Everswyn
Everswyn | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sus scrofa | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige |
It everswyn (Latynske namme: Sus scrofa), ek wol bekend as de ever of evert, it wylde swyn of de wylde baarch, is in sûchdier út it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan 'e bargen (Suidae). It is lânseigen yn hast hiel Jeropa, it grutste part fan Aazje en dielen fan Noard-Afrika, mar komt no ek as eksoat yn oare gebieten foar, lykas de Amearika's en Australaazje. It everswyn is dêr faak ferantwurdlik foar frijwat ekologyske skea oan 'e lânseigen floara en fauna. Yn Fryslân komt dizze omnivoar inkeld foar yn it uterste súdeasten. Everswinen libje yn famyljetroepen en binne benammen yn 'e skimer aktyf. Us domestisearre baarch stammet fan it everswyn ôf en plantet him der noch altyd sûnder swierrichheden mei fuort.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Nederlân kaam it everswyn foar 1800 frij algemien foar, ek yn Fryslân. Yn 'e terpen binne in soad swineskeletten fûn, al wiene dat almeast de fersille oerbliuwsels fan bisten dy't bejage, tamakke en opiten wiene. Yn 'e rin fan de njoggentjinde iuw waard it everswyn op 'e measte plakken útrûge. Yn 1888 krige men by Beetstersweach noch ien te pakken.[1] Yn 1907 waard it everswyn, op oanstean fan prins Hendrik, wer fannijs útset op 'e Feluwe. Hjoed de dei binne der yn Nederlân twa gebieten dy't foar everswinen bedoeld binne: Nasjonaal Park De Hege Feluwe en Nasjonaal Park de Meinwei, by Roerdalen, yn Limboarch. Dêrnjonken komme se ek foar yn grutte parten fan Limboarch, Twinte en Drinte, yn súdeastlik Brabân, it Ryk fan Nimwegen en op 'e Uterter Heuvelrêch, hoewol't de oerheid se dêr it leafst ferdwinen sjen soe. Yn Fryslân, benammentlik yn 'e uterste súdeastpunt fan 'e provinsje, yn 'e krite fan De Fochtel en Appelskea, komme se sûnt de Twadde Wrâldoarloch wer sporadysk foar.
It everswyn is lânseigen yn hast hiele Jeropa (útsein Yslân, Noarwegen, sintraal en noardlik Sweden en Finlân, en parten fan noardlik Ruslân. Op 'e Britske Eilannen wie it everswyn al sûnt de Midsiuwen útstoarn troch oerbejaging, mar sûnt de jierren tachtich binne fral yn súdlik Ingelân wer, sij it yllegaal, everswinen útset en/of troch bisterjochte-akvisten frijlitten út fokkerijen dy't "wyld" leveren oan eksklusive ythuzen. Bûten Jeropa is it everswyn lânseigen yn Sintraal-Aazje, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, Iraan, it Nyl-bekken oant yn Súd-Sûdaan, yn Syrenaika en yn it Atlasberchtme fan Noard-Afrika; fierders op it hiele Yndiaaske subkontinint (Sry Lanka ynbegrepen), it fêstelân fan Súdeast-Aazje, Sumatra, Java en de measten fan 'e Lytse Sûnda-eilannen; yn 'e eastlike helte fan Sina, op Taiwan, de Japanske eilannen (útsein Hokkaido) en it hiele Koreaanske Skiereilân en yn parten fan Mongoalje en súdlik Sibearje. As eksoat komt it everswyn boppedat ek noch foar yn Kalifornje, in part fan Arizona, Floarida en it saneamde Djippe Suden fan 'e Feriene Steaten, yn in diel fan súdlik Argentynje, op Nij-Guineä en yn in grut part fan noardlik en noardeastlik Austraalje.
Uterlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Folgroeide everswinen hawwe in kop-romplingte fan sa'n 120-170 sm, mei in skofthichte fan 60-110 sm. De bearen hawwe in gewicht fan 60-150 kg en de sûgen fan 45-100 kg. De bear is dan ek frijwat grutter as de sûch en beskikt oer kromme slachtosken yn 'e ûnderkaak (wat eins de ûnderhoektosken binne), dêr't er rare ferwûnings mei meitsje kinne as men him ferget of oer it mad komt. It meast opfallende oan it stal fan it everswyn is dat syn skouders heger binne as syn efterliif. Oer de wringe rint in stripe stiif rjochtoppich boarstelhier en de sturt hat in kwast oan it útein. Lykas by alle bargen is de noasspegel útgroeid ta in soarte fan skiif, dy't it bist brûkt om yn 'e ierde om te wrotten nei fretten.
Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Everswinen komme benammentlik foar yn boskgebieten, it leafst leaf- en mingde wâlden mei in protte leechhout en oare ûndergroei, mar ek wol yn âldere nuddelwâlden, gebieten mei opgeand strewelleguod, reidfjilden, moerassen en moerasbosken. Se jouwe har del yn ûndjippe kûlen dy't se op drûge plakken yn 'e boskgrûn útgroeven hawwe. Ek grave se gauris gatten op wietere plakken, dêr't dan wetter yn stean bliuwt, sadat se in modderbad nimme kinne. As de dridze opdrûget, komme der parasiten, lykas flieën en tiken yn fêst te sitten, dy't se dan troch tsjin in beam oan te wriuwen mei de opdrûge drekskulfers kwytreitsje kinne.
Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Everswinen binne benammentlik yn 'e skimer en nacht aktyf en libje yn matriargale troepen wêrby't de sûgen dúdlik in hegere status hawwe as de bearen. Sa'n troep, dy't bestiet út in stikmannich folwoeksen sûgen mei harren healwoeksen en jonge biggen, kin útgroeie ta in stik as tritich bisten, al sil in troep fan dy grutte mei gauwens útinoar falle as der brekme oan fretten is. Jonge bearen skiftsje har by it berikken fan folwoeksenens ôf en liede dan in solitêr bestean, behalven yn 'e djoeitiid, dy't tusken septimber en jannewaris falt. Dan foegje de bearen har by de troepen en befjochtsje inoar om it rjocht om mei de rûzige sûgen te pearjen. Dêrby kinne se inoar mei harren slachtosken slim ferwûnje. Yn echt wylde omstannichheden dogge de sûgen fan twajierrige en de bearen fan fjouwer- of fiifjierrige âldens mei oan 'e fuortplanting, mar yn kultuerlânskippen begjinne se dêr faak al mei op 'e âldens fan 9-10 moanne, as se noch mar krekt geslachtsryp wurden binne. De draachtiid duorret 16-17 wiken, wêrnei't der tusken jannewaris en april ornaris sân of acht streekbûnte biggen smiten wurde. As de earste smeet it troch lykfol hokker redens net hellet, folget der nochris in djoeitiid, mei in twadde smeet tusken augustus en novimber. De sûch fan it everswyn is berucht om har fûleindige ferdigening fan 'e biggen, wêrby't se nearne foar wykt. Yn it wyld wurde everswinen op syn heechst in jier as njoggen; yn finzenskip kinne se de tritich jier wol helje.
Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It everswyn is in allesiter dy't net sinnich is. Ikels en bûkenútsjes hawwe de foarkar, mar gers, plantewoartels, poddestuollen, larven, wjirmen, slakken, ynsekten en sels de jongen fan bisten as kninen, kjifdieren of fûgels wurde ek wol iten. Teffens frette everswinen wol ies, itsij fan bisten dy't in natuerlike dea stoarn binne, itsij de restanten fan proaien fan rôfdieren. Se binne opportunisten, dy't it grutste part harren kost byinoar skarrelje troch mei harren gefoelige noazen oer de boskflier en tusken de fallen blêden troch te wrotten. Ies kinne se mei harren skerpe rooksin faak al fan fierrens rûke. Se meitsje ornaris in gnoarjend lûd, mar kin heechtoanich piipje as se opwûn of yn panyk reitsje.
Status en bejaging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It everswyn hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. No't natuerlike fijannen as de wolf, lynks, brune bear en — yn it gefal fan biggen — de oehoe, fanwegen harren weromkringen út it wengebiet dat it everswyn mei de minske dielt, suver nearne mear in dûk yn 'e populaasje meitsje kinne, is de minske sels foar it everswyn it wichtichste rôfdier wurden. Bejaging troch ûnkundige (of ûnferskillige) lju liedt faak ta ûnlykwichtige populaasjes fan benammentlik jonge bisten. Yn Nederlân mei it everswyn tsjintwurdich net mear bejage wurde, al ferlient de oerheid somtiden in ûntheffing foar ôfskot as de populaasjedruk op 'e omlizzende gebieten te grut wurdt.
Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der wurde yn 'e regel fjouwer groepen ûndersoarten erkend.
Westlike ûndersoarten (scrofa)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sus scrofa scrofa (it gewoane everswyn): meast foarkommend ras, fan Frankryk oant Ruslân.
- Sus scrofa algira (it Barbarijske everswyn): yn it Atlasberchtme fan Noard-Afrika.
- Sus scrofa attila: yn East-Jeropa, de Kaukasus, Iraan en Kazachstan.
- Sus scrofa baeticus (it Ibearyske everswyn): yn it súdwesten fan it Ibearysk Skiereilân.
- Sus scrofa castilianus (it Kastyljaanske everswyn): yn 'e noardlike helte fan Spanje.
- Sus scrofa majori (it Italjaanske everswyn): yn sintraal en súdlik Itaalje.
- Sus scrofa meridionalis (it Sardyske everswyn): op Korsika en Sardynje en yn Andalúsje.
- Sus scrofa lybica (it Lybyske everswyn): yn 'e súdlike Kaukasus, Lyts-Aazje, de Balkan, de Nyldelta en Syrenaika.
- Sus scrofa sennaarensis: yn it Nyl-bekken, fan Egypte oant Súd-Sûdaan.
- Sus scrofa nigripes: yn it Tianshanberchtme yn Sintraal-Aazje.
Yndyske ûndersoarten (cristatus)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sus scrofa cristatus (it Yndyske everswyn): yn noardlike en sintraal Yndia en Súdeast-Aazje.
- Sus scrofa affinis: yn súdlik Yndia en op Sry Lanka.
- Sus scrofa davidi: yn Iraan en súdlik Sintraal-Aazje.
Eastlike ûndersoarten (leucomystax)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sus scrofa ussuricus (it Mantsjoerijske everswyn): yn Mantsjoerije en Koreä.
- Sus scrofa leucomystax (it Japanske everswyn): yn Japan (útsein Hokkaido en de Rjûkjû-eilannen).
- Sus scrofa riukiuanus (it Rjûkjûyske everswyn): op 'e Rjûkjû-eilannen, besuden Japan.
- Sus scrofa taivanus (it Taiwaneeske everswyn): op Taiwan.
- Sus scrofa moupinensis: yn eastlik Sina en Fjetnam.
- Sus scrofa sibiricus (it Sibearyske everswyn): yn Mongoalje en it Transbaikalske part fan Sibearje.
De Sûndaneeske ûndersoart (vittatus)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sus scrofa vittatus (de streekte baarch): op Malakka, Sumatra, Java en de Lytse Sûnda-eilannen.
De domestisearre baarch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sus scrofa domesticus (baarch): faak as ûndersoart fan it everswyn beskôge, mar ek wol as in aparte soart klassifisearre: Sus domestica.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Noaten
Boarnen
|
- Sûchdieresoarte
- Evenhoevige
- Baarch (famylje)
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nagorno-Karabach
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Yndoneezje
- Eksoat yn Papoea Nij-Guineä