Springe nei ynhâld

Tou

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keabel)
Flochten en slein tou.

Tou of koarde is in middel om dingen byinoar te binen of om lûkkrêften oer te bringen. Yn it lêste gefal brûkt men gauris in grouwer soarte tou, dat in keabel of seel neamd wurdt en bestiet út yninoar draaide stringen. Op har beurt besteane sokke stringen wer út ominoar hinne draaide triedden of fezels. Gewoan tou wurdt makke troch tinne triedden te flechtsjen, wylst keabels ûntsteane as stringen of fezels ominoar hinne draaid wurde yn in proses dat 'slaan' hjit. Lju dy't foar har berop tou meitsje, wurde sadwaande touslaggers neamd. Harren wurkplak is in touslaggerij op in lynbaan.

Foarhinne waard tou makke fan natuerlike materialen, lykas himp of flaaks; tsjintwurdich wurde yn 'e regel keunststoffezels brûkt, lykas nylon, polypropeen of polyester. Foar tige swier wurk besteane fierders stielkeabels, dy't makke binne fan stieltriedden. As der ferlet is fan noch sterker materiaal, wurdt yn 'e regel in keatling brûkt ynstee fan tou of keabels.

Yn earder tiid waard tou oeral foar brûkt en wie it in ûnmisber stik ark foar hast alle swiere wurk. Troch de oanhâldende meganisearring en automatisearring binne foar in protte wurksumheden tsjintwurdich metoaden beskikber wêrby't it gebrûk fan tou oerstallich wurden is. (Sa brûkt men no bgl. in heftruck om guod op te tillen dat eartiids ophyst wurde moast.) Sadwaande wurdt tou tsjintwurdich fral noch brûkt yn 'e skipfeart, om skippen fêst te lizzen en ladings fêst te setten, en yn 'e lânbou, om hikken mei ticht te binen. By sylskippen wurdt alle tugaazje dêr't de seilen mei oan 'e mêsten fêstsitte ek wol it touwurk neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.