Springe nei ynhâld

Genedebyld

Ut Wikipedy
It genedebyld fan Kevelaer

In genedebyld (komselden in genedeportret, by plastyske foarstellingen ek in genedebyld of genedefiguer) is yn de in de Roomsk-Katolike Tsjerke en yn de Easterske otterdoksy in skildere of plastyske foarstelling fan in hillige foar wa't de leauwigen God om in genede freegje. Soksoarte genedebylden binne benammen foarstellingen fan Marije, mear komselden fan it Bern Jezus.

Guon genedebylden wurde yn ferbân brocht mei genêzingen of oare as wûnderbaarlik beskôge foarfallen, sadat hja faak it doel binne fan pylgertochten. Yn soksoarte gefallen is meastal in aparte kapel boud foar it genedebyld. figurative foarstellingen fan de Mem Gods en it Bern Jezus drage ek faak fergulde kroanen fan sulver en djoere klean.

De skiednis fan yndividuele mirakuleuze bylden giet faak mank mei legindes oer harren ûntdekking, skea oan, stellerij of mishanneling. Wat de skiednis fan mirakuleuze ôfbyldingen yn it algemien oanbelanget, moat opmurken wurde dat dy sûnt de lette midsiuwen, doe't yndividuele keunstwurken yn de sin fan de devotio moderna in hieltyd gruttere rol spilen, hieltyd wichtiger wurden binne. Ekssessen yn it letmidsiuwske Dútslân, doe't ekonomyske oerwagings, d.w.s. de eksploitaasje fan Marije - en hilligeferearing, ek yn beskate kriten op de foargrûn stiene, wekten de krityk fan û.o. Maarten Luther en Johannes Calvijn en wiene in faktor dy 't de oanlieding foarme foar de Reformaasje.

Genedebylden yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]