Springe nei ynhâld

Earmoede

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earmoedich)
In sloppewyk yn Djakarta yn 2004

Earmoede is in oantsjutting foar de sitewaasje fan lju dy't gjin of mar krap materiële besittings of jild hawwe. It is in ferskynsel mei in protte ferskillende fasetten, dat sawol maatskiplike, ekonomyske as politike eleminten omfiemet. Behoeftigens of folsleine earmoede ferwiist nei in brekme oan middels om oan jins earste libbensbehoeften te foldwaan, lykas iten en drinken, klean en ûnderdak. Behoeftigens is in fêst gegeven en stiet los fan jins lokaasje, wylst fan (relative) earmoede sprutsen wurdt as de ynwenners fan in beskaat lân ûnder in fêststeld ynkommensminimum libje moatte, dat per lân (of lânsdiel) ferskilt. Earmoede giet gauris mank mei oare problemen, lykas honger of ûnderfieding, sykten, lichaamlike beheinings, bernestjerte, dakleazens, brekme oan ûnderwiis en/of sûnenssoarch, diskriminaasje, alkoholisme, drugsmisbrûk, húslik geweld en (twongen) prostitúsje.

Earmoede is in ferskynsel dat bestien hat sûnt de minske oerstapte fan in kommunale jager-sammelder-kultuer nei in lânboukultuer, wêrby't eltse boer ferantwurdlik wie foar syn eigen lân. Nei de Yndustriële Revolúsje makke de massaproduksje fan guod yn fabriken de produkten minder djoer en dêrtroch better beskikber. Wichtiger noch wie de yntroduksje fan fernijings yn 'e lânbou, lykas keunstdong, dy't derfoar soargen dat it lân genôch opbrocht om 'e befolking fan iten te foarsjen.

Hjoed de dei is earmoedebestriding ien fan 'e wichtichste doelen fan ynternasjonale organisaasjes lykas de Feriene Naasjes en de Wrâldbank. Strategyen om earmoede út te bannen, meitsje gebrûk fan maatregels as it ynfieren fan wurkleasheids-, arbeidsûngeskiktheids- en âlderdomsútkearings en oare foarmen fan sosjale sekerheid, it oanfiterjen fan ûndernimmerskip, en it oanbieden fan finansjele tsjinstferliening troch bgl. microfinance. It bestriden fan earmoede wurdt faak dreger makke troch ferskynsels as korrupsje, belestingûntwiking troch de riken, skuldelêst, lieningsbetingsten en breinflecht fan heechoplate beropskrêften út 'e sûnenssoarch en it ûnderwiis.

Neffens de Wrâldbank libje der tsjintwurdich wrâldwiid sa'n 700 miljoen minsken yn earmoede, wêrby't útgien wurdt fan in wrâldwide earmoedegrins fan $1,25 deis. Yn 2008 makken earmen yn Afrika besuden de Sahara 47,5% fan 'e befolking út; yn Súd-Aazje 36%; yn East-Aazje en Oseaanje 14,3%; yn Latynsk-Amearika en it Karibysk Gebiet 6,5%; yn it Midden-Easten en Noard-Afrika 2,7%; en yn Jeropa en Sintraal-Aazje 0,5%. Sjoen neffens de wrâldbefolking kaam it persintaazje earmen dêrmei op 22,4% te lizzen. Yn 2015 libbe fierders 13,5% fan alle ynwenners fan 'e Feriene Steaten yn earmoede, neffens gegevens fan 'e Amerikaanske oerheid.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.