Eilrad

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Eilrad wie in Fryske haadling út de Midsiuwen. Hy wie ôfkomstich út Riustringen.

Yn 793 fierde Eilrad tegearre mei Unno, in oare lieder, de Friezen oan yn harren ôpstân tsjin it Frankyske ryk fan Karel de Grutte. Dizze ôpstân soe liede ta in tydlike weromfal nei it heidendom. Kristlike sindelingen as Liudger waarden op'e flecht jage. Mar de ôpstan waard lykwols fuort delslein troch de Franken en de Friezen kamen wer ûnder de kwint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H. Halbertsma - Frieslands oudheid, Utrecht, 2000, side 310.