Lomme Schokker
Lomme Schokker (It Oranjewâld, 20 septimber 1952) is in Frysk skriuwer út Hillegom.
Lomme Schokker waard as de helte fan in twilling berne yn de Altenaleane yn It Oranjewâld, syn twillingbroer is de skriuwer Jan Schokker. Yn Tilburch studearre hy foar beropskaradviseur. Nei syn skieding fan in Amerikaanske frou wurke er by it Arbeidsburo yn Haarlim. Mei syn twadde frou ferhuze er nei Hillegom.
Yn syn stúdzjetiid hie hy al in kursus Frysk folge. Nei syn pensjonearring folge er in ynternetkursus kreatyf skriuwen by de Afûk. Om de taal better yn de macht te krijen makke hy in Fryske oersetting fan The Raven fan Edgar Allen Poe. Ein 2017 begûn er mei in blog oer literatuer, maatskiplike ûntwikkelings en it deistige libben. Tema yn al syn wurk is macht en ûnmacht. Net allinnich yn persoanlike relaasjes, mar ek yn 'hoe’t minsken har ta harren goaden en de polityk ferhâlde'.
Syn earste eigen lange gedicht Ballade fan âlde pake ferskynde yn it literêre tydskrift Ensafh.
Yn 2017 wûn er de Rely Jorritsmapriis mei syn ferhaal De oanhâldende gearspanning fan idioaten. In jier letter wûn er nochris, no mei it ferhaal It weagjen fan de see. Hjirby waard er inspirearre troch de ferskuorrende nijsfoto mei it jonkje Alyan dat oanspielde op de Turske kust. Sûnt novimber 2017 hâldt hy in bloch by op lommeschokker.frl.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rely Jorritsmapriis 2018 foar It weagjen fan de see
- Rely Jorritsmapriis 2017 foar De oanhâldende gearspanning fan idioaten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|