Klús fan Us Leaffrou fan de Besletten Tún
Klús fan Us Leaffrou fan de Besletten Tún | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Warfhuzen | |
adres | Baron van Asbeckweg | |
koördinaten | 53° 20' N 6° 25' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1854 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24010 [1] | |
Webside | ||
Side fan de klús | ||
Kaart | ||
De Klús fan Us Leaffrou fan 'e Besletten Tún is de eardere herfoarme tsjerke fan it Grinslânske doarp Warfhuzen. Tsjintwurdich is it in oan Us Leaffrou fan Smerten wijde roomsk tsjerkegebou. De twadde patroanhillige fan 'e tsjerke is Sint-Liudger, de apostel fan de Friezen. Fanwegen it Spaanske genedebyld fan Us leaffrou is de tsjerke in drok besocht beafeartsplak.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1854 boud yn in ienfâldige klassisistyske styl op it plak fan 'e âlde 13e iuwske tsjerke, dy't foar de reformaasje wijd wie oan Liudger. De muorren fan it fiif traveeën telende gebou mei in trije sidige eastlike sluting wurde troch pilasters lidde. It fanâlds frijsinnnige Warfhûzen slagge der yn 'e jierren 1960 hieltiten minder yn om de Nederlânsk Herfoarme tsjerke iepen te hâlden. Yn 1970 waard de tsjerke fanwegen de weromrinnende tsjerkegong lang om let sletten foar de earetsjinst. It gebou bleau de folgjende dessinia leech, mar yn 2001 namen de katoliken de tsjerke oer en in restauraasje folge.
It travee tsjin de toer waard ferboud ta in wente foar in hearemyt, dy't sûnt dy tiid ek bewenne wurdt troch pater Hugo. De rest fan de tsjerke docht tsjinst as klúskapel. De hearemyt falt ûnder it bisdom Grins-Ljouwert en hat syn ivige ûnthjitten op 18 novimber 2012 ôflein yn de hannen fan de biskop. De protestantske ynrjochting lykas de preekstoel, de hearebanken en by de yngong in âld offerblok bleaune by de werynrjochting sparre en binne noch jimmeroan oanwêzich.
Mei it restaurearjen fan de tsjerke krige ek it genedebyld in plak yn de tsjerke. Is is gjin byld fan Marije lykas dy yn de katolike tsjerken fan ús kontrijen stean, mar in typysk Spaansk byld, sa't dy mei prosesjes yn de Goede Wike troch de strjitten fan Spaanske stêden tôge wurde. It byld waard makke troch de byldhouwer Miguel Bejarano út Sevilla, dy't it in barok en dramatysk uterlik joech. Al gau nei it pleatsen fan it byld besochten de earste minsken de tsjerke, fakentiden mei Spaanske of Súd-Amerikaanske woartels, om in kearske te baarnen en in yntinsje op te skriuwen. Tsjintwurdich witte ek Nederlanners, katolyk èn protestantsk, de wei nei de tsjerke te finen.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke wurdt toch in klausuerhek skieden fan it gebiet dêr't de hearemyt libbet. Oan de noardlike muorre stiet de preekstoel, wêrfan't allinne de kûp út de tsjerke sels stamt. Njonken de preekstoel binne fan de herfoarme tsjerke ek de hearebanken noch oanwêzich. Efter it klausuerhek stiet it Hillich Krúsalter, mei oan de tombe yn in ovale list in relikwy fan de hillige Bruno, stifter fan de oarder fan de Kartuzers. Lofts fan it Hillich Krúsalter stiet it alter fan de gûlende Us Leaffrou fan de Besletten Tún. De mantel fan Us Leaffrou feroaret mei de liturgyske kalinder. Rjochts fan it Hillich Krúsalter stiet yn in nis in relykkast mei in relikwy fan Sint-Antonius. Efter it Hillichkrúsalter is it ferhege heremitenkoer mei it Sakramintsalter en de bylden fan Liudger (lofts) en Finsintius (rjochts). Oan de tafel fan it Sakramintsalter wurdt yn in ovale list in bonkerelikwy fan Sint-Bonifatius bewarre. Efter it byld fan Us Leaffrou en tsjintwurdich ek op oare plakken lykas oan de oargelkreake hinget in grut tal eks-voto's. Eks-voto's kinne yn de tsjerke kocht wurde of foartiid besteld wurde (sjoch webstee foar de proseduere).
Yn de toer hinget ien fan de âldste lûdklokken fan Nederlân. De 13e-iuwske klok stamt oarspronklik út de toer fan Aldesyl.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1910 boud troch de oargelbouwer Doornbos. It bestiet hast hielendal út 16e- en 17e-iuwske registers.
Bûsdoeken ruilje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In apart gebrûk dat sûnt 2006 op gong kaam is it bûsdoekruiljen. It genedebyld draacht yn har lofter hân in wite bûsdoek om har triennen mei ôf te feegjen. Immen dy't Us Leaffrou in wite bûsdoek jout, mei syn of har bûsdoek mei de bûsdoek fan Marije ruilje en mei nei hûs nimme. By de yngong is it ek mooglik foar in lyts bedrach om in wite bûsdoek te keapjen en dy te ruiljen foar de bûsdoek fan Marije. De bûsdoek dy't Marije yn har hân holden hat wurdt yn 'e regel oan neisten jûn, dy't siik binne of mei in drege saak wrakselje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|