Springe nei ynhâld

Museum It Hearrenfean

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Museum Willem van Haren)
Museum It Hearrenfean,
Museum Willem van Haren
  museum
Museum It Hearrenfean
Museum It Hearrenfean
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeenteFlagge fan It Hearrenfean It Hearrenfean
plakIt Hearrenfean
adresMinckelersstraat
koördinaten52° 58' NB 5° 56' EL
Algemiene gegevens
ferneamd neiWillem van Haren
typeKultuerhistoarysk
oprjochting1982
netwurk(en)Museumfederaasje Fryslân
Arsjitektuer
type gebouSkoalle
boujier1682
monumint. statusGemeentlik monumint (Minckelersstraat 11)
Ryksmonumint (Van Harenspad 50)
monumintnûmer0074/155 (Minckelersstraat 11)
21164 (Van Harenspad 50)
Offisjele webside
museumheerenveen.frl
Kaart
Museum It Hearrenfean (It Hearrenfean)
Museum It Hearrenfean
Lokaasje op It Hearrenfean

Museum It Hearrenfean (Museum Heerenveen), it eardere Museum Willem van Haren, is in kultuerhistoarysk museum op It Hearrenfean.

It museum is neamd nei Willem van Haren (grytman) (1655-1728). Fan 1944 ôf docht in gebou oan de Vleesmarkt tsjinst as âldheidkeamer, wêr’t in kolleksje ûnderbrocht is oer de skiednis fan It Hearrenfean. Yn 1982 ferhuzet de kolleksje nei in pân oan it Van Harenspaad en sûnt dy tiid hjit it: Museum Willem van Haren. Yn 1999 wurdt it neistlizzende eardere skoalgebou (MULO) by it museum lutsen, sadat der mear romte komt foar tentoanstellingen. It gebou hjit De Heerenveense School. Hjiryn sitte ek De Cirkel, in sintrum foar keunstsinnige foarming en fêstigingen fan VVV en ANWB.

Kolleksjes en tentoanstellingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Skiednis fan It Hearrenfean (mei in makette fan It Hearrenfean, sa’t it der yn 1830 útseach).
  • Tentoanstelling oer de foarname famyljes en harren betsjinners dy't in lângoed hienen yn It Oranjewâld.
  • It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is ûnderdeel fan it Willem van Haren Museum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: