Ditzum

Ut Wikipedy
Ditzum
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Jemgum
Sifers
Ynwennertal 646 (2015)
Oerflak 10,37 km²
Befolkingsticht. 62 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26844
Koördinaten 53° 18′ 53″ NB, 7° 16′ 55″ EL
Ditzum, silhûet, mei rjochts op de eftergrûn Emden (2008)

Ditzum is in doarp tichteby de mûning fan de Iems, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. It doarp hie 646 ynwenners yn 2015.

Ditzum, dat ta it Reiderlân heart, is part fan de gemeente Jemgum yn de lânkring Lier. It is in terpdoarp, dat likernôch yn de achtste iuw ûntstien is. It hat in lange skiednis as fiskersdoarp. Oan de haven is noch altyd in werf, dêr't houten skippen boud wurde. Oant yn de jierren santich wie der ek noch in stienfabryk. Yn it lêste fearn fan de tweintichste iuw hat it doarp him ûntjûn ta in toeristedoarp. Yn 1995 kriich it as iennige doarp yn it distrikt Lier de titel "staatlich anerkannter Erholungsort".

It silhûet fan Ditzum wurdt dominearre troch de evangelysk-grifformearde tsjerke en in wynmûne. Ek it besjen wurdich is it Siel by de haven, ien fan de lêste noch wurkjende spuislûzen fan East-Fryslân.

Om't syn lizzing yn de fierste úthoeke fan it Reiderlân, wurde Ditzum en buordoarp Pogum yn it Eastfrysk Plat it Endje van de Welt (ein fan de wrâld) neamd. Ut Ditzum wei farre fearboaten nei Petkum, by Emden en simmers nei Boarkum en Delfsyl.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.


 
Jemgum
Flagge fan Jemgum
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum