marcus Wolf, yn Tucson, yn Arizona. As dyselde him yn 'e saak ferdjippet, sjocht er daliks dat it net om in stjer giet, mar om in komeet, dy't er nei himsels en Leo de namme "Wolf-Beiderman" jout. Hy lit de kompjûter útrekkenje wêr't de komeet hinne giet en kriget dan de skrik fan syn libben as de útkomst is dat er nei in bocht om 'e sinne hinne streekrjocht op 'e Ierde takomme sil.

Wolf besiket de autoriteiten te warskôgjen, mar syn server leit plat. Dat, hy stapt yn 'e auto om syn ûntdekking yn persoan oan 'e ferantwurdlike oerheidsynstânsje oer te bringen. In kombinaasje fan in smelle, bochtsjende berchwei, in astronoom dy't ûnder it autoriden mei syn mobile tillefoan omprutst en in temjitte kommende frachtwein bestjoerd troch in sjauffeur dy't op in krityk momint syn sigaret falle lit, soarget lykwols foar in ferkearsûngemak dêr't Wolf by omkomt ear't er immen warskôgje kinnen hat.

In jier letter docht sjoernaliste Jenny Lerner, dy't as ferslachjouster foar it Amerikaanske tillefyzjenetwurk MSNBC wurket, ûndersyk nei it hommels ôftreden fan 'e Amerikaanske minister fan Finânsjes Alan Rittenhouse. De offisjele ferklearring is dat Rittenhouse syn frou siik wêze soe, mar neffens Jenny har boarnen is hja oanhelle mei alkoholisme sûnt Rittenhouse syn jonge soan inkele jierren earder ferstoarn is. Jenny hat dit ûnderwerp taparte krige om't se as begjinnend ferslachjouster ûnderoan de pikoarder stiet. Se freget har ôf oft hjir eins wol in ferhaal yn sit. Nettsjinsteande dat begjint se te dollen.

As se de eardere sekretaresse fan Rittenhouse fynt, dy't wrok tsjin 'e minister koesteret om't se fanwegen syn ôftreden wurkleas wurden is, kriget se te hearren dat de minister in mêtresse hie dy't Ellie hiet en dêr't er tige geheimsinnich oer die, sasear dat it krekt de oandacht loek. De sekretaresse wit ek te melden dat presidint fan 'e Feriene Steaten Tom Beck fan 'e affêre fan Rittenhouse op 'e hichte wie, mei't se de minister ris trappearre hie doe't er it yn in tillefoanpetear mei de presidint oer Ellie hie.

Jenny riddenearret dat Rittenhouse opstapt wêze moat om't syn oerhoer op it punt stie om út te kommen en hy in skandaal foar wêze woe. Se siket de âld-minister by syn fakânsjehûs oan see op, dêr't se gewaarwurdt dat Rittenhouse drinkwetter en oare foarrieden hamstere hat en risselwearret om mei frou en dochter ôf te setten op syn syljacht. Se seit tsjin Rittenhouse dat se wit fan Ellie. De âld-minister wol net mei har prate, mar neamt de kwestje al "it wichtichste ferhaal datst ea ferslaan silst". Jenny begrypt dêr neat fan, oant se op 'e weromweis beseft dat Ellie de mêtresse fan 'e presidint wêze moat.

Noch foar't se wer yn Washington, D.C. is, wurdt Jenny fan 'e dyk twongen troch in stikmannich auto's dêr't spesjaal aginten fan 'e federale resjerzje FBI yn blike te sitten. Se wurdt by presidint Beck en dy syn adviseur Morten Entriken brocht. Hoewol't se beart dat se alles fan 'e saak ôfwit, wurdt it har al rillegau dúdlik dat se eins gjin idee hat wat der oan 'e hân is. Beck freget har 48 oeren te wachtsjen mei it bringen fan it ferhaal en biedt Jenny yn ruil dêrfoar in plak oan op 'e foarste rige by de parsekonferinsje dêr't er alles bekendmeitsje sil. Sy giet dêrmei akkoart, mar betinget dat sy as earste in fraach stelle mei. Werom op har kantoar beslút se dat "Ellie" wat folslein oars wêze moat as dat se tocht. Se trochsiket it ynternet en ûntdekt dat ELE, mei deselde útspraak, in ôfkoarting is foar extinction-level event, oftewol in ramp dy't sa grut is dat it fuortbestean fan 'e minskheid faai komt te stean.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Twa dagen letter hâldt presidint Beck in parsekonferinsje, wêrby't er bekend makket dat der in komeet, Wolf-Beiderman, mei in trochsneed fan 11 km en in gewicht fan 500 miljard ton, op koers leit om oer rûchwei in jier frontaal yn botsing te kommen mei de Ierde. As dat bart, soe dat it útstjerren fan 'e minskheid en alle oare libben op 'e hiele planeet feroarsaakje kinne. Dêrom binne de Feriene Steaten, nei't de komeet ûntdutsen waard, yn gearwurking mei de Russyske Federaasje úteinset mei de bou, yn in baan om 'e Ierde, fan it grutste romteskip dat ea makke is: de Messiah ("Messias"). It is de bedoeling dat in lytse groep krigele astronauten dêrmei nei Wolf-Beiderman ta reizgje sille om op 'e komeet te lânjen, gatten yn it oerflak te boarjen en dêryn in trijetal kearnbommen ta ûntploffing te bringen. De ferwachting is dat de komeet dêrtroch fan syn koers ôf brocht wurde kin.

Nei't Beck syn taspraak beëinige hat, mei Jenny net inkeld de earste, mar ek de twadde fraach stelle, wêrmei't se op slach nasjonale bekendheid kriget. Dat ta argewaasje fan har kollega Beth Stanley, dy't âlder is en mear ûnderfining hat. Jenny har fragen binne lykwols neat bysûnders, oant se freget in trêde fraach stelle te meien. Mei knikkende knibbels wol se fan Beck witte oft it net sa is dat net eltsenien yn syn regear fertrouwen yn it rêdingsplan mei de Messiah hat, en oft it net sa is dat minister Rittenhouse ôftreden is om't er tiid mei syn gesin trochbringe wol foar't de komeet ynslacht. Beck is dan twongen om te befêstigjen dat dat yndie wier is.

Koarte tiid letter set de Messiah ôf, mei oan board in bemanning besteande út fiif Amerikaanske astronauten en ien Russyske kosmonaut. De lieding oer de misje is yn 'e hannen fan luitenant-kolonel Oren Monash. Trije fan 'e oare astronauten, Gus Partenza, Mark Simon en Andrea Baker, binne ûngefear like âld as hy, yn 'e tritich. Datselde jildt foar kolonel Michaïl Tûltsjinski, in Russyske ekspêr op it mêd fan nukleêre wapens. It fyfde lid fan 'e misje is kaptein Spurgeon "Fish" Tanner, in op jierren reitsjende widner fan tsjin 'e santich, dy't de lêste man is dy't noch op 'e moanne rûn hat. Hy is oan 'e misje tafoege om't er as iennichste ea earder in romteskip op in bûtenierdsk himellichem lâne hat. Yn 't earstoan is der wat spanning tusken de jongere astronauten en de âldere Tanner, mar mei't se allegearre professionals binne, hat dat gjin ynfloed op harren wurk.

Nei in reis fan fiif moannen wit de Messiah sûnder grutte swierrichheden Wolf-Beiderman te berikken, dêr't Tanner it romteskip op it oerflak fan 'e komeet lânet. Monash, Partenza, Simon en Tûltsjinski geane yn romtepakken nei bûten ta en boarje mei spesjaal ûntwikkele boaren dy't oan 'e kearnbommen fêstmakke binne trije gatten oant op grutte djipte. De put duorret lykwols langer as foartiid tocht wie, mei as gefolch dat de stadich om syn eigen as draaiende komeet dat diel fan syn oerflak wer nei de sinne ta keart. Monash, dy't syn fizier net op 'e tiid omleech kriget, rint dêrtroch brânwûnen oan syn gesicht op en rekket blyn. Partenza wurdt ûnderweis werom nei de Messiah troch in eksplosive útstjit fan superferhjitte gassen út it oerflak fan 'e komeet de romte yn blaasd. Mei Simon, Tûltsjinski en Monash wer oan board, makket de Messiah him út 'e fuotten en wurde de bommen ta ûntploffing brocht. Mar oars as dat hope wie, bringt de nukleêre eksploazje de komeet net fan koers. Ynstee wurdt de komeet yn twaen spjalten yn in foaropgeand lytser brokstik, dat Beiderman komt te hjitten, en it folgjende meastepart fan 'e komeet, dat Wolf neamd wurdt.

Presidint Beck makket yn in taspraak op 'e tillefyzje oan 'e Amerikanen en de widere wrâld bekend dat de Messiah-misje mislearre is: beide dielen fan 'e komeet binne noch altyd ûnderweis nei de Ierde en sille oer likernôch in healjier ynslaan. Hy fertelt dat der in Plan B bestiet om 'e komeet fan koers te bringen troch de ynset fan alle mei kearnbommen tariste ynterkontinintale ballistyske raketten dy't de Feriene Steaten en Ruslân hawwe, mar dêrfoar moatte Beiderman en Wolf earst folle tichter by de Ierde komme. Underwilens kundiget Beck de steat fan belis ôf. Foar it gefal dat ek de ynset fan 'e raketten mislearret, hat de presidint yn 'e lêste oardel jier in stelsel fan tunnels en keamers útholje litten yn 'e sêfte kalkstienheuvels fan Missoery. Hy neamt dat tunnelstelsel "de Ark" neamt (nei de Ark fan Noäch). Dêr sille eksimplaren fan safolle mooglik planten en bisten opslein wurde, en der kinne boppedat 1 miljoen minsken ferskate jierren lang beskûl fine, oant it ierdoerflak wer bewenber is. Fan dy miljoen lju binne 200.000 preselektearre: politisy, wittenskippers, yngenieurs, skriuwers, keunstners, militêren en oaren dy't net mist wurde kinne. Foar de oare 800.000 plakken sil in nasjonale lotterij holden wurde, dêr't lykwols minsken fan boppe de fyftich net oan mei dwaan kinne.

Leo Beiderman, syn âldelju en syn jongere suske binne preselektearre by wize fan tank foar syn earste waarnimming fan 'e komeet. Dat pleatst Leo, dy't hâldt fan syn faam Sarah, foar in aaklik dilemma. Hy lost it op troch mei har te trouwen, mei't de húshâlding fan preselektearre lju automatysk ek preselektearre is. Dêrnei brûkt er syn nijwûne ferneamdens as de ûntdekker fan 'e komeet om Sarah har heit en har mem, dy't op alle dagen rint, ek talitten te krijen ta de Ark. Mar as de dei komt dat se ophelle wurde om nei Missoery oerbrocht te wurden, blike Sarah har âlden net op 'e list te stean fan minsken dy't mei meie. Dêrop kiest Sarah derfoar om by har heit en mem te bliuwen, wylst Leo mei syn âlden en suske nei Missoery reizget. By oankomst yn 'e Ark beseft er lykwols dat er in misse set begien hat om't er net sûnder Sarah libje kin. Hy giet lykme-allinne werom nei Firginia om har op te heljen.

Jenny Lerner is ek preselektearre as in lanlike ferslachjouster dy't it fertrouwen fan 'e befolking hat. Har mem Robin, in skieden allinnichsteande âldere frou dy't omreden fan har leeftyd net yn oanmerking kaam om oan 'e lotterij diel te nimmen, makket harsels fan kant. Jenny jout har fan har ferfrjemde heit Jason dêr de skuld fan, om't dy (al jierren lyn) har mem yn 'e steek litten hie om mei in jongere frou te wertrouwen. As Jason mei har besiket te praten, stegeret se him ôf en seit se dat se harsels no as wees beskôget. Letter siket har heit har op har wurk op en jout har in pear foto's dy't har mem nommen hat fan Jenny en Jason oan it boartsjen op it strân by harren fakânsjehûs oan see, doe't Jenny fiif jier wie. Hy wol har dêrmei tebinnenbringe dat se wier wol in heit hat, mar sy hâldt út dat dy deis har net mear heucht.

Wannear't Beiderman en Wolf de Ierde nei-oan genôch kommen binne, wurde de ynterkontinintale ballistyske raketten ôffjurre, mar ek dêrmei kinne de beide dielen fan 'e komeet net fan koers brocht wurde. Presidint Beck ferskynt fannijs op 'e tillefyzje om 'e Amerikanen dat ûnwolkomme nijs te fertellen. Beiderman sil no mei gauwens ynslaan yn 'e Atlantyske Oseaan, foar de kust fan Noard-Karolina, wêrnei't in reuseftige tsûnamy fan 1.200 m heech op 'e kusten fan Noard- en Súd-Amearika, Jeropa en Afrika slaan sil. Alle kuststêden moatte dan as ferlern beskôge wurde. It folle gruttere Wolf sil trije oeren letter ynslaan yn it westen fan Kanada en dêrby sa'n moude yn 'e atmosfear opstowe litte dat der twa jier lang gjin sinneljocht wêze sil. Dat betsjut dat alle planten mei fjouwer wiken dea wêze sille en alle bisten yn heechút in fearnsjier.

Underwilens is de fergetten Messiah-misje weromkeard yn 'e neite fan 'e Ierde. It romteskip hat noch fjouwer reservekearnbommen oan board en Tanner, oan wa't de lieding oer de misje ta fallen is troch de blinens fan Monash en de dea fan Partenza, hat ûnderweis werom in plan betocht. Hy ornearret dat se neat tsjin 'e lytsere komeet, Beiderman, dwaan kinne. Mar de gruttere, Wolf, hat oan 'e foarkant troch ynfloed fan 'e sinne in reuseftich gat dat trochrint oant djip yn it binnenste fan 'e komeet. Tanner slacht de oare astronauten foar om 'e Messiah dêr sa djip mooglik yn te fleanen en de fjouwer kearnbommen tagelyk ta ûntploffing te bringen. Dat soe fan 'e grutte komeet neat oars as stientsjes en stof oerlitte moatte. Hoewol't folslein dúdlik is dat it in selsmoardmisje wêze sil, geane Monash, Andrea, Simon en Tûltsjinski dermei akkoart om 'e Ierde te rêden. Tanner freget de koades foar de fjouwer kearnbommen op by de NASA.

As de tiid komt foar Jenny om mei inkele oare lokkige ferslachjouwers mei de helikopter út Washington, D.C. wei yn feilichheid brocht te wurden, siket se earst de foto's op dy't har heit har brocht hie. Underweis nei de helikopter op it dak sjocht se har kollega Beth mei har jonge dochterke yn 'e kres fan it gebou sitten. Hja wie útlotte foar de helikopter en soe besykje mei de auto de stêd út te kommen, mar alle wegen binne ferstoppe en no wachtet se hjir op 'e dea. Jenny nimt har mei nei de helikopter en stiet har eigen plak oan Beth en har bern ôf. Dêrnei riidt se yn har auto de ferkearde kant út, nei har heite fakânsjehûs oan see. Se arrivearret dêr noch op 'e tiid om him op it strân te finen en him te fertellen dat se wier noch wol wit fan dy deis fan 'e foto's op it strân. Mei-inoar fermoedsoene sjogge se ta hoe't Beiderman ynslacht yn see, oant de foarseine tsûnamy opkomt en har beiden ferswolget.

Leo berikt ûnderwilens Richmond, dêr't er it hûs fan 'e Hotchners ferlitten oantreft. Hy stelt de crossmotor fan Sarah har heit en jaget dêrmei wer ta de stêd út, tusken de yn in ûneinige file steande auto's troch. Lang om let fynt er de Hotchners dêr stilsteand middenmank alle oare ferkear. Sarah har heit en mem beslute dat Sarah no daliks útpike moat mei Leo, en se jouwe de bern harren poppe, Sarah har lytse bruorke, mei. Op 'e motor ûntkomme Leo, Sarah en de poppe nei it foarlân fan 'e Appalachen, dêr't se op in stuit de motor efterlitte om geandefoets fierder. Leo skuort de mei de poppe beladen Sarah by de heuvels op oant se heech genôch reitsje om oan 'e tsûnamy te ûntkommen. Sarah har âlden komme lykwols om as de meunsterweach oer de file hinne spielt.

Yn 'e romte rjochtet de bemanning fan 'e Messiah it romteskip op 'e komeet Wolf, wylst se fia in fideokonneksje ôfskie nimme fan harren famyljes yn it kontrôlesintrum fan 'e NASA. Se fleane it reuseftige gat yn 'e komeet binnen sa djip as se kinne en bringe de fjouwer kearnbommen ta ûntploffing. Wolf wurdt finaal útinoar riten, en it pún en stof dat oerbliuwt soarget foar in spektakulêre, mar ûnskealike 'fjoerwurkshow' as it de atmosfear fan 'e Ierde ynkomt en opbrânt ear't it it planeetoerflak berikke kin.

Nei't it wetter fan 'e tsûnamy him tebeklutsen hat, begjint de weropbou. Tsientallen miljoenen minsken binne omkommen, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar oeral by de kusten fan 'e Atlantyske Oseaan lâns. Yn in taspraak foar it ferwoastge Kapitoal yn it fuortspielde Washington, D.C. ropt presidint Beck de Amerikanen op om 'e slachtoffers net te ferjitten, mar tagelyk foar it ferstân te hâlden dat it helte minder kinnen hie.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Téa Leoni.
Robert Duvall.
Elijah Wood (yn 2005).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jenny Lerner Téa Leoni
kaptein Spurgeon "Fish" Tanner Robert Duvall
Leo Beiderman Elijah Wood


byrollen
personaazje akteur/aktrise
presidint fan 'e Feriene Steaten Tom Beck Morgan Freeman
Sarah Hotchner, Leo syn faam Leelee Sobieski
astronaut Oren Monah Ron Eldard
Beth Stanley, in kollega fan Jenny Laura Innes
austronaute Andrea "Andy" Baker Mary McCormack
astronaut Mark Simon Blair Underwood
Jason Lerner, Jenny har heit Maximilian Schell
kosmonaut Michaïl Tûltsjinski Aleksandr Balûjev
austronaut Gus Partenza Jon Favreau
Robin Lerner, Jenny har mem Vanessa Redgrave
Otis "Mitch" Hefter, sjef Misjeflecht by de NASA Kurtwood Smith
Don Beiderman, Leo syn heit Richard Schiff
Ellen Beiderman, Leo syn mem Betsy Brantley
Morten Entriken, presidinsjeel adviseur O'Neal Compton
astronoom Marcus Wolf Charles Martin Smith
minister fan Finânsjes Alan Rittenhouse James Cromwell
Vicky Hotchner, Sarah har mem Denise Crosby
Chuck Hotchner, Sarah har heit Gary Werntz
Bruce Weitz, Jenny har baas Stuart Caley
Eric Vennekor, in kollega fan Jenny Dougray Scott
Tim Urbanski, in kollega fan Jenny Mark Moses
ynterviewde astronoom op 'e tillefyzje Derek de Lint (cameo)
Mike Perry, Leo syn learaar Mike O'Malley
generaal Scott Francis X. McCarthy
Wendy Vogel, ferloofde fan Mark Simon Kimberly Huie
Mariette Monash, frou fan Oren Monash Jennifer Jostyn
David Baker, man fan Andy Baker Charlie Hartsock

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De woartels fan Deep Impact lizze yn 'e 1970-er jierren, mear as tweintich jier foar't de úteinlik film makke wurde soe. Filmprodusinten David Brown en Richard D. Zanuck stelden doe oan 'e grutte filmstudio Paramount Pictures foar om in remake te meitsjen fan When Worlds Collide, út 1951, oer in asteroïdeynslach op 'e Ierde. Der waard úteinset mei de preproduksje, mar hoewol't se ferskate senario's skriuwe lieten, wiene Brown en Zanuck mei net ien fan allegearre botte gelokkich. Fan gefolgen bleau de remake tweintich jier yn dat stadium stykjen.

Mids 1990-er jierren sochten Brown en Zanuck, oangeande harren remake, kontakt mei Steven Spielberg, waans trochbraakfilm Jaws hja yn 1975 produsearre hiene. Spielberg hie lykwols yn 1993 de filmrjochten oankocht op 'e roman The Hammer of God, fan skriuwer Arthur C. Clarke, dy't deselde tematyk hat. Hy wie fan doel om 'e ferfilming fan dat boek sels te produsearjen en regissearjen foar syn doe noch net sa lang besteande filmstudio DreamWorks Pictures. Doe't Brown en Zanuck by him kamen mei harren idee, besleaten se de beide projekten mei-inoar te ferranen.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deep Impact waard sadwaande yn 1995 oankundige as "basearre op 'e film When Worlds Collide en de roman The Hammer of God fan Arthur C. Clarke". It senario waard skreaun troch Bruce Joel Rubin. Doe't dat letter dochs net bliek te foldwaan, eide Michael Tolkin it nochris oer. It úteinlike senario wiek safolle fan 'e beide oankundige boarnen ôf, dat eltse ferwizing dêrnei yn 'e ôftiteling fan 'e film fuortlitten waard, ta argewaasje fan Clarke. Steven Spielberg wie noch altyd fan doel om sels as regisseur te fungearjen, mar dat waard tsjinkeard troch de ferplichtings dy't er hie oan in oare film fan sines, Amistad (1997). Wachtsje oant er dêrmei klear wie, koe net, want Disney-dochter Touchstone Pictures hie krekt de produksje fan Armageddon oankundige, in film mei fierhinne itselde ûnderwerp. Dat as Deep Impact makke wurde soe, dan moast it no heve.

Dêrom keazen Brown en Zanuck foar Mimi Leder as regisseur, wylst Spielberg as útfierend produsint by it projekt belutsen bleau. Foar de film wie in budget beskikber fan $80 miljoen. De produksjestudio's wiene behalven Paramount Pictures en DreamWorks Pictures ek Zanuck/Brown Productions fan Brown en Zanuck en it spesjaal foar dizze film yn it libben roppen The Manhattan Project. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dietrich Lohmann, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner. De makkers fan Deep Impact waarden bystien en advisearre troch ferskate saakkundigen, ûnder wa de astronomen Gene Shoemaker en Carolyn Shoemaker, astronaut David Walker en de eardere direkteur fan it Lyndon B. Johnson Space Center fan 'e NASA Gerald D. Griffin.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Deep Impact waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Paramount Pictures en yn oare lannen en territoaria troch DreamWorks Pictures, dat dy put útbestege oan United International Pictures. De film gie op 8 maaie 1998 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 5 maaie by platemaatskippij Sony Classical Records.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Deep Impact oer it algemien tuskenbeiden oant negative resinsjes. Sa bekritisearren Rita Kempley en Michael O'Sullivan fan The Washington Post wat se seagen as in gebrek oan emoasje yn it aktearjen fan 'e cast en in gebrek oan spanning yn 'e plot. Neffens Elvis Mitchell fan The New York Times hie Deep Impact "in somberder, mear ta neitinken stimmende toan as dat foar dit sjenre gebrûklik is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Deep Impact in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 86 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In tsûnamy fan melodrama ferrinnewearret de kâns fan Deep Impact om 'e memorabele rampefilm te wurden dy't it graach wêze wol." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Deep Impact in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 20 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deep Impact brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $140,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $209 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $349,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $269,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jenny Lerner, it personaazje dat spile waard troch aktrise Téa Leoni, hie oarspronklik foar CNN wurkje sillen, mar CNN wegere om syn namme en logo's yn 'e film brûke te litten om't dat "ûnbetamsum" wêze soe. Konkurrint MSNBC, dy't de film seach as in foarm fan fergese reklame, hie der gjin problemen mei.
  • Regisseur Mimi Leder sei letter yn in fraachpetear dat se graach in wrâldwiid perspektyf yn 'e film opnimme wollen hie troch sênes ta te foegjen dy't sjen lieten wat der yn oare lannen barde. Dat moast lykwols oergean omreden fan it relatyf lege budget fan 'e film en it strakke opnameskema.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.