Ta it skaai fan 'e echte swinen wurde anno 2024 acht libbene soarten rekkene. It dwerchswyn (Porcula salvania, foarh. 'Sus salvanius), dat der earder ek ûnder foel, is yn 2007 op basis fan nij DNA-ûndersyk yn it monotypyske skaai fan 'e dwerchswinen (Porcula) pleatst. It Fjetnameeske warteswyn (Sus bucculentus) waard earder ek as in selsstannige soarte beskôge, dy't krityk bedrige wie. Nij ûndersyk nei in plasse fan in eksimplaar dat yn 1995 yn it Annamitysk Berchtme sketten waard, brocht lykwols oan it ljocht dat dit bist gjin jildige soarte wie. Sûnt 2022 wurdt it beskôge as in wat ôfwikende populaasje fan it everswyn (Sus scrofa).