Springe nei ynhâld

Douwe van der Meulen

Ut Wikipedy
Douwe van der Meulen
skriuwer
Douwe van der Meulen
Douwe van der Meulen
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne14 novimber 1954
berteplakIt Oranjewâld
etnisiteitFrysk
wurk
taalFrysk Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Frysk Puzelwurdboek
jierren aktyf1982-no
offisjele webside
gjint

Douwe van der Meulen, (It Oranjewâld, 14 novimber 1954), is in Frysk ûnderwizer, skriuwer en makker fan Frysktalige en Nederlânsktalige puzels.

Nei de Albertine Agnesskoalle yn It Oranjewâld gie hy nei de Ryks Skoallemienskip (RSG) op It Hearrenfean. Yn 1977 helle er it ûnderwizersdiploma oan de Ryks Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Dêrnei wurke er as ûnderwizer yn Krimpen aan den IJssel en Soest. Hy wenne yn Baarn en letter yn Driebergen-Rijsenburg.

Puzels yn tydskriften en blêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwerter Krante

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1982 helle Van der Meulen de Akte Frysk (LU). By dy stúdzje pakte er geregeld in Nederlânsk puzelboekje foar de ûntspanning. Omdat der yn it Frysk noch gjin kryptogrammen bestiene, makke er út aardichheid sels in Frysk kryptogram, dat publisearre waard yn partijblêd De Frijbûtser fan de FNP. Sûnt 1982 ferskynde der om de fjirtjin dagen in Frysk kryptogram fan syn hân yn de Ljouwerter Krante.[1] Nei 1992 waarden dy ôfwiksele mei Fryske krúswurdpuzels.

De diagrammen waarden sa ûntwurpen dat de letters LC fan de krante der yn werom te finen binne as in soarte fan hannelsmerk. Dat wie ek te sjen yn syn Nederlânske kryptogrammen dy’t er sûnt 1991 fiifentweintich jier lang foar de krante makke. [2]. Letter krigen syn Fryske puzeldiagrammen de foarm fan in pompeblêd, as in weromkommend hannelsmerk. Begjin 2026 waard bekend dat er, nei 45 jier puzels meitsjen foar de LC, yn 2027 ophâlde sil mei it ûntwerpen fan Fryske puzels foar de krante. [3] Yn 2026 ferskynde syn twatûzenste krantepuzel.[4]

Swierrichheden by it meitsjen fan Fryske puzels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meitsjen fan Fryske puzels hat syn eigen swierrichheden:

  • der moat omtinken jûn wurde oan de diakrityske tekens op ienlûden (bygelyks u / û / ú )
  • Fryske wurden begjinne nea mei in V, C, X of Z
  • in y mei net mei in ij kruse
  • de letter ij is ien letter, wat foar in soad kompjûterprogramma’s lestich is
  • de Fryske wurdskat fan puzelders is ornaris net sa grut
Kryptogram
Puzel út it magazine fan It Fryske Gea
Puzel út de Friesland Post

Sûnt 1992 ferskine fan him ek Nederlânske puzels yn de Friesland Post. It giet om in grut ferskaat oan puzelsoarten, allegear mei in bining mei Fryslân. Dy ferbining kin yn de opmaak sitte: trochstreekpuzels yn de foarm fan in gemeentewapen, in alvestêdekrúske of in pompeblêd.[5] Ek it ûnderwerp hat faak in Fryske link: in gemeente of plak, in bekende Fries (Rients Gratama, Foppe de Haan of Tetman en Jarich de Vries), of oare tema’s mei in dúdlik Frysk karakter (RONO, Uleboerd, letterlapen, Fryske doarpshuzen).

De ienheid yn foarm en ynhâld komt ek dúdlik nei foaren yn de puzels foar it magazine fan It Fryske Gea. Yn de foarm fan it logo fan It Fryske Gea steane dan fjildnammen, fûgelsoarten en beskerme planten sintraal.

Douwe van der Meulen makket ek puzels foar blêden bûten Fryslân, ûnder oare foar de ledeblêden fan de FNV.

Frysk Puzelwurdboek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1992 ferskynde by de AFUK fan syn hân it Frysk Puzelwurdboek. De earste helte fan it puzelwurdboek giet út fan de omskriuwings dy’t yn de puzelopjeften foarkomme. De mooglike oplossings – de 'frege' wurden – steane efter de omskriuwing neamd. It giet fan koarte nei lange wurden en jout safolle mooglik synonimen en foarbylden. It twadde diel fan it puzelwurdboek bestiet út tematyske rubriken as fûgels, Fryske wetternammen, wizen fan 'gean' en Fryske foarnammen.

Digitale projekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 socht Van der Meulen gearwurking mei Otto B. Wiersma, in ICT-er op it mêd fan Nederlânske puzels. Tegearre brochten se de Fryske Puzelensyklopedy op skiif út. Omdat it puzelwurdboek allinnich yn papieren foarm beskikber wie, moast alle ynhâld oertypt wurde nei in digitaal bestân. De digitale Fryske Puzelensyklopedy ferskynde yn 2002 op CD-ROM. It programma kin, neist it sykjen nei puzelwurden, ek anagrammen opspoare en wurden fine dêr’t letters yn ûntbrekke.

Yn datselde jier ferskynde ek it Fryske digitale taalspultsje Wurdwiis. In rûch bestân fan mear as hûnderttûzen wurden fan de Fryske Akademy foarme de basis foar de wurdlisten efter it programma. Tiidwurdfoarmen, eigennammen, plaknammen en âldfrinzige wurden en eigennammen moasten útfiltere wurde. Dêrnei waarden wurdlisten op oantal letters oanmakke en yndield op swierrichheid (fan ien oant fiif ‘stjerren’). Benammen de diakrityske tekens fregen in soad tiid en omtinken, om’t krusende letters deselde kapkes en skrapkes hawwe moasten. Mei de nij oanmakke bestannen koene programma’s ûntwikkele wurde. Yn 2002 kaam it ynteraktive Wurdwiis út op skiif, tagelyk mei de Fryske Puzelensyklopedy.

Yn 2006 en 2007 foarmen de bestannen de basis foar ynteraktive puzels dy’t op de webside fan de Ljouwerter Krante op te lossen wiene.

Om’t beide manlju kânsen seagen foar it Frysk yn it ûnderwiis waarden digitale Fryske puzels ûntwikkele dy’t spesjaal foar skoallen bedoeld wiene. Dêrfoar moasten earst nije bestannen makke wurde dy’t de basis tsjinje koene. De wurdlisten mei tûzenen wurden fan de Fryske Akademy moasten op ‘e nij hânmjittich útsocht wurde. Sûnttiids kinne Fryske puzels downloade wurde op harren website www.puzel.nl. Dêr kinne abonneminten nomd wurde op ferskate Fryske puzels en puzelpakketten.

Wachtfersêfters en logigrammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foarbyld fan in Wachtfersêfter

Sûnt 2002 makke Van der Meulen ek Nederlânsktalige puzels dy’t ûnder de namme Wachtfersêfter yn wachtkeamers en boppe toskedokterstuollen hingje. It binne puzels dy’t sûnder papier oplost wurde kinne en dy’t as abonnemint te besetten binne.

Fan syn hân steane ek in tal Fryske logigrammen, ek wol logyske puzels neamd, op in side mei logigrammen. [6] Nederlânske en Fryske puzels kinne dêr ynteraktyf oplost wurde.

Begjin 2026 waard bekend dat er, nei 45 jier puzels meitsjen foar de LC, yn 2027 stopje sil mei it ûntwerpen fan Fryske puzels foar de krante.

Frysk Puzzelboek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Frysk Puzelboek
boekje 3
boekje 4

It Frysk Puzzelboek is it earst ferskynde Fryske puzelboekje en kaam út yn 1983 by de Friese Pers Boekerij. It is fold mei 15 krúswurdpuzels en 14 kryptogrammen.

Foaryn stiet in Fryske hantlieding foar it oplossen fan kryptogrammen, en efteryn steane de oplossings.

Frysk Puzelboekje 3

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk puzelboekje 3 ferskynde yn 1989 by de Afûk. It nûmer 3 is in ferfolch op de Fryske puzelboekjes 1 en 2 fan Jaap Wolthuizen dy’t yn 1984 ferskynd wiene by de Afûk. Frysk puzelboekje 3 is keppele oan it Frysk puzelboekje 4: efteryn diel 3 steane de oplossings fan diel 4. Yn it boekje steane ferskate puzelsoarten: fan kreakeling, krúswurdpuzels, nammekaartsjes, trochrinners, wurdsikers, tsjaskers, muorrebrekkers oant lispuzels, anagrammen en oare logyske puzels. It boekje is tagelyk útkomd mei Frysk puzelboekje 4.

Frysk Puzelboekje 4

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk Puzelboekje 4 ferskynde yn 1989 by de Afûk. It nûmer is in ferfolch op de Fryske puzelboekjes 1 en 2 dy’t yn 1984 ferskynden by de Afûk. It boekje is keppele oan Frysk puzelboekje 3: efteryn diel 4 steane de oplossings fan diel 3. Yn it boekje steane ferskate puzelsoarten: kryptogrammen, krúswurdpuzels, logogrammen, wurdsikers en tsjaskers. Fierders befettet it ferburgen plaknammen, sitaatpuzels, spiraalpuzels, ynfolpuzels, lûdsikers, siferkoadepuzels en wurdferfoarmers. It puzelboekje is tagelyk útkomd mei Frysk puzelboekje 3.

Foar de heechste klassen fan it basisûnderwiis yn de gemeenten Soest en Baarn makke er twa fisuele hiemkundige presintaasjes.

Syn Baarnske kanon Sporen naar een serredorp foarme de basis foar it jubileumboek fan de Historische Kring Baerne (HKB). Van der Meulen wie as inisjatyfnimmer en auteur ek lid fan de redaksje fan it yn 2014 ferskynde Duizend jaar Baarn - geschiedenis van een Eemlands dorp.

Tsien jier letter wie er, tegearre mei Frits Booy, einredakteur fan it jubileumboek Baarn in de wereld – De wereld in Baarn, dat útjûn waard by gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan de HKB.[7]

Artikels (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Caroline van der Hucht-Kerkhoven en haar kring, yn Tussen Vecht en Eem, juny 2018, side 122.
  • DOKA-zegels (1963-1975), yn Baerne fan de Historische Kring Baerne, juny 2018, 42e jiergong nr.2.
  • KPS, uit naam van Paleis Soestdijk, yn Van Zoys tot Soest fan de Historische Vereniging Soest, juny 2017, side 26.
  • Herman Kruyder, een getroebleerd kunstenaar, yn Tussen Vecht en Eem, septimber 2017, side 192.
  • De Eembrug, yn Baerne fan de Historische Kring Baerne, septimber 2016, 40e jiergong nr. 3, side 66.
  • Gerbrand Faas Elias (1784-1864), yn Baerne fan de Historische Kring Baerne, desimber 2016, 40e jiergong nr. 4, side 126.
  • De Nederlandsche Kinderbond, afdeling Baarn, yn Baerne fan de Historische Kring Baerne; maart 2019, 43e jiergong nr. 1 side 8.
  • Wurdwiis, (T&O Software, 2002), mei Otto B. Wiersma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Men moat tiid hawwe en wat ynspiraasje, Ljouwerter Krante, side 27, 1 novimber 1991.
  • Duwer van wieken geeft verborgen antwoorden, Ljouwerter Krante, side 14, 7 april 2007.
  • Utpuzele, Leeuwarder Courant, Sneon & Snein side 22-23; 3 jannewaris 2026.

  1. ↑ Ljouwerter Krante, tongersdei 8 april 1982, side 13
  2. ↑ Leeuwarder Courant, 16 februari 1991
  3. ↑ Utpuzele, Leeuwarder Courant, Sneon & Snein side 22-23; 3 jannewaris 2026
  4. ↑ Puzelnoed: Fryske kryptogramman, yn: De Moanne, juny 2026, side 44-48
  5. ↑ 25 jaar puzzelen in stijl, Friesland Post, maaie 2017, side 90
  6. ↑ Website Logiquiz
  7. ↑ Het is net schatgraven: Het jubileumboek van de Historische Kring Baerne, yn: Baarnsche Courant, 13 desimber 2024
  8. ↑ Bibliotheek.nl
  9. ↑ RTV Eemland1, 29 septimber 2024