Springe nei ynhâld

Baarch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bigge)
baarch
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift evenhoevigen (Artiodactyla)
famylje bargen (Suidae)
skaai echte swinen (Sus)
soarte everswyn (Sus scrofa)
ûndersoarte
Sus scrofa domesticus
Erxleben, 1777
IUCN-status: n.f.t. (domestisearre bist)

De baarch (Latynske namme: Sus scrofa domesticus) is de domestisearre foarm fan it everswyn (al wurdt er inkeld ek wol beskôge as in aparte bistesoart: Sus domestica). It is in lid fan it skift fan 'e evenhoevigen en de famylje fan 'e bargen, dat fiif- oant seistûzen jier lyn foar it earst troch de minske as húsdier holden waard foar it fleis, al giet it tsjintwurdich ek wol troch foar selskipsdier. Yn Nederlân wurde hjoed de dei goed 20 miljoen bargen holden. Op 'e manear sa't dat tsjintwurdich om en ta giet, binne se tige fetber foar sykten as de bargepest. Yn 'e lear fan it joadendom en de islaam wurdt de baarch oantsjut as in ûnrein bist, en oanhingers fan dy godstsjinsten is it ferbean en yt bargefleis.

Algemiene beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De baarch is een yntelligint, nijsgjirrich, sosjaal en, nettsjinsteande syn reputaasje, relatyf skjin bist, dat goed te belearen is. Troch fokkerij besteane der hjoed de dei witwat ûnderskate bargerassen. As selskipsdier is fral it hingbúkswyn populêr. Yn grutte parten fan 'e wrâld besteane populaasjes fan ferwyldere bargen, wêrfan't de foarâlden faak útset binne troch westerske seelju om op fêste punten op harren reizen oan farsk fleis komme te kinnen. Gauris rjochtsje sokke ferwyldere bargen grutte ekologyske skea oan yn dy gebieten, bgl. om't se der gjin natuerlike fijannen hawwe en/of om't it plantelibben net tsjin harren opwoeksen is. Kontreien dêr't ferwyldere bargen foarkomme, binne û.o. Austraalje, Nij-Seelân en in grut tal eilannen yn 'e Stille Súdsee.

In bûnte Bentheimer.

Hâlden en dragen en Fryske terminology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Frysk wurdt in mantsjebaarch in bear of bargebear neamd en in wyfke in sûch (Klaaifrysk) of mot (Wâldfrysk). As in sûch tyldriftich wurdt, is er rûzich, wylst in bear dan bearich wurdt. Dêr komt gauris biggerij fan en dan moat de boer te biggefangen of te biggeljen. In bargejong is in bigge en in smeet biggen wurdt in team neamd; in kastrearre mantsjebigge is bargebigge en in noch by de mem sûgjend jong is in tatebigge. In baarch fan minder as in jier âld dy't gjin bigge mear is, hjit in spjalling of spalling, wylst in bigge dy't bedoeld is foar de slacht in potfûgel neamd wurdt. Slachtsje waard foarhinne yn 'e hjerst dien; in baarch dy't dêroan ûntkaam, hiet in winterbaarch. Wat uterlik oanbelanget, hjit in baarch mei delhingjende earen in lodear of flodear, en in baarch mei rjochtopsteande earen in staach of steilear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: