Lyts Jagtlust
Lyts Jagtlust is in bûten oan de Julianawei 73 yn It Oranjewâld yn de Nederlânske provinsje Fryslân.
Lângoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lyts Jachtlust is ien fan de trije lângoeden yn it Oranjewoudparkgebiet; de oaren binne de bûtenpleatsen Oranjewoud en Oranjestein. De earste eigner wie Pieter Heringa Cats (1823-1880). Hy wie ien fan de rykste ynwenners fan Fryslân. Letter waard Johannes Bieruma Oosting erfgenamt fan it bûten. Yn 1911 waard D. Zeeger van Duijl eigner. Yn 1940 waard it oankocht troch J. Kemper en wie it yn de jierren fjirtich en sechstiger yn gebrûk as rêst- en herstellingsoard oant it yn 1969 yn besit kaam fan G. Gaastra. Yn 1985 waard it ferkocht oan Smilde Onroerend Goed B.V. Op lângoed Lyts Jachtlust steane ferskate ryksmonuminten. It lângoed omfette ek ferskate pleatsen (Donglust, Stercorando, Semper Virens), dy't letter by Oranjestein hearden.
Bûtenpleats
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bûten is boud nei in ûntwerp fan arsjitekt Jacob Izaäks Douma. De earste stien waard lein op 17 augustus 1856. It pleistere gebou bestiet út in kelder, twa ferdjippings en in wulfdak. De earste renovaasje fûn plak yn 1867. Yn 1875 wie der in grut barren foar de bewenners, doe't húshâldster D. Garritsen arbeider J. Bakker fermoarde. Njonken de yngong betinkt in tinkstien de renovaasje yn 1876. De gevels fan it bûten, boud yn neoklassisistyske styl, wurde ferdield troch Korintyske pilasters. De balustrade fan it balkon boppe de yngong is fersierd mei in hartekop. Boppe it balkon is in finster mei in klok. It hûs is in ryksmonumint.
Oare ryksmonuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stiennen koetshûs. It bepleistere gebou mei hûs is foar 1858 boud en, neffens in tinkstien, yn 1873 útwreide.
- Houten koetshûs. Op grûn fan in ûntwerp fan arsjitekt J.I. Douma.
- Houten prieeltsje. It prieeltsje is draaiber, hat in porseleinkast en is seldsum yn syn soarte.
- Túnfaas. Dit jierdeiskado út 1937 foar de hear Van Duijl hat in dekorative wearde en kultuerhistoaryske betsjutting.
- Park en tún oanlis. In 19e-ieuske oanlein park mei âlde leanen, beamsirkels en in hartepark. It waard boud troch Johann Nicolaas Heinrich, túnman fan lângoed Oranjewoud.
- Stek. In getten izeren tagongspoarte mei de namme Klein Jagtlust en it jiertal 1856.
- Túnmanshûs. It eardere túnmanshûs, los fan it pân, waard foar 1876 boud troch J.I. Douma.
-
Stiennen koetshûs (2011)
-
Houten koetshús (2011)
-
Houten prieeltsje (2011)
-
Túnfaas (2011)
-
Stek (2011)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|