Springe nei ynhâld

Pompejus Onno van Vierssen

Ut Wikipedy

Pompejus Onno van Vierssen (Ljouwert, 11 juny 1765 - It Hearrenfean 15 april 1852) wie in Frysk politikus.

Pompejus wie de soan fan Livius van Vierssen en Sophia Henrietta de Valeke. Foar 1795 luitenant by de ynfantery, yn 1812 Algemiene Ried fan it Departemint Fryslân, yn 1813 maire en yn 1816 Skout fan de Knipe en grytman fan Stellingwerf-Westein. De lêste betrekking wiksele hy yn 1820 mei dy fan Skoatterlân.

Hy troude yn 1799 Martha Kinnema fan Scheltinga,(* 25 juny 1775 - 8 febrewaris 1847). Hy stoar yn de âldens fan 86 jier as amteleas boarger op It Hearrenfean, neidat hy yn 1833 syn earfol ûntslach as grytman fan Skoatterlân krigen hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: