Springe nei ynhâld

Boarplatfoarm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boareilân)
In boarplatfoarm yn 'e Atlantyske Oseaan foar de kust fan Brazylje.

In boarplatfoarm of boareilân is in grut bouwurk dat tarist is om yn 'e seeboaiem nei ierdoalje en/of ierdgas te sykjen en boarjen, it op te pompen, op te slaan en te ferwurkjen. It heart ta de offshoretechnyk. Der bestiet ûnderskie tusken in eigentlik boarplatfoarm, dat in ierdoalje- of ierdgasboarne siket en oanboarret, en in produksjeplatfoarm dat dêrnei ynset wurdt foar de ekploitaasje fan sa'n boarne. Lytsere boarplatfoarmen, dy't ek wol well protectors (boarnebeskermers) of satelliten neamd wurde, binne ornaris ûnbemanne. Gruttere boarplatfoarmen hawwe yn 'e regel in bemanning fan tusken de 100 en 200 man. Boarplatfoarmen komme almeast foar yn 'e ûndjippe seeën fan it kontinintaal plat foar de kust fan eilannen of fan it kontinintaal fêstelân, mar se kinne ek brûkt wurde yn marren, oarre binnenwetters en yn binnenseeën.

Gebieten dêr't by útstek in protte boarplatfoarmen brûkt wurde, binne:

Soarten boarplatfoarmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferskillende soarten boarplatfoarmen: 1 en 2) konvinsjonele fêste boarplatfoarmen; 3) compliant tower; 4, 5) tension-leg platform; 6) spar; 7, 8) healôfsinkber boarplatfoarm; 9) FPSO-fasiliteit; 10) sub-sea completion and tie-back-to-hostfasiliteit.

Der besteane ferskate soarten boarplatfoarmen. It wichtichste ûnderskie wurdt makke tusken fêste en driuwende platfoarmen. Fêste platfoarmen rêste op 'e seeboaiem troch in konstruksje fan stiel en beton. Soks is lykwols yn djipper wetter ûnwurkber. Dêr wurde boarskippen of healôfsinkbere boarplatfoarmen brûkt, dy't mei ankers of troch gebrûk fan in dynamic positioningsysteem op har plak holden wurde.

  • fêste boarplatfoarmen
    • hefplatfoarm: in ferpleatsber platfoarm mei 3 of 4 hydraulysk beweechbere poaten dy't rikke kinne oant likernôch 150 m djipte
    • condeeps, betonnen konstruksjes oant maksimaal likernôch 300 m djipte
    • boarplatfoarm mei jackets: stielen konstruksjes dy't rikke kinne oant likernôch 400 m djipte
    • compliant tower: in stielen konstruksje oant maksimaal likernôch 600 m djipte
  • driuwende boarplatfoarmen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.