Hikke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In hikke is stek fan hout dat fan âlds yn Fryslân (miskien fral op 'e Klaai) brûkt wurdt om sleatsdammen mei ôf te sluten. In hikke bestiet almeast út fiif of seis horizontale en trije oant fjouwer fertikale planken. De boppeste horizontale 'planke' is yn 'e regel eins in balkje. Soms binne der foar de stevichheid noch in pear planken diagonaal tafoege.

Hikken wurde oerdwers op 'e daam setten en oan wjerskanten mei touwen fêstbûn oan 'e daamspeallen. Oan 'e hikke wurde de touwen fêstmakke oan 'e beide uterste fertikale planken. It horizontale plankwurk stekt dan noch sa'n 30 sm út, wat faak genôch is om 'e daam hielendal ôf te sluten foar bisten, hoewol't minsken har der dan yn 'e regel noch wol boppe de sleat lâns omhinne swinge kinne troch har goed oan 'e daamspeal fêst te hâlden. By âldere dammen, dy't fansiden gjin betonplaten hawwe, moatte loft en rjochts yn 'e ûnderwâl faak noch in pear lytsere stekjes tafoege wurde tusken de sleatskant en daamspeal.

Dit liket op in hikke, mar is fierstente lang, en moat dêrom in stek neamd wurde.

By hikken dy't op dammen oanbrocht binne dêr't relatyf in protte ferkear te ferwachtsjen is, lykas yn natoergebieten, leannet it om metalen knieren oan te bringen dêr't se op draaie kinne. De hikspeallen moatte dan wol fan in swierder kaliber wêze as dat gebrûklik is, mei't it hiele gewicht fan 'e hikke dan op ien peal rêst as de hikke iepen stiet. Ornaris wurde hikken lykwols iepene en sletten troch oan ien kant it tou los te meitsjen en se iepen te draaien troch de oare daamspeal mei touwen as knier te brûken. Om't se breder binne as de romte tusken de peallen, kinne hikken mar ien kant út iepene wurde. Boeren ergerje har faak grien en blau oan doarpslju of stedsjers dy't om 'e iene of de oare reden op har lân wêze moatte, en dan hikken wol iepen, mar net wer tichtdogge; as in hikke tichtbûn stiet, hat dat in reden.

Der binne yn Fryslân ferskate soarten hikken dy't ôfwike fan 'e standertfariant. Sa komt yn 'e Wâlden bygelyks de wringe foar. Dat is in tige ienfâldige fariant fan 'e hikke, mei't men yn 'e Wâlden seit: "In peal mei in prikke is in wâldmanshikke". Fierders wurdt in hikke om it hiem fan in boerepleats of in state mei ôf te sluten fan 'e iepenbiere dyk in homeie, hameie, homei of hamei neamd (Biltsk: hogemei, fan it Frânske hamée). De homeie komt foar yn âlde hierkontrakten; hy moast troch de pachter ûnderholden en by it ferhúzjen oan 'e opfolger oerdroegen wurde, inkeldris tsjin de rûsde wearde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: