Skout

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In Skout (Aldfrysk: Skelta) wie yn it tiidrek fan de Midsieuwen (800-1200) in persoan dy't as lieder fungeare by in rjochtsgeding. Sels spruts er gjin rjocht, dit wie de taak fan de asega (rjochtsizzer). De skout wie fan Frankyske oarsprong, de asega kaam fan de Friezen sels, omdat it rjocht fûn wurde moast. Allinnich in deskundige fan it folks sels koe dit. De skout wie in amtner en út namme fan de Greve soarge hy dat it rjocht syn beloop krige. It rjocht út dit tiidrek hiet skouterjocht.

Yn de rin fan 12e ieu begûn it Greeflik gesach yn de Fryske gebieten ôf te takeljen. Om-ende-by 1200 ferdwûn de asega en de skout yn Fryslân, Grinslân en East-Fryslân. Der foar yn plak kaam yn Fryslân de Grytman dy't sawol de funksje fan skout en asega yn him hie.