Springe nei ynhâld

Klean

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kledaazje)
Klean yn histoaryske perioaden: fan loftsboppen nei rjochtsûnderen: Alde Egyptners, Alde Griken, Romeinen, Byzantinen, Franken en de Jeropeeske hegerein fan 'e 12e oant de 15e iuw.

Klean of kledaazje (ek wol klaaiïng of dracht, hoewol't dy oantsjuttings almeast brûkt wurde foar tradisjonele foarmen fan klean) is in materiaal fan útinoar rinnende stoffen dat op it (minsklik) lichem droegen wurdt yn frijwol alle minsklike kultueren en maatskippijen. De hoemannichte klean dy't droegen wurdt, hinget dêrby ôf fan lichaamlike, sosjale en geografysk-klimatologyske omtinkens. In protte klean is geslachtsspesifyk, en wurdt sadwaande inkeld gaadlik achte foar itsij manlju, itsij froulju. It mei opsetsin net dragen fan klean stiet yn 'e Westerske maatskippij bekend as nudisme of naturisme.

Wannear't de wizânsje om klean te dragen him foar it earst by de minske oppenearre, is net alhiel dúdlik, en boppedat dreech om archeologysk nei te gean, mei't klean yn 'e regel makke binne fan guod dat maklik ferwurdt. In yndikaasje kin lykwols fûn wurde troch it bestudearjen fan luzen. De kleanlús hat him nammentlik spesifyk oanpast oan it libjen yn klean. Om't DNA-ûndersyk útwiisd hat dat dizze soarte lús him likernôch 107.000 jier lyn ôfspjalte fan 'e hollelús, suggerearret dat dat der doedestiden al klean droegen waarden. In oare teory is dat de moderne minske de iennichste oerlibbene soarte is fan ferskate soarten primaten dy't klean droegen, en dat de earste klean mooglik al 650.000 jier lyn ûntstiene.

De haadfunksje fan klean is tige foar de hân lizzend: nammentlik om 'e drager te beskermjen tsjin kjeld. Klean binne ek bedoeld om it komfôr fan 'e drager yn 'e bredere sin te ferbetterjen, net inkeld troch isolaasje tsjin kjeld, mar ek just tsjin hjittens, sinnebrân en wyn. Sadwaande is it sawol yn kâlde as yn waarme klimaten faak wenst om kopdeksels te dragen, lykas in mûtse (kâld klimaat) of in tulbân (waarm klimaat). Yn kâlde klimaten wurde fierders faak ek noch oare klaaiïngsstikken tafoege, lykas in sok, jas, wanten, sjaal en earwaarmers. Sokke klean wurdt dan allinnich bûtendoar droegen en útdien as men yn 'e hûs komt.

Minder wichtige funksjes fan klean hawwe faak te krijen mei maatskippij en kultuer. Dêrby moat men tinke oan yndividuële, beropsmjittige en seksuële ferskillen of oanpassings. Yn in protte maatskippijen galmje klean de sosjale noarmen nei dy't jilde op it mêd fan kekenens (preutsheid), godstsjinst en sosjale status. Yn in protte maatskippijen binne klean faak ek in útdrukking fan persoanlike smaak (of wansmaak) en styl. De kleanyndustry hat dêrop ynspile mei it ferskynsel moade, dêr't men jier oan jier in oare spesifike styl fan klean mei besiket te popularisearjen, sadat de minsken trochgeane mei nije klean oan te skaffen, hoewol't se al mear as genôch hawwe om oan 'e basisnedichheden (isolaasje tsjin 'e eleminten en de sosjale easken ta bedekking fan it lichem) te foldwaan.

Klean wurde fan in grut ferskaat oan stoffen makke. De earste klean bestiene út bistehûden mei it hier der noch oan. Soks wurdt tsjintwurdich bûnt neamd, en tsjin it dragen dêrfan bestiet in protte sosjaal ferset út 'e natoerbeskermingshoeke, mei't der tsjintwurdich genôch oare soarten klean foarhâns binne en it dêrom as dekadint beskôge wurdt om noch bisten dea te meitsjen inkeld en allinnich om der modieus út te sjen. Itselde jildt foar in diel foar lear, dat fan oarsprong eins ûnthierre bistenhûden wiene dy't bewurke wiene troch in leartouwer (hoewol't der tsjintwurdich ek keunstlear bestiet). tradisjoneel wurdt fan lear fral skuonark makke om oan 'e fuotten te dragen, wat ornaris net ta klean rekkene wurdt, mar foar beskate beuzichheden (bgl. motorriden) of foar moadedoelen, wurde ek wol klean fan lear makke. Histoarysk wichtige plantaardige stoffen dêr't klean út makke waarden (en noch wurde), binne flaaks en katoen. Yn 'e tweintichste iuw binne fierders ferskate keunststoffen sterk opkommen foar it meitsjen fan klean, lykas nylon en polyester.

Der binne ferskate soarten klean:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.