Springe nei ynhâld

Feliks en Regula

Ut Wikipedy
De patroanhilligen op in brânskildere ramen fan de herfoarme tsjerke fan Elgg

Feliks en Regula († 11 septimber 286 of miskien 287) wurde as hilligen fereare yn de Roomsk Katolike Tsjerke. De hilligen binne mei Eksuperantius stedspatroanen fan de Switserske stêd Zürich. Harren reliken waarden bewarre yn trije binnenstedstsjerken fan Zürich, dy't oan de hilligen wijd binne: it Grossmünster, de Wasserkirche en it Fraumünster.

De hilligen hearre ta de groep Sefaloforen (holledragers).

De stien dêr't Feliks en Regula op ûnthalze binne

Feliks en Regula wiene neffens it ferhaal broer en suster en hearden by it saneamde Tebaanske legioen, dat ûnder lieding fan Mauritius yn Agaunum, it tsjintwurdige Saint-Maurice, stasjonearre wie. Nei't it hiele legioen him massaal ta it kristendom bekearde en wegere oan de romeinske goaden te offerjen, waarden de leden oppakt, martele en yn 286 eksekutearre. Feliks en Regula wisten út te naaien en fia Glarus yn Zürich te kommen, dêr't se oppakt en op in eilân yn de Limmat op in fjildstien ûnthâlze waarden.

Om dit ferhaal ûntstiene oant it ein fan de midsiuwen mear leginden. De wichtichste oanfolling wie yn de 13e iuw mei de ynfiering fan Ekseperantius as tredde patroanhillige fan de stêd Zürich.

Nei de ûnthalzing pakten de twa lichems harren hollen we op en rûnen fjirtich stappen de heuvel omheech nei it plak dat hja útkeazen as harren lêste rêstplak, dêr't letter it Grossmünster boud wurde soe.

By de ynfiering fan de reformaasje yn 1524 yn de stêd Zürich waarden de grêven fan de beide hilligen iepene. Oer wat der dêrnei barde mei de reliken besteane twa ferzjes. Neffens de reformator Heinrich Bullinger waarden der mar in pear bonkjes yn de grêven fan de hilligen oantroffen, dy't dêrnei begroeven waarden op it gewoane tsjerkhôf. De katoliken lykwols seine dat de oanhingers fan de nije lear fan doel wiene om de reliken fan Feliks en Regula yn de rivier te smiten. Dat slagge net om't in banneling út Uri se op 'e tiid út de tsjerke wist te heljen en se nei Andermatt brocht. Dêr binne oant de dei fan hjoed yn de Petrus en Paulustsjerke de skedels fan de twa hilligen op de sydalters te sjen, wylst de rest fan de reliken yn 1950 werom brocht binne nei Zürich en in plak krigen yn de doe nij boude katolike Feliks- en Regulatsjerke. Neffens ûndersyk datearret ien fan de skedels út de midsiuwen, wylst de twadde skedel út fragminten fan twa ferskillende skedels gearstald is, wêrfan't ien midsiuwsk is en de oare yndied út de romeinske tiid kin stamme.

De feestdei fan de hilligen is 11 septimber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: