Oerlis:Hendrik fan Meklenburch-Schwerin

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Drewes: Is it net better om 'Hindrik fan Meklenburch-Schwerin' te skriuwen? 'Hindrik' om't 'Hendrik' in fernederlânsking is; de man hiet eins 'Heinrich', dus as Nederlanners dat fernederlânskje, wêrom sille wy Friezen it dan net ferfryskje? En 'Meklenburch' om't it in grutter gebiet yn Dútslân is en in earder foarstedom (krekt as bgl. Saksen, Beieren en Brandenburch). Yn it gefal fan Meklenburch wie it gebiet ferdield yn twa hartochdommen, beide ferneamd nei de haadstêd: Meklenburch-Schwerin (nei Schwerin) en Meklenburch-Strelitz (nei Neustrelitz). En we skriuwe foar de hjoeddeiske dielsteat Mecklenburg-Vorpommern (dêr't de beide eartiidske Meklenburgen yn opgien binne) ek Meklenburch-Foarpommeren. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 jul 2017, 21.35 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: 'Ik sjoch jo punt', mar de man waard Nederlanner nei 1811. Nederlânske persoans- en famyljenammen fan nei da jier soene wy net ferfryskje ommers. Faaks moat 'fan' yn syn fan ek wol 'van' wurde. Drewes (oerlis) 17 jul 2017, 17.37 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Hmm. Ja, sa besjoen moat it yndie 'van' wurde, dat is dan konsekwint. En yn prinsipe fyn ik it ek wol in goeie regel om efternammen net te ferfryskjen, mar ik wit net oft it hâldber is foar leden fan foarstehuzen. 'Mecklenburg-Schwerin' is hjir neffens my yn it foarste plak net in efternamme, mar in aadlike titel. Dy miening wurdt nei myn idee ûnderstipe troch de Nederlânske Wikipedy, dy't yn 'e ynlieding fan it artikel oer Hindrik skriuwt: "Hendrik Wladimir Albrecht Ernst (Schwerin, 19 april 1876 – Den Haag, 3 juli 1934), prins der Nederlanden, hertog van Mecklenburg-Schwerin, [...]". De foarnammen bûten beskôging littend, kin dat neffens my net oars oerset wurde as "... prins fan de Nederlannen, hartoch fan Meklenburch-Schwerin." Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jul 2017, 17.48 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: KInne jo der sa om sliepe? Drewes (oerlis) 17 jul 2017, 18.07 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Och, Drewes, ik hie der likegoed gjin sliep om ferlern, hear. Mar ik fyn it sa wol moaier. Tige tank. En trouwens ek noch bedankt dat jo my juster even op 'e slangen en sa wiisden. Dy hie 'k blykber oer de holle sjoen doe't ik lêsten de yndieling fan 'e bisten neirûn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jul 2017, 18.16 (CEST)[beäntwurdzje]