Springe nei ynhâld

Belvedêre (It Oranjewâld)

Ut Wikipedy
Belvedêre
Belvedêre plakette
Belvedêre op ôfstân

De Belvedêre fan It Oranjewâld by It Hearrenfean is boud troch Andreas Willem Tjaarda op de ‘Berch fan Brongergea’, in lytse hichte fan hast tsien meter heech. Letter waard dit gebiet Tsjaarda’s Bosk neamd. De earste ferzje wie in houten konstruksje út 1917. Yn 1924 liet Tjaarda dizze útsichttoer fanwege boufallichheid ferfange troch in toer fan wapene beton. Dizze waard boud troch de firma Boltje en Buwalda út It Hearrenfean, dy't ek de betonnen klokkestoel fan Lúnbert út 1921 boud hie. De belvedêre is, nei it pân fan iissalon La Venezia yn Ljouwert út 1911, it âldste fan beton oplutsen bouwurk yn Fryslân.

De achtkante útsichttoer hat njoggen treppen fan tolve trêden en in hichte fan achttjin meter. Mei de hichte fan it heuveltsje derby teld is de eachhichte fan in persoan op de toer hast tritich meter boppe it meanfjild. Dizze toer rekke ek yn ferfal, mar ynstee fan sloop waard de belvedêre nei santich jier restaurearre. Yn 1998 binne de belvedêre en it derom hinne lizzende Tjaarda's Bosk oanwiisd as ryksmonumint. Yn 2009 / 2010 wie der wer in grutte renovaasje fan it beton wêrby't it rustkjende betonizer oanpakt waard. Der is ek in stek om 'e toer delset. Der is ek in oriïntaasjetafel, mar it ôfbyld foar de oriïntaasje mist no.

De namme Belvedêre waard ek jûn oan it Museum Belvédère.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]