Springe nei ynhâld

Kapittel

Ut Wikipedy
Kapittelseal yn de Katedraal fan Toledo
Kapittelseal yn de Katedraal fan Pamplona

In kapittel (fan it Latynske capitulum, capitellum) of stift is in geastlike mienskip of in bestjoerskolleezje fan almeast katolike, anglikaanske en ek wol lutherske geastliken ferbûn oan in katedraal, kapitteltsjerke of kleaster. De namme kapittel waard oan it kolleezje jûn om't der by gearkomsten yn de kapittelseal in kapittel of haadstik út de Bibel foarlêzen waard. De leden fan sa'n kapittel hjitte sekuliere kanunniken. Ek oan guon kleasters en ridderoarders binne kapittels ferbûn, en yn dat gefal wurdt der fan in regulier kapittel en reguliere kanunniken sprutsen. Dêrnjonken kin in kapittel ek ferskate oare betsjuttenissen hawwe.

Yn de sechsde iuw Benediktynske muontsen begûnen harren deistige gearkomsten mei it lêzen fan in haadstik út de Bibel of in kop fan de reglemint fan de oarder en sa stadichoan waard de útdrukking "byinoar komme foar it haadstik" (convenire ad capitulum) de betsjuttenis foar de gearkomste ynstee fan de orgaan sels. It plak fan sokke gearkomsten waard bekend as de kapittelseal.

Geastlik kapittel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under geastlike of reguliere kapittels wurde kapittels mei bedoeld dy't in kleasterregel folgje. Leden fan in kleasteroarder wurde net oantsjut as muontsen, mar as kannuniken of koarhearen. Foarbylden binne de Augustiner Koarhearen, Antoniters en krúshearen

Wrâldlik kapittel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta ûnderskaat fan kapittels ferbûn oan kleasters, wurde oare tsjerklike kapittels oantsjut as wrâldlike, kollegiale of sekuliere kapittels. Soks jout oan dat dy kannuniken gjin kleasteroarder folgje. Sokke kapittels komme hjoed-de-dei amper mear foar. Oant de Frânske tiid (yn protestantske gebieten oant de Reformaasje) wiene dat meast machtige feodale ynstellings, dêr't gauris net-ervjende soannen út aadlike famyljes in plak fûnen.

Der binne ûnderskate kapittels:

  • In domkapittel is it kolleezje fan riedjouwers dy't de biskop fan in bisdom yn in katedraal bysteane.
  • It kapittel fan in kapitteltsjerke is it kolleezje dy't lyksoarte ried jout yn in kapitteltsjerke ynstee fan in katedraal.
  • In generaalkapittel is in algemiene gearkomste fan muontsen, ornaris besteande út fertsjintwurdigers fan alle kleasters fan in oarder.
  • in provinsjaalkapittel behannelet de belangen fan in oardersprovinsje.

Ek ridderoarders sa as de Johanniteroarder of de Dútske Oarder kamen byinoar yn kapittels.

  • Joseph Evermode JANSEN, Het kapittel van de Sint-Pieterskerk te Turnhout en zijne statuten van het jaar 1634, Antwerpen, 1914
  • P. J. GOETSCHALCKX, Geschiedenis der kanunniken van het O. L. V. Kapittel te Antwerpen (1585-1700), Antwerpen, 1926
  • J. BRUGGEMAN, Inventaris van de archieven bij het Metropolitaan kapittel van Utrecht van de Roomsch Katholieke Kerk der Oudbisschoppelijke Clerezie, De Haach, 1928
  • Jan PAQUAY, Kerkelijke privilegiën verleend aan het kapittel van Windesheim der Reguliere Kanunniken van den H. Augustinus, Lummen, 1934
  • Sigismund TAGAGE, Rond de opheffing van het kapittel van St. Servaas en de verkoop van zijn goederen, Hasselt, 1962

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch Bronnen, noten en/of referenties op nl:Kapittel