Springe nei ynhâld

Kleaster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kleaster (gebou))
De Sint-Willibrordabdij yn Doetinchem.
Kleaster fan Sint Nilus op Stolbny-eilân yn it Seligermar by Ostasjkov yn Ruslân om 1910.
(Foto: Sergej Prokoedin-Gorski)

In kleaster (fan it Latynske claustrum, ôfsletten romte) is de mienskiplike wenning fan muontsen of monialen.

Yn de westerske kultuer binne fral de kleasters fan de katolike en de ortodokse tsjerken bekend. Yn it kristendom wie it kleasterlibben ynearsten bedoeld foar minsken dy't harren weromlûke woenen út de wrâld dy't as sûndich beskôge waard om harren oan God te wijen.

Yn de Midsiuwen wienen kleasters, en dan benammen de selsstannige abdijen, faak yntellektuele en ekonomyske sintrums.

Somtiids hie in kleaster it bewâld of bestjoer oer in gebiet; sa'n kleaster waard dan ek wol in sticht neamd.

Der binne ferskate soarten fan kleasters. In kleaster dêr't in abt (of abdis) oan it haad stiet is in abdij. In kleaster mei in prior (of priorinne) oan it haad is in priorij.

Yn it Theravada boedisme yn Tailân is der in tradysje fan boskkleasters, dy't Taiske Bosktradysje neamd wurdt.