Springe nei ynhâld

Jagtlust

Ut Wikipedy

Jagtlust wie in bûtenpleats of state yn Aldskoat en stie op it plak fan it eardere Tektronix.

Der is noch in fiver en inkele stikken fan de kelder oer. It boerespultsje hearde as túnmanswente by it bûten.

Op de kaart fan Schotanus fan 1718 stiet it bûten al oanjûn en is dan eigendom fan de famylje Bouricius. It wie doe nei alle gedachten in stimdragende sate mei in pear keamers foar de eigener. Yn 1789 wurdt it foar it earst neamd yn it reëel-kohier as 'een buitenplaats met huizinge, hovinge en hiemenge, met wandelbos en wallen'. It is dan eigendom fan de grytman Martinus van Scheltinga (1777 - 1795), dy't it út de boedel fan syn omke grytman Menno Coehoorn van Scheltinga (1715 - 1777) erfd hawwe sil, as foud fan syn dochter Martha Kinnema van Scheltinga. Yn it kohier stiet teminsten fermelden "Nomen Filiaie", wat frij oersetten betsjut "op namme fan syn dochter". Dizze Martha (1774 -1847) wie neamd nei har âld-muoike Martha Kinnema van Scheltinga, de frou fan de earder neamde grytman Menno Coehoorn van Scheltinga (sjoch de wapenboerden boppe de tsjerkedoarren fan Nijhoarne en Aldskoat. Martha boaske yn 1801 mei Pompejus Onno van Vierssen (1765 - 1852), earst offisier en letter Maire fan De Knipe (1811 - 1816), dêrnei grytman fn Weststellingwerf (1816 - 1820) en grytman fan Skoatterlân (1820 -1833). It houlik bleau sûnder bern. Martha wenne yn Aldskoat, har man op It Hearrenfean.

Yn 1832 ferkocht Martha it bûten oan Jan Berend Wouters (heit fan Julia, dy't de Wouterstifting oprjochte). Dizze ferkocht it yn 1845 oan jonkhear mr. Onno Reint van Andringa de Kempenaer, nei waans dea (1868) it bûten yn ferfal rekke. It waard urven troch Mr. Pieter Heringa Cats en nei dy syn dea troch Johannes Bieruma Oosting, waans erven it op ôfbraak ferkeapje lieten (1875).

Jagtlust moat in frij leech gebou west hawwe mei 22 keamers - yn huzinge Oranjestein yn It Oranjewâld is noch in ôfbylding der fan mei twa foto's yn it Museum Willem van Haren. Jhr. Andringa de Kempenaer wie in bekend lânûntginner en hie in modelbuorkerij neist it eardere molkfabryk - no meubel-buorkerij.