Dyksterhusen

Ut Wikipedy
It eardere boareilân by Dyksterhusen

Dyksterhusen is in streekdoarp yn East-Fryslân en leit yn de gemeente Jemgum yn de lânkring Lier. It doarp heart by de himrik fan Pogum en leit oan de Doalertdyk súdwestlik fan Pogum.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei "Dykster" wurdt yn East-Fryslân ornaris bewenners en arbeiders dy't oan de dyk wenje en wurkje bedoeld. De doarpsnamme betsjut dus "Hûzen fan de Dyksters"

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp waard foar it earst yn 1735 as Dicksterhausen neamd. Oarspronklik wie it doarp in delsetting fan benammen dykarbeiders en waadfiskers. Guon hûzen binne dúdlik âlder, sa as twa pleatsen en wenten dy't yn it suden en midden fan Dyksterhusen op terpen steane.

De stoarmfloed fan 1962 feroarsake grutte skea oan de Doalertdyk westlik fan Pogum. Dêrnei waard de dyk fersterke. Dêrtroch moast it noardlik part fan Dyksterhusen wike. Foar de bewenners waard fierder nei it suden ta in nije delsetting oanlein.

Yn de Doalert foar Dyksterhusen stiet in earder boareilân dêr't boarre waard foar ierdgas. Hjoed-de-dei tsjinnet it boareilân as badplak.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

 
Jemgum
Flagge fan Jemgum
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum