Wigbert fan Rathmelsigi
Appearance
Wigbert fan Rathmelsigi (Keninkryk Wesseks, om 675 hinne - 13 augustus, 747) wie in Angelsaksysk benediktynske mûnts dy't om it jier 700 hinne missywurk die yn de Fryske lannen. Syn missywurk op oansten fan de Ierske abt Egbert fan Rathmelsigi yn de tiid fan de Frysk-Frankyske oarloggen die net in soad fertuten. Letter hat hy op ferskate plakken yn Dútslân missywurk dien en wie de earste abt fan it Benediktinekleaster yn Fritzlar.
Wigbert fan Rathmelsigi wurke gear mei ûnder oaren Willibrord en Bonifatius dy't mear súkses hiene.
Wigbert wie in Ingelskman fan aadlik komôf, dy't it kleasterlibben omearme. Der is ornearre dat Wigbert in muonts fan Glastonbury wie, mar Klemens Löffler achtet dat ûnwierskynlik.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |