Springe nei ynhâld

Novimberrevolúsje

Ut Wikipedy
Revolúsjonêren op de Unter den Linden
Keizer Wilhelm II (fjirde fan links) by de Belgysk-Nederlânske grins op 10 novimber 1918 ûnderweis nei syn ballingskip yn Nederlân

De Novimberrevolúsje is in rige foarfallen yn Dútslân yn 1918 en 1919 mei as hichtepunt it ôfsetten fan de Dútske keizer Wilhelm II en de foarming fan in demokratyske republyk, de Weimarrepublyk yn augustus 1919.

Lykas de Russyske Revolúsje barde de Novimberrevolúsje yn de kontekst fan de jammerdearlike gefolgen fan de Earste Wrâldoarloch. De kapitulaasje troch it opperbefel ûnder Erich Ludendorff feroarsake in politike krisis dy't late ta de machtsoername troch de liberale prins Maximiliaan van Baden. Hoewol't de wichtichste massa-arbeiderspartij, de SPD, yn it regear siet, blykte dit net genôch om de opstân foar te kommen.