Springe nei ynhâld

Huub Stapel

Ut Wikipedy
Huub Stapel
akteur
Stapel yn 2015
Stapel yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hubertus Wijnandus Jozef
   Marie Stapel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 desimber 1954
berteplak Tegelen (Limburch)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Limburchsk
jierren aktyf 1970 – no
offisjele webside
www.huub-stapel.nl

Huub Stapel (folút: Hubertus Wijnandus Jozef Marie Stapel; Tegelen, 2 desimber 1954) is in Nederlânsk akteur en presintator fan Limburchsk komôf. Hy waard yn 'e 1980-er jierren ferneamd mei rollen yn 'e filmproduksjes fan 'e Nederlânske regisseur Dick Maas, lykas de horrorfilms De Lift en Amsterdamned en de komeedzjefilm Flodder. Behalven op it wite doek wied er ek in protte op 'e Nederlânske tillefyzje te sjen, en fierders spile er yn ferskate Dútske en Flaamske searjes. Yn 'e ienentweintichste iuw wie Stapel ek presintator fan ferskate autorubriken.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huub Stapel waard yn 1954 berne yn it Limburchske Tegelen. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, folge er in oplieding ta learaar. Hy joech dramales oan 4 HAVO foar't er karriêre makke as akteur.

Stapel begûn syn aktearkarriêre omtrint 1970 op it toaniel. Yn 1981 wied er foar it earst yn in film te sjen, doe't er in lyts roltsje as NSB-er hie yn Het Meisje met het Rode Haar, ûnder rezjy fan Ben Verbong, oer fersetsstriidster Hannie Schaft. It jiers dêrop hied in lytse rol yn Van de Koele Meren des Doods, en yn 1983 waard er troch regisseur Dick Maas foar it earst yn in haadrol cast yn 'e Nederlânske horrorfilm De Lift. Dêryn hie Stapel de rol fan 'e nijsgjirrige liftmonteur Felix Adelaar, as tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. De Lift betsjutte foar him de trochbraak nei in grutter publyk.

Neitiid spile Stapel yn tillefyzjesearjes as Willem van Oranje en De Weg. Op it wite doek spile er yn 1985 in plysje-ynspekteur yn 'e Frysktalige film De Dream, fan regisseur Pieter Verhoeff. Yn 1986 hied er de rol fan Geert yn Op Hoop van Zegen, nei it boek mei deselde namme fan Herman Heijermans. Datselde jiers kaam ek de film Flodder út, fan regisseur Dick Maas, mei fierders û.o. Nelly Frijda en Tatjana Šimić. It gie oer in asosjale arbeidershúshâlding dy't by wize fan sosjaal eksperimint fan 'e gemeente in wente yn in lúkse fillawyk tawiisd kriget. De film ûntjoech him ta in ûnbidich kommersjeel súkses, en syn fertolking fan âldste soan Johnnie Flodder waard fierwei de bekendste rol fan Stapel syn aktearkarriêre.

Hy spile dyselde rol jitris yn 'e ferfolchfilm Flodder in Amerika!, út 1992, mar hy wie him bewust fan it gefaar fan typecasting, dat yn 'e oare ûnderdielen fan 'e Flodder-franchise (de film Flodder 3 en yn 'e tillefyzjesearje Flodder) liet er it spyljen fan Johnnie oer oan Coen van Vrijberghe de Coningh, dy't de rol op masterlike wize oernaam. Van Vrijberghe de Coningh koe Stapel út 'e films Het Nadeel van de Twijfel (1990) en De Onfatsoenlijke Vrouw (1991), dêr't se tegearre yn spilen. Yn 'e searje Flodder hie Stapel ien kear in gastrol as de krimineel Paolo Marquez yn 'e ôflevering Egotrip út it fyfde seizoen, dy't opnommen waard yn 1997, en yn 1998 foar it earst op 'e tillefyzje kaam.

In oare bekende rol hie Stapel yn 1988 yn 'e horrorplysjefilm Amsterdamned, as de plysjeman Eric Visser, dy't op in searjemoardner jaget dy't kear op kear op grouwélige wize taslacht yn 'e Amsterdamske greften. Syn tsjinspylster yn dy film wie Monique van de Ven, wylst syn dochter spile waard troch in piipjonge Tatum Dagelet. Nei de iuwwiksel hie Stapel rollen yn films as Van God Los (2003), De Dominee (2004), Terug naar de Kust (2009) en Sint (2010). Yn 'e tillefyzjesearje Retour Den Haag fertolke Stapel de rol fan politikus Ed van Thijn. Yn 2007 hied er in gastrol yn 'e plysjesearje Flikken Maastricht, en yn 2012 spile er yn 'e dramarige Moeder, Ik Wil bij de Revu. Behalven yn Nederlân wie Stapel ek yn Dútslân en Flaanderen op 'e tillefyzje te sjen. Sa hied er ferskate gastrollen yn Dútske plysjesearjes, lykas Tatort, SOKO Kitzbühel en Alarm für Cobra 11 – Die Autobahnpolizei, en spile er yn 'e Flaamske searje Windkracht 10.

Fierders wie Stapel njonken sjongster Ellen ten Damme te sjen yn reklamespotsjes foar Zwitserleven. Yn 2013 fertolke er de rol fan (de lettere) kening Willem I by in grutskalige neispiling fan 'e Lâning fan de Prins op it strân fan Skeveningen yn 1813, oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen. Dat waard opfierd ta gelegenheid fan 'e fiering fan it twahûndertjierrich bestean fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Op 16 juny 2014 krige Stapel foar it teäterseizoen 2013/2014 de Johan Kaartpriis takend, dy't útrikt wurdt troch it DeLaMar-teäter yn Amsterdam. Hy krige de priis foar syn rollen yn 'e toanielstikken Mannen Komen van Mars, Vrouwen van Venus en God van de Slachting. Stapel hie yn 2014 ek in rol yn 'e musical Soldaat van Oranje.

Fan jannewaris 2016 ôf wie Stapel wer op 'e Nederlânske tillefyzje te sjen, diskear yn 'e fêste rol fan ofsier fan Justysje Hein Berg yn 'e plysjerige Flikken Rotterdam. Hy spile fierders de rol fan 'e âlde Ruud Lubbers yn 'e fjouwerdielige minysearje Land van Lubbers, dy't yn febrewaris en maart fan datselde jier útstjoerd waard (de jonge Lubbers waard yn deselde rige spile troch Guy Clemens). Yn 2018 wurke Stapel mei oan 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme. Hy fertolke dêryn de rol fan Redbad syn foargonger, kening Aldgillis. Stapel hat ek as stimakteur wurke, û.m. by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e tekenfilm Finding Nemo (2003).

As presintator wie Stapel foar it earst aktyf yn 1998, by it muzykprogramma TAFKAS ("The Artist Formerly Known As Stapel", in ferwizing nei de artystenamme TAFNAP, dy't de Amerikaanske sjonger Prince in skoft brûkte).Mei't er in grut autoleafhawwer is, presintearre er yn 2004 ek de autorubryk Stapel op Auto's. Letter makke er it dêrfan ôflate Stapel in de States, wêryn't er troch de Feriene Steaten reizge en de autokultuer dêr beljochte. Fierders presintearre er yn Foar de TROS en it Belgyske tillefyzjekanaal Eén presintearre er ek it realitytillefyzjeprogramma Oberon. Fan septimber oant ein oktober 2013 presintearre Stapel foar Omrop MAX it programma Max Monumentaal. Yn 2021 died er tegearre mei Wim Daniëls de presintaasje fan 'e seisdielige searje Het Dorp, wêryn't se ferskate doarpen oandiene op 'e siik nei wat der noch oer wie fan it doarpske libben út harren jonkheid. Yn 2020 makke Stapel as presintator en ynsprekker fan in voice-over de dokumintêresearje Langs de Rijn foar Omrop MAX, oer de rivier de Ryn. Dat wie sa'n súkses dat er yn neifolgjende jierren noch trije soartgelikense searjes makke: Langs de Maas (2021), Langs de Kust (2022) en Langs de IJssel (2023).

Stapel (rjochts) mei Gé Reinders.

Ein jierren '80, begjin jierren '90 wie Stapel ek in skoftke aktyf as sjonger. Mei de band Mooder Hellup (in foarrinder fan Minsekinder) naam er in cd op mei it karnavalsferske Och, Was Ik Maar bij Moeder Thuisgebleven. Hoewol't dat earder in lanlike hit wurden wie yn in Nederlânsktalige bewurking fan Johnny Hoes, wie it oarspronklik yn it Limburchsk skreaun troch Thuur Luxembourg en Frans Boermans, as: Och, Waas Ik Maar beej Mooder Toësgebleve. Om't er de Nederlânsktalige ferzje ynstee fan 'e Limburchsktalige songen hie, waard Stapel yn 1993 foar it leagenjen fan syn Limburchsk komôf yn syn berteplak Tegelen feroardiele troch it ludike Kaetelgerich. Mei Gé Reinders song Stapel fierders ek it duët Ja, Ja, Limburgia.

Stapel troude op syn fyftichste jierdei, yn 2004, mar is sûnt wer skieden.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1970 Vertige pour in Tueur figurant Frânske produksje
1981 Het Meisje met het Rode Haar NSB-er
1982 Van de Koele Meren des Doods Herman
1983 De Zwarte Ruiter Floor
1983 De Lift Felix Adelaar
1984 De Schorpioen faandrich
1985 De Dream plysje-ynspekteur
1985 Maria Paolo Pietrosanti
1985 Die Kurve kriegen Jan Dútske produksje
1986 Op Hoop van Zegen Geert
1986 Flodder Johnnie Flodder
1988 Amsterdamned resjersjeur Eric Visser
1990 In the Shadow of the Sandcastle ? Dútske produksje
1991 De Onfatsoenlijke Vrouw Leon
1991 Oh Boy! man yn sportkafee
1991 Zockexpress Dany Dútske produksje
1992 Flodder in Amerika! Johnnie Flodder
1993 Hoffman's Honger Baruch Spinoza
1995 Walhalla Raymond de Feyter
1996 De Zeemeerman Timo Babel
1996 Mortinho por Chegar a Casa Joris
1997 Knockin' on Heaven's Door Frankie "Boy" Beluga Dútske produksje
1998 Widows – Erst die Ehe, dann das Vergnügen Konrad Sommer Dútske produksje
1998 Kai Rabe gege die Vatikankiller Karl Bresser Dútske produksje
1998 Hauptsache Leben Dominik Dútske produksje
1999 Late Show bankdirekteur Dútske produksje
2000 Rent a Friend dhr. Bloedworst
2001 Dial 9 for Love Pieter
2001 Auf Herz und Nieren Nemeth Dútske produksje
2002 ’n Stukje Humor Gerard
2003 Van God Los Herbert Meijer
2003 Verder dan de Maan Mees Werner sr.
2003 Klem in de Draaideur Dato Steenhuis
2003 Finding Nemo Gill as stimakteur; by Nederlânsktalige neisyngronisearring
2004 De Dominee heit fan Klaas
2005 Johan Rinus Dros
2007 SEXtet Bram
2007 Alles is Liefde ?
2008 Het Wapen van Geldrop Piet Veerman
2009 De Nachtmerrie van Ina Post Co van Wonderen
2009 Terug naar de Kust Victor
2010 Oh No! It's a Woman ? Flaamske produksje
2010 Iep! Warre
2010 Smoorverliefd Theo Cremer Flaamske produksje
2010 Sint Sinteklaas
2010 Eisfieber Harry Mac Dútske produksje
2011 Titten ?
2011 U & Eyre Carpenter
2011 Hart tegen Hard Ben Berendsen
2012 De Goede Dood Michael
2012 Bellicher: Cel Steiner
2013 A Perfect Man Pieter
2013 Hemel op Aarde pastoar
2016 Land van Lubbers de âlde Ruud Lubbers
2016 De Zevende Hemel Max
2018 Blijf van Mijn Kind resjersjeur
2018 Redbad kening Aldgillis fan 'e Friezen
2020 The Holzer Files ? dokumintêre
2020 Op Gepaste Afstand heit Eef koarte film
2021 Ferry Ralph Brink
2022 Ome Cor Joop (blommeman)
2023 De Vuurlinie haadofsier fan justysje
tillefyzje
1983 Willem van Oranje Frâns-Herkules fan Valois minysearje
1983 De Weg Jan Nieuwenhuis minysearje
1988 Het Twentsch Paradijs ? tillefyzjefilm
1988 The Attic: The Hiding of Anne Frank Jan Gies tillefyzjefilm; Amerikaanske produksje
1992–1993 Sjans Sjaak Massini fêste rol; tillefyzjesearje
1992 Oog in Oog Peter Gubbels gastrol; tillefyzjesearje
1995 De Partizanen Hendrik minysearje
1996 Stockinger dr. Paolo van Voorst gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Undschuldslämmer; Dútske produksje
1997 Der Schutzengel Peter Becker tillefyzjefilm; Dútske produksje
1997–1998 Windkracht 10 sersjant Dick de Groot fêste rol seizoen 1; tillefyzjesearje; Flaamske produksje
1998 Flodder Paolo Marquez gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Egotrip
1998 Eine ungehorsame Frau David tillefyzjefilm; Dútske produksje
1998 Die Neue – Ein Frau mit Kaliber Vandeberg gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Stille Nacht, tödliche Nacht; Dútske produksje
1998 TAFKAS n.f.t. presintator, muzykprogramma
1999 Retour Den Haag Ed van Thijn tillefyzjefilm
1999 Ein starkes Team Milan Petkowicz gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Braunauge; Dútske produksje
1999 Tatort Ulli Lischka gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Offene Rechnung; Dútske produksje
2000 Oh Oh Den Haag Wim van Tol minysearje
2000 Auf schmalem Grat Joachim Behrens tillefyzjefilm; Dútske produksje
2000–2003 Wet & Waan Herman Vlieger fêste rol; tillefyzjesearje, 10 ôfl., seizoen 1 (2000) en 2 (2003)
2001 Loenatik automonteur gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. De Milieu-actie
2001 De Nacht van Aalbers ? tillefyzjefilm
2001 Het Achterland Alex tillefyzjefilm
2002 Das Duo Helmut Felser gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Im falschen Leben; Dútske produksje
2002–2005 De Vloer Op ferskaat gastrollen; tillefyzjesearje
2003–2004 Show Yourself Carlo fêste rol; tillefyzjesearje
2004 Die andere Frau Henk tillefyzjefilm; Dútske produksje
2004 Stapel op Auto's n.f.t. presintator, autorubryk
2005 Oberon de riedshear realitytillefyzjesearje
2005 Das beste Jahr meines Lebens Niklas Vandenberg tillefyzjefilm; Dútske produksje
2005 Sperling Johan Kerkman gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Sperling und der Fall Wachutka; Dútske produksje
200? Stapel in de States n.f.t. presintator, autorubryk op reis
200? Stapel op Werk n.f.t. presintator, programma foar de regionale Limburchske tillefyzje
2006 SOKO Kitzbühel Henrik van Huisen gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Magischer Mord; Dútske produksje
2006 M.E.T.R.O. – Ein Team auf Leben und Tod Magnus van Royen gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Krim-Kongo; Dútske produksje
2006 Unter Verdacht Stewens gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Ein neues Leben; Dútske produksje
2007 Flikken Maastricht Geert Veldkamp gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Kogelvis
2007 Verrückt nach Clara Bernd weromkearende rol; tillefyzjesearje, 7 ôfl.; Dútske produksje
2007 Donna Roma Konstantin weromkearende rol; tillefyzjesearje, 4 ôfl.; Dútske produksje
2007 S.T.A.P.E.L. n.f.t. presintator
2007 RTL GP: Formule 1 n.f.t. presintator
2008 Alarm für Cobra 11 – Die Autobahnpolizei Sander Kalvus gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Auf eigene Faust 1. Teil en Auf eigene Faust 2. Teil; Dútske produksje
2008 Mein Herz in Chile Herbert Hansen tillefyzjefilm; Dútske produksje
2010 Nina Nazarova aan de Top! n.f.t. presintator
2012 Moeder, Ik Wil bij de Revue Jacob Somers minysearje
2015 Goedenavond, Dames en Heren Benno minysearje
2015–2016 Zwarte Tulp Luuk Vonk fêste rol; tillefyzjesearje
2016-202? Flikken Rotterdam ofsier fan justysje Hein Berg fêste rol; tillefyzjesearje
2019 De 12 van Schouwendam Gerrit Witte minysearje
2019 Napoleon in Holland n.f.t. voice-over by dokumintêre
2020 Langs de Rijn n.f.t. presintator fan en voice-over by dokumintêre
2021 Langs de Maas n.f.t. presintator fan en voice-over by dokumintêre
2021–2022 Het Dorp n.f.t. presintator
2022 Eens Ging de Zee Hier Tekeer n.f.t. presintator fan en voice-over by dokumintêre
2022 Langs de Kust n.f.t. presintator fan en voice-over by dokumintêre
2023 Langs de IJssel n.f.t. presintator fan en voice-over by dokumintêre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.