Oerlis:Kleasters yn Fryslân
Ik haw myn twifels oer dizze list. Dit is in oersetting fan in side op :nl dy't troch in meidogger dêr oanmakke is dy't sa'n twa moanne wat aktyf wêst hat. Nei oanlieding fan syn side oer de Dokkumer_Wouden dy't neffens my net kloppet, en in pear fermeldings yn dizze list haw ik myn twifels oer de list yn syn gehiel.
In pear saken dy't ik sa wol sjoch:
- Kleaster Sion by Nijewier wie in fruoljeskleaster
- Kleaster Templum Dominy yn Weard by Moarre wurd twa kear neamt, is Kleaster Waerd under Moarre, en foel dus net under Mitselwier.
Ik haw it idee dat der wol mear net kloppet oan dizze list, mar dat wik ik fuort net.Theun 17.46, 28 okt 2006 (CEST)
List fan hisgis, mei de kleasters werfan kleastergoederen yn 't systeem sitte. Hjir sitte guon dubelt yn en ik wit ek net of't alle kleasters wol besit hiene. Mar jout wol in idee.
- 't Zand
- Anjum
- Bergum
- Bethlehem
- Bloemkamp
- Bloemkamp en Oegeklooster
- Bloemkamp en Thabor
- Bloemkamp/Aalsum
- Dokkum
- Foswerd
- Haskerconvent
- Hospitaal
- Klaarkamp
- Kruisbroeders Sneek
- Lidlum
- Lidlum en Monnikebajum
- Ludingakerke/Achlum
- Mariëngaarde
- Monnikebajum
- Nazareth
- Nazareth en Bethlehem
- Nijeklooster
- Nijeklooster en Engwird
- Nijeklooster en Hospitaal
- Oegeklooster
- Sion
- Smalle Ee
- Staveren/Hemelum
- Thabor
- Tjummarum
- Tjummarum en Bloemkamp
- Vrouwenklooster
- Weerd
Kleaster Ealsum
[boarne bewurkje]Ik wie eins op syk nei wat mear ynfo oer Kleaster Ingwert om dy side wat út te wreidzjen mar koe eins neat fine. Fandêr kaam ik op Kleaster Ealsum, neffens de list is dit om 1521 ferhúze nei Ealsum, ik hie hjir eins nea fan heart dat dêr in kleaster stien hat. De boarne hjirfan is neffens my Van Der AA. Op de side fan boarnsterhim stiet dat it kleaster dêr gewoan oant 1580 wêst hat. Wat is wier?? Theun 7 jan 2007, 20.51 (CET)