Springe nei ynhâld

Hatzum

Ut Wikipedy
Hatzum
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Jemgum
Sifers
Ynwennertal 160 (30 juny 2015)
Oerflak 9,81 km²
Befolkingsticht. 16 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26844
Koördinaten 53° 18′ 34″ NB, 7° 20′ 7″ EL

Hatzum is in doarp yn it Eastfryske Reiderlân, yn de gemeente Jemgum yn de lânkring Lier. Hatzum hat in oerflak fan 9,79 km2 en hat sa'n 160 ynwenners (2015).

De Sint-Sebastiaantsjerke fan Hatzum

It doarp is boud op in langhalige wier út de twadde helte fan de achtste iuw. Yn de midsiuwen wie it plak de sit fan de proast fan Hatzum alias Nes. Ta de proasdij (of dekanaat) Hatzum/Nes hearden neffens in let-15e iuwske list fan karspelen fan it bisdom Múnster 29 aparte karspels. In part dêrfan is troch de Doalert ferswolge.

Hatzum hat in romanogoatyske tsjerke mei lossteande toer út de lette 13e iuw. De tsjerke wie earst in krústsjerke, mar it dwersskip en it stiennen ferwulft binne yn de 17e iuw ôfbrutsen. De frijsteande toer waard yn 1850 set. De patroanhillige fan de tsjerke is de hillige Sebastiaan.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

Jemgum Flagge fan Jemgum
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum
· · Berjocht bewurkje