Zuilen (gemeente)

Ut Wikipedy
Zuilen

Slot Zuylen
flagge wapen
lokaasje

De gemeente Zuilen yn 1866
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
gemeente Utert
Stichtske Fecht
sifers en geografy
haadplak
ynwennertal 23.620 (1950)[1]
skiednis
oprjochte 1812
oant 1812 Hearlikheid Zuilen en Zwesereng
Hearlikheid Oostwaard
opheft 1954
opgien yn Utert
Maarssen
no part fan Utert
Stichtske Fecht
oar
tiidsône UTC+1
simmertiid UTC+2

Zuilen is in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert dy't yn 1954 opheft waard. De gemeente besloech it gebiet fan it hjoeddeistige doarp Oud-Zuilen, de hjoeddeistige wyk Zandweg-Oostwaard yn Maarssen en de Utertske stedswyk Zuilen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Romeinen harren yn de tredde iuw n.Kr. út it gebiet weromlutsen, setten de Friezen harren stadichoan ta wenjen yn de Fechtstreek. Om 700 hinne wenne der yn de delsetting Swesen as Suecsnon, it lettere Swesereng, de Fryske ealman Wursing. Hy hie in stripe lân njonken de Fecht yn besit. Syn pakesizzer wie de ferneamde Fryske sindeling en biskop Liudger. Wursing moast lykwols foar de Fryske kening Redbad flechtsje, mar doe't dy yn 719 ferstoar, kearde de famylje nei Swesen werom. Doe't Liudger ferstoar waarden al syn famyljeguod yn de Fechtstreek oan de Abdij fan Werden skonken. Yn 1050 waard der in romaanske kapel boud yn Swesen.

Yn de trettjinde iuw, of faaks wol earder, kaam de namme Zuilen foar it earst foar. De namme komt fan de aadlike laach Fan Zuilen (Sulen) dy't oaspronklik út de omkriten fan Kleef kamen. Hja wiene heareboeren dy't warber wiene mei it oanmeitsjen en ynpolderjen fan de sompen yn 'e omkriten. De hearlikheid Zuilen en Swesereng hearden ûnderwilens ta de biskop fan Utert, en foar in part ta de abt fan Oostbroek.

Foar 1256 lieten de Hearen Fan Zuilen in kastiel, it Slot Zuylen, oan de eastlike ouwer fan de Fecht bouwe. Ek hiene se hompen lân op de eastlike ouwer yn besit en yn erfpacht fan de abt fan Oostbroek en guon gebieten eastlik fan de stêd Utert op it plak fan de hjoeddeistige wyk De Uithof. By it kastiel ûntstie by de Fecht del in lyts doarp. Yn 1446 waard it kastiel troch de Utertsken ferwostge yn de snuorje fan de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen. De hearlikheid waard troch biskop Freark fan Blankenheim en de abt ta in fêste erflien skonken oan Frank fan Borssele, hear fan Feare. De hearlikheid wie dêrnei yn hannen fan de famyljes Fan Borssele, en fan Lalaing fan Rennenberch. Letter kaam it kastiel yn hannen fan guon oare aadlike famyljes.[2]

Yn 1654 waard der yn it doarp in Nederlânsk-herfoarme tsjerke boud op it plak fan de eardere romaanske kapel. De bebouwing fan Zuilen ûntjoech him by de Fecht del. Zuilen waard in agraryske mienskip. Yn 1812, yn de Frânske tiid, waarden de eardere gerjochten fan Zuilen/Swesereng en Oostwaard gearfoege ta ien gemeente. Nei't de Frânsen fuort wiene, bleau de bestjoerlike ienheid bestean en waard de gemeente Zuilen mei in Keninklik Beslút befêstige.

Yn 1896 waard der in gemeentehûs yn Oud-Zuilen boud, dy't oant 1929 yn gebrûk nommen waard. Dêrnei krige it lânhûs Daelwijck dy funksje. Yn de iere tweintichste iuw fêstigen de grutte metaalfabriken fan Demka en Werkspoor harren yn Zuilen, dêr't der nije wenwiken súdlik fan it doapr troch ûtstiene.

By de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1954 waarden it doarp Zuilen, it noardlike part fan Swesereng en Oostwaard tafoege oan de doetiidske gemeente Maarssen. It súdlike part fan de Sesereng en it súlike part fan Zuilen op de eastouwer fan de Fecht (Nieuw-Zuilen) kaam oan de gemeente Utert. It doarp Zuilen waard doe al Oud-Zuilen (Ald-Zuilen) neamd.

Op 1 jannewaris 2011 wie der in nije gemeentlike weryndieling dêr't de gemeente Maarssen by opnommen waard yn de gemeente Stichtske Fecht.

Berne yn Zuilen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Liudger (*742)
Henk Westbroek (*1952)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • J.E.A.L. Struick, Zuilen. Utert, Het Spectrum, 1973. side 122