Springe nei ynhâld

Pogum

Ut Wikipedy
Pogum
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Jemgum
Sifers
Ynwennertal 205 (30 juny 2015)
Oerflak 4,75 km²
Befolkingsticht. 43 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26844
Koördinaten 53° 19′ 6″ NB, 7° 15′ 31″ EL

Pogum (Platdútsk: Poom) is in doarp in it Dútske Reiderlân, yn de gemeente Jemgum, de Nedersaksyske lânkring Lier yn East-Fryslân. Oant 1973 wie it in selsstannige gemeente.

Loftfoto fan Pogum

It doarp leit op de lofterouwer fan de Iems, krekt foardat er yn de Doalert mûnet. It doarp wurdt wol it Endje van de Wereld ('Ein fan de wrâld') neamd. Pogum hat 205 ynwenners (2015). It doarp leiyt foar de havenstêd Emden oer en hat sels in lyste haven. De útbuorren Dyksterhusen falt ûnder Pogum en leit besúdwesten Pogum.

In gemaal yn Pogum fersoarget de ôfwettering fan de polder besuden it doarp. Tichtby Pogum leit in boareilân yn de Doalert, dat brûkt waard foar gaswinning.

Pogum leit oan de Ynternasjonale Doalertrûte.

Pogum op de Nederlânske topografyske kaart fan 1933

Pogum is in âld wierdoarp op de ouwerwâl de Iems bylâns. De earste skriftlike fernijing (as Urapawengum) is fan 1367. Westlik fan Pogum, yn de Doalert, leit it ûnderstrûpte plak Uterapaum en de ek ferdwûne delsetting Torum. Eartiids wie it plak ek bekend as Pawing, Pauwing en Paum. Yn de midsiuwen hearde Pogum oan it bisdom Münster en foel ûnder it dekanaat Hatzum, alias Nes. De tsjerke fan no waard yn 1776 boud. De tsjerke fan Pogum hat twa grêfstiennen út de 11e iuw dy't as de âldste fan East-Fryslân jilde. De tsjerke wurdt brûkt troch de evangelysk-luterske gemeente (Pogum is oerhearskjend lutersk). De frijsteande toer is noch jonger as de tsjerke. It oargel datearret út 1758/59 en is boud troch de Osnabrückse oargelbouwer Johann Adam Berner. Tsjerke en toer steanne op it heechste punt fan de terp (pleatslik: warft). Yn 1962 moast in tal huzen benoarden de tsjerke wike foar in nije dyk. Dêrfandinne is de radiale struktuer fan it doarp oantaasd en stiet de tsjerke net langer yn it midden fan it doarp.

Om de twa jier wurdt der yn Pogum it doarpsfeest holden. Tagelyk mei it doarpsfeest wurdt in baaikûperace oan it Sieltief holden. De baaikûpen wurde sa opmakke en dekorearre dat de ûnderlizzende baaikûp sels net mear te sjen is.

Eltse jier wurdt it slykslydzjen organisearre ûnder it biedwurd Up de Spör van de Dullartfiskers (op it spoar fan de Doalertfiskers).

It doarpsbelang Pogum-Dyksterhusen e.V. hat it behear oer it doarpshûs oan it Sieltief en organisearret in tal aktiviteiten troch it jier hinne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

Jemgum Flagge fan Jemgum
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum
· · Berjocht bewurkje