Springe nei ynhâld

Museum It Hearrenfean

Ut Wikipedy

Museum It Hearrenfean (Museum Heerenveen), it eardere Museum Willem van Haren, is in kultuerhistoarysk museum op It Hearrenfean.

It museum is neamd nei Willem van Haren (grytman) (1655-1728). Fan 1944 ôf docht in gebou oan de Vleesmarkt tsjinst as âldheidkeamer, wêr’t in kolleksje ûnderbrocht is oer de skiednis fan It Hearrenfean. Yn 1982 ferhuzet de kolleksje nei in pân oan it Van Harenspaad en sûnt dy tiid hjit it: Museum Willem van Haren. Yn 1999 wurdt it neistlizzende eardere skoalgebou (MULO) by it museum lutsen, sadat der mear romte komt foar tentoanstellingen. It gebou hjit De Heerenveense School. Hjiryn sitte ek De Cirkel, in sintrum foar keunstsinnige foarming en fêstigingen fan VVV en ANWB.

Kolleksjes en tentoanstellingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Skiednis fan It Hearrenfean (mei in makette fan It Hearrenfean, sa’t it der yn 1830 útseach).
  • Tentoanstelling oer de foarname famyljes en harren betsjinners dy't in lângoed hienen yn It Oranjewâld.
  • It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is ûnderdeel fan it Willem van Haren Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: