Essen
Essen Stêd yn Dútslân | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 586.608 (31.12.2023) | |
Oerflak | 210,34 km² | |
Befolkingsticht. | 2.789 km² | |
Hichte | 116 m | |
Oar | ||
Postkoade | 45127-45359 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50°56' NB, 6°57' EL | |
Offisjele webside | ||
www.essen.de | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer de stêd yn Dútslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Essen (betsjuttingsside).
Essen is in stêd yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Der wenje 586.608 minsken (2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Essen giet werom op it troch Altfrid om 850 hinne stifte frouljusstift Essen. Yn dy tiid wie de omjouwing tin befolke mei wat pleatsen en in âld, nei alle gedachten leechsteand, kastiel. De yn it jier 799 stifte abdij fan Werden lei súdlik fan it stift Essen.
Om 852 hinne sette de bou fan 'e tsjerke fan 'e abdij útein, dy't yn 870 foltôge wie. In grutte brân yn 946 skansearre de tsjerke en de dêrby ûnstiene delsetting. De tsjerke waard werboud en fergrutte en op dy fûneminten stiet ek de hjoeddeiske domtsjerke fan Essen.
Essen waard foar it earst yn 898 neamd, doe't kening Zwentibold fan Loateringen it gebiet west fan 'e Ryn oan 'e abdij skonk. Yn it jier 971 waard de pakesizzer fan keizer Otto I, Matilde II, de abdis en hja bestjoerde de abdij mear as 40 jier. Belangrike keunstwurken fan 'e domtsjerke datearje út de tiid fan har bewâld, lykas de Gouden Madonna en de sânearmige ljochter. Hja wurdt as de wichtichste fan alle abdissen fan it stift Essen beskôge.
Yn 1003 waard Essen foar it earst in stêd neamd en yn 1041 krige Essen it merkrjocht. Tsien jier letter liet Teophanu, de pakesizzer fan Otto II, it eastlike diel fan 'e Essener abdij bouwe, dêr't yn 'e krypt de grêven fan Altfrid, Matilde II en Teophanu binne. Essen krige yn 'e 14e iuw fan Karel IV it privileezje fan frije ryksstêd.
Konflikten tusken it stift en de stêd koene net útbliuwe en oant de opheffing fan it stift yn 1803 yn it ramt fan 'e sekularisaasje soene dy konflikten altiten oanhâlde. Ien proses duorre wol 200 jier lang, oant it rykskeamergerjocht yn 1670 fonniste dat de stêd him ûnder de abdissen deljaan moast, mar dat de stêd tagelyk de âlde gewoanterjochten hâlde mocht. Dêrmei bleau de sitewaasje tusken it stift en de stêd net oplost en fol fan konkurrinsje.
Yn 1563 gie Essen mei yn 'e reformaasje. De 11e-iuwske Sint-Gertrudistsjerke waard de protestantske Merktsjerke en op 2 maaie waard troch de herfoarmer Heinrich Barenbroch foar it earst it Nachtmiel yn twa gedaanten (bôle en wyn) jûn. In lytse wike letter moast Barenbroch meitsje dat er fuort kaam, want de abdis hie tsjin de tsjerklike fernijers de beskerming fan 'e hartoch fan Kleef ynroppen. It katolike stift hie fierders lykwols sels gjin troepen om wat út te heljen, en hja koe dus net oars en lit alles op syn berin.
Tsjin 'e ein fan 'e 16e en it begjin fan 'e 17e iuw waard Essen in stêd fan wapensmidterijen. Yn 1620 waarden troch de Essener smidterijen al sa'n 14.000 gewearen en pistoalen produsearre en dêrmei waard de stêd strategysk wichtich.
Tritichjierrige kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Tritichjierrige Kriich stiene de protestantske stêd en it katolike stift foar inoar oer. Abdis Maria Clara von Spaur, Pflaum en Vallier helle de katolike Spanjaarden yn 1623 nei Essen om de kontrareformaasje tsjin de stêd yn te setten. Yn 1624 waard foar dat doel in werkatolisearingswet oannommen, dy't de tsjerkegong fan 'e ynwenners kontrolearre. De stêd wie ferantwurdlik foar it iten en it ûnderbringen fan 'e besettingstroepen. Yn 1629 bestoarmen Nederlanners de stêd. De abdis moast op 4 novimber flechtsje nei it katolike Keulen en naam de tsjerkeskat mei. Yn 'e simmer fan 1631 kaam hja mei in Beiersk garnizoen werom, mar yn septimber moast hja op 'e nij fertrekke. Hja ferstoar yn 1644 yn Keulen. Oar it generaal waarden de ynwenners slim troffen troch de oarloch. Minsken waarden oppakt, meinommen en yn militêre tsjinst twongen. Sels nei de Frede fan Westfalen bleaune der noch troepen yn Essen, de lêsten fertrokken pas op 9 septimber 1650.
19e iuw en yndustrialisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1802 waard it territoarium fan it Stift Essen troch Prusyske troepen beset. Essen en Werden waarden ûnderdiel fan it Greefskip Mark en yn 1806 waard Essen troch Gruthartochdom Berg anneksearre. Dat bleau sa oant 1813 en dêrnei wie Essen wer Prusysk en sûnt 1822 ûnderdiel fan 'e Prusyske Rynprovinsje. Yn 1850 waard de lânkring Essen stifte en fan dêrút ûntstie op 8 maart 1873 de selsstannige stêd Essen.
Troch de yndustrialisaasje groeide it ynwennertal yn 'e 19e iuw en Essen waard dêrtroch ien fan de grutste stêden fan Dútslân. Fral de Krupp-Staalfabriken soargen foar in soad wurkgelegenheid en de Kruppfabriken west fan it âlde stedsgebiet besloegen al yn 1873 mear as 300 ha. Dêrmei wie it areaal fan 'e Krupp-fabriken tsien kear sa grut gebiet as de stêd sels. Mei 't Arndt von Bohlen en Halbach ôfstân die fan 'e erfenis yn 1967 kaam der in ein oan it Krupp-tiidperk fan Essen.
Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw hie Essen it tichtste spoarnet fan it Roergebiet. De Bergisch-Märkische Bahn waard yn 1862 en de Rheinische Bahn yn 1866 lâns it stedssintrum oanlein. Dy twa ferbiningen foarmen de basis fan in soad sydtrajekten nei de minen en yndustriële bedriuwen.
Earste Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kruppfabriken spilen in bysûndere rol yn 'e Earste Wrâldkriich. Njonken tûzenen granaten en oar wapenmateriaal waard yn 'e staaljitterijen fan Krupp bygelyks de houwitzer Dicke Bertha boud. Foar de befolking wie it in drege tiid: alles waard djoerder, wylst de loanen leech bleaune en yn augustus 1916 wiene der demonstraasjes tsjin de oarloch. De befolking ferearme en yn febrewaris brieken der stakingen út. Tsjin de ein fan 'e oarloch wiene 15.000 Essener soldaten fallen en likernôch 5.000 fermist.
Op 11 jannewaris 1923 besetten Belgyske en Frânske troepen it Roergebiet om 't Frankryk tocht dat Dútslân mei sin de swiere reparaasjebetellings fan 'e Earste Wrâldkriich net nei komme woe. De Frânsen wiene fan doel om yn Essen beslach te lizzen op frachtweinen fan Krupp en dêrby kaam it ta in konfrontaasje tusken wurknimmers en it Frânske leger. It waard de Frânsen te benearjend en hja besochten harren sjittend út de sitewaasje te rêden, wêrby't se 13 minsken deasketten en 28 minsken ferwûne waarden. De begraffenis fan 'e slachtoffers wie de grutste dy't ea yn Essen holden waard. De Frânsen feroardielden de eigner en de direkteuren fan Krupp ta lange finzenisstraffen, mar de besetting fan it Roergebiet einige yn 'e simmer fan 1925.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e nacht fan 10 novimber 1938 waard de Essener synagoge yn 'e brân stutsen, mar de skea bleau beheind. It gebou oerlibbe ek letter yn 'e oarloch de bombademinten op it sintrum fan Essen. In oare synagoge yn it stedsdiel Steele waard wol yn 1938 ferneatige.
Yn 'e nasjonaalsosjalistyske tiid wurken tsientûzenen twangarbeiders yn 350 ferskillende kampen. Se wurken by firma's lykas Krupp, Siemens en yn 'e minen. Yn Essen leine ek ferskillende bûtenkampen fan konsintraasjekampen.
De yndustry fan Essen wie fanwegen de wapenyndustry in wichtich doel foar bombardeminten. Om de fijân te mislieden waard 10 km fierder op de Rottberg in nep-yndustryterrein fan Krupp oanlein. De earste 26 loftoanfallen yn 1942 stelden net it measte foar en brochten gjin grutte skea, mar yn 1943 folgen swierdere bombardeminten. Begjin maart waard in grut part fan 'e stêd ferneatige. Tsientûzenen minsken rekken harren wenning kwyt en foar it earst hienen de Krupp-fabriken fan grutte skea te lijen. Op 11 maart 1945 waard de stêd, yntusken al foar it grutste part yn pún, foar it lêst bombardearre. It sintrum wie foar 90% ferneatige.
Yntusken waard it Roergebiet ynsluten en de ring om Essen waard hieltiten mear oanlutsen. Op 11 april 1945 waard Essen offisjeel oan de Amerikanen oerdroegen.
Werbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oarloch moast alles wer opboud wurde. De foar de oarloch sa wichtige Kruppfabriken leine foar it grutste part yn pún. De resten waarden foar in diel as skeafergoeding ûntmantele en weihelle. It wurk waard wer oppakt, mar no lei de fokus op freedsum materiaal, lykas de produksje fan frachtweinen en lokomotiven.
Tusken 1950 en 1961 waarden 100.000 nije hûzen boud. Yn 1957-1958 briek yn Essen de troch de ymport fan ierdoalje en ymport fan koalen de koalekrisis út. Oant dy tiid wie Essen it grutste mynbougebiet fan Europa. Yn 'e jierren 1960 en 1970 moast de iene myn nei de oare slute. Mei it sluten fan 'e Zeche Zollverein op 23 desimber 1986 kaam der in ein oan 'e tradysje fan Essen as mynboustêd.
Dochs groeide de stêd en op 30 juny 1963 wie it ynwennertal mei 731.994 heger as ea. Essen waard boppedat mei de stifting fan it bisdom Essen yn 1958 wer in biskopsstêd. Sûnt de jierren 1970 ferdwûn de swiere yndustry jimmeroan mear en waard de tsjinstesektor wichtiger. Essen krige in universiteit en op 5 oktober 1979 waard it earste 600 m lange trajekt fan 'e metro iepene en ein jierren 1970 krige de stêd in nij riedshûs.
Yn 2010 wie Essen Kulturele Haadstêd fan Jeropa.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 'e tiid fan 'e yndustrialisaasje seagen de famylje Krupp en oare ûndernimmers de needsaak fan grienfoarsjennings yn 'e arbeiderswiken foar de rekreaasje fan 'e arbeiders yn. De measte parkgebieten binne ek no noch oanwêzich. Dy en mei't de gemeente Essen sels ek in soad omtinken foar in griene stêd hat, late der ta dat Essen ien fan 'e trije meast griene stêden fan Dútslân is. Mei 70 ha is it Grugapark it grutste park fan 'e stêd.
Troch de bombardeminten is der fan 'e histoaryske stêd net in soad oerbleaun. De arsjitektuer fan 'e histoaryske stêd datearret foar in grut part út de jierren 1950 en 1960 en bestiet meastentiids út hegere bou. Karakteristyk yn'e binnenstêd is it Burgplatz mei de Johannestsjerke, it atrium, de munstertsjerke, de skatkeamer fan 'e dom, it biskoplike paleis, de Volkshochschule en it sicht op 'e Alde Synagoge en de roomske Fredestsjerke.
Yn it noardeasten fan 'e stêd leit it gebiet fan it yn 1986 stopsette cokesfabryk en de Zeche Zollverein, sûnt 2001 UNESCO-wrâlderfgoed
In grutte tsjinstelling mei de rest fan Essen foarmje de súdlike Stadtteile Kettwig en Werden, dy't beide oan 'e Roer lizze. Beide plakken ha in histoaryske kearn, dy't gjin lêst hân ha fan 'e bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldkriich en dêr't neitiid gjin grutte sloopprojekten plakfûnen.
Yn it Stadtteil Bredeney stiet de Villa Hügel, de grutte filla fan 'e famylje Krupp, dy't yn 'e jierren 1868-1872 boud waard. De filla is hjoed-de-dei foar in part foar it publyk iepene.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alte Synagoge
- Skatkeamer Essener Dom
- Roermuseum
- Schloss Borbeck
- Villa Hügel (museum oer de Krupp-famylje en Krupp-fabriken)
- Skatkeamer Sint-Ludgerus (Essen-Werden)
- Deutsches Plakatmuseum
- Stedsargyf Essen
- https://www.museum-folkwang.de/nl Museum Folkwang]
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd is ferdield yn 9 Stadtbezirke en 50 Stadtteile.
-
Kaart mei de stedsdielen en wiken fan Essen
Namme Stadtbezirk |
Oerflak | Ynwenners | Ynw./km² | Wapen Stadtteil |
Namme Stadtteil |
sûnt |
---|---|---|---|---|---|---|
I Stadtmitte / Frillendorf | 15,6 km² | 69.187 | 4.435 | Stadtkern | ||
Ostviertel | ||||||
Nordviertel | ||||||
Westviertel | ||||||
Südviertel | ||||||
Südostviertel | ||||||
Huttrop | 1908 | |||||
Frillendorf | 1929 | |||||
II Rüttenscheid / Bergerhausen | 13,48 km² | 99.370 | 6.055 | Rüttenscheid | 1905 | |
Rellinghausen | 1910 | |||||
Bergerhausen | 1929 | |||||
Stadtwald | 1910 | |||||
III Essen-West | 16,41 km² | 99.370 | 6.055 | Altendorf | 1901 | |
Frohnhausen | 1901 | |||||
Holsterhausen | 1901 | |||||
Fulerum | 1910 | |||||
Haarzopf | 1915 | |||||
Margarethenhöhe | 1905 | |||||
IV Borbeck | 24,67 km² | 83.089 | 3.368 | Schönebeck | 1915 | |
Bedingrade | 1915 | |||||
Frintrop | 1915 | |||||
Dellwig | 1915 | |||||
Gerschede | 1915 | |||||
Borbeck-Mitte | 1915 | |||||
Bochold | 1915 | |||||
Bergeborbeck | 1915 | |||||
V Altenessen / Karnap / Vogelheim | 18,34 km² | 58.134 | 3.170 | Altenessen-Nord | 1915 | |
Altenessen-Süd | 1915 | |||||
Karnap | 1929 | |||||
Vogelheim | 1915 | |||||
VI Zollverein | 13,02 km² | 52.402 | 4.025 | Schonnebeck | 1929 | |
Stoppenberg | 1929 | |||||
Katernberg | 1929 | |||||
VII Steele / Kray | 20,8 km² | 71.301 | 3.428 | Steele | 1929 | |
Kray | 1929 | |||||
Freisenbruch | 1929 | |||||
Horst | 1929 | |||||
Leithe | 1929 | |||||
VIII Essen-Ruhrhalbinsel | 33,32 km² | 51.749 | 1.553 | Heisingen | 1929 | |
Kupferdreh | 1929 | |||||
Byfang | 1929 | |||||
Überruhr-Hinsel | 1929 | |||||
Überruhr-Holthausen | 1929 | |||||
Burgaltendorf | 1970 | |||||
IX Werden / Kettwig / Bredeney | 54,59 km² | 52.762 | 967 | Bredeney | 1915 | |
Schuir | 1915 | |||||
Werden | 1929 | |||||
Heidhausen | 1929 | |||||
Fischlaken | 1929 | |||||
Kettwig | 1975 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Essen fan Wikimedia Commons. |
Noardryn-Westfalen | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
· · |