Springe nei ynhâld

Sint-Sebastiaantsjerke (Hatzum)

Ut Wikipedy
Sint-Sebastiaantsjerke
St.-Sebastians-Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Jemgum-Hatzum
adres Karkgang 1
koördinaten 53°18' N 7°20' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sebastiaan
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
toer 1850
boustyl romanogotyk
monumintale status kultuermonumint
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Sint-Sebastiaantsjerke (East-Fryslân)
Sint-Sebastiaantsjerke

De Sint-Sebastiaantsjerke is in protestantske tsjerke yn Hatzum, in Ortsteil fan 'e Eastfryske gemeente Jemgum. De tsjerke waard tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw as krústsjerke boud, mar ferlear yn 'e 17e iuw it dwersskip.

Ynterieur

Yn 'e midsiuwen wie Hatzum twa iuwen lang (1270-1467) de sit fan in proasdij yn it bisdom Múnster. Nei alle gedachten waard de tsjerke tsjin it ein fan 'e 13e iuw boud. De oan 'e pesthillige Sebastiaan wijde tsjerke waard yn 'e tiid fan 'e reformaasje in gebou fan 'e grifformearden, mar opfallend genôch bleau de tsjerke de namme fan 'e patroanhillige dragen.

Yn 'e 17e iuw folge der in ferbouwing fan 'e tsjerke, wêrby't it transept ôfbrutsen waard. Ek waard it stiennen ferwulft ôfbrutsen en ferfongen troch in balkeplafond. De eastlike muorre en waard mei it oangrinzgjende diel fan 'e noardlike muorre fernijd. By in restauraasje yn 1962 waarden de westlike muorre renovearre en it finster fernijd.

Súdeastlik fan 'e tsjerke stiet in frijsteande klokketoer. De toer waard yn 1850 troch Marten Bruns Schmidt boud, dy't in gelikense toer by de tsjerke fan Ditzum boude. Net dúdlik is oft der earder in toer west hat. Mooglik wie der allinne in lytse dakruter mei in klok.

Nei't de tsjerke yn 'e maaitiid fan 1945 swier besketten waard en in diel fan it dak ferneatige wie, duorre it oant 1954 dat de tsjerke wer brûkt wurde koe. Yn 2004 folge in renovaasje fan it ynterieur.

De romanogotyk fan it gebou is oan 'e twa heger lizzende bline nissen te werkennen. De lofter nis is yn in flechtwurkpatroan tichtmitsele, wylst it rjochter it fiskgraadpatroan hat. Noch dúdliker is de romanotyske styl ôf te lêzen oan 'e noardlike muorre fan 'e tsjerke. Yn 'e noardlike muorre is in rûnbôgeportaal, in tichtmitsele spitsbôgeportaal, twa spitsbôgefinsters en in romaansk finster dat nei binnen ta spitsbôgich wurdt. De twa lytse westlike finsters binne nei de restauraasje fan 2002 wer iepene. Yn it restant fan 'e eastlike muorre fan 'e noardlike transeptearm is noch in heech blyn goatysk finster te sjen.

Ek oan 'e súdlike kant waard der by de ôfbraak fan it dwersskip gjin war dien om de muorren wer egaal te meitsjen. Dúdlik is te sjen wêr't de muorren fan it transept op it skip oansletten.

De krusingspylders, skyldbôgen en muorrefersterkings binne oantinkens fan it eardere stiennen ferwult. Under de muorren fan it koer binne noch resten fan rûnbôgen te sjen.

Doopfont.

De westlike ôfsluting is lykas by it eastlike diel fan 'e tsjerke fan Bunde dûbelskalich en wurdt oan 'e binnenkant yn fiif spitsbôgefinsters ferdield, de fjouwer bûtenste finsters binne smeller en allinne it middelste gruttere finster is in echt ljochttrochlittend finster.

It ynterieur is mei in balkeplafond ôfsletten. Yn 'e barokke tiid waard tusken it koer en it skip in muorre mitsele, dy't nei binnen ta mei hout en pylderrigen beklaaid is en tagelyk as oargelkreake tsjinnet. Boppe de skieding binne oan 'e muorren noch resten fan fresko's te sjen.

By de preekstoel stiet in mei twa friezen dekorearre romaansk doopfont út de 13e iuw fan Baumberger sânstien. Op 'e hoeken fan 'e foet fan it doopbekken steane fjouwer liuwen, wêrfan ien mei in úthingjende tonge. De barokke preekstoel mei klankboerd stiet oan 'e súdlike muorre en is 17e-iuwsk.

De iken nachtmielstafel stamt út it lêste fearn fan 'e 17e iuw. De Hatzumer haadlingenfamylje Isemt fan Hatzum skonk yn 1586 de nachtmielsbeker. De rest fan it liturgyske reau datearret fan 1873. De mei in wapen fan de haadlingen famylje fersierde kastbanken deatearje út de 18e iuw.

Yn 'e tsjerke lizze grêfsarken, wêrfan't de âldste út 1505 stamt.

It âlde oargel wie in ynstrumint fan Johann Diepenbrock, dat yn 1890 as it earste oargel boud waard. Yn 1964 folge in nij oargel, dat troch Ahrend & Brunzema boud waard. It besit sân registers op in manuaal en oanhongen pedaal. Karakteristyk binne de fleugeldoarren. De kleuren fan de oargelkas binne by in feroaring yn 2004 oanbrocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.