Jan Schokker

Ut Wikipedy
Jan Schokker
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Schokker
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 septimber 1952
berteplak It Oranjewâld (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre plysjeromans & toanielstikken
perioade 20e / 21e iuw
bekendste
  wurk(en)
rige Ale Alema
útjouwer Utjouwerij Elikser
jierren aktyf sûnt 1966
offisjele webside
Hiemside fan Jan Schokker


Jan Schokker (It Oranjewâld, 20 septimber 1952) is in Frysk skriuwer út Jonkerslân.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Schokker waard berne yn de Altenaleane yn It Oranjewâld. Op de legere skoalle siet hy yn de klas by master Cor Hoekstra, de lettere cartoonist CORK. Schokker seach altyd mei belangstelling nei de tekeningen fan Hoekstra. Syn twillingbroer is skriuwer Lomme Schokker. As timmermanssoan gie er nei de ambachtsskoalle omdat er elektrisien wurde woe. Nei in tal jierren yn de elektroanika en de it ynstallaasjewurk begûn er foar himsels. Al gau waard er frege om in reklameboerd te meitsjen. Dat wie it begjin fan it bedriuw dat er no hat: in bedriuw yn standbou en belettering.

Schokker fynt dat er net foldocht oan it byld fan de measte skriuwers. Hy is gjin literatuerkenner, lêst net folle boeken en hy ferdocht syn tiid net oan research oer hoe’t it krekt op it plysjeburo om en ta giet of hoe ’t de resjerzje wurket. Skriuwe docht er al hiel lang, doe't er fjirtjin wie, makke er al stikjes foar de jubilieumrevu fan de kuorbalferiening Blau-Wyt op It Hearrenfean. Foar de toanielferiening fan Jonkerslân skreaun er meardere blijspullen. Yn de rin fan de jierren hat er mear revu's en toanielstikken skreaun, oant no ta hat er in stik of 15 toanielstikken skreaun. Sawol yn it Frysk as it Nederlânsk. It tal Fryske toanielstikken waard útjûn troch de Stifting Utjouwerij Frysk.
Hy skreau ek wol ferhalen, net om út te jaan, mar foar geniet fan him sels. De basis fan syn humoristyske ferhaal is ferwûndering en wat bryk tinken, krektas by in cartoon. Syn cartoons ferskynden yn de begjintiid op de foarside fan De Koerier, letter op Nijs.frl. By it skriuwen fan ferhalen spûke him gauris it idee troch 'e holle om in roman te skriuwen. Hy wist fuortendaliks dat it in plysjeroman wurde moast. By it skriuwen hat Schokker noch net daliks in plot foar eagen, dat ûnstiet tidens it skriuwen. It ferhaal giet ek wolris in oare kant út as dat earst de bedoeling wie. Doe’t syn earste manuskript foar in roman net akseptearre waard troch Friese Pers Boekerij begûn er oan in nij boek.

Yn 2008 kaam syn debút dan ek út: De Koalmasaak, it earste diel fan de Ale Alema-rige. It boek kaam út by Utjouwerij Elikser fan Jitske Kingma. Mei in tal oanwizings fan Kingma waard de ynhâld wat oanpast en kaam der in leauweardiger ein.De haadpersoan yn it boek is Ale Alema, ferneamd nei in omke fan Schokker mei de Anne Annema. Ale Alema is in resersjeur op jierren, dy’t krektas Schokker sels, leafst wat syn eigen gong giet. Boate Koalma, direkteur fan Koalma Konstruksjes, hat himsels deariden tsjin in beam. It liket in ûngelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat Koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat, dûkt Ale Alema der djip yn. Yn begjin 2011 folge de twadde yn de Ale Alema-mystearje, it krige de titel De SUC-saak en de bonken fan Brongergea mei. It boek spilet him, lykas de earste Ale Alema, fral ôf op It Hearrenfean en yn de omlizzende doarpen.

"De SUC-saak" ferwiist nei in spesjale resjerzje-ôfdieling dy't ynskeakele wurdt om in binde autodieven op te pakken. It twadde ferhaal giet oer de bonken fan Brongergea, dy't troch in ploechje boufakkers fûn wurdt. Heal novimber 2011 ferskynde de tredde Ale Alema al, it hat de titel Djipdún. It boek giet oer de fermissing fan Anna Buttenveldt van Him; har man ropt de help fan Ale Alema yn, mar letter wurdt dy man deafûn. Mei it finen fan it boek "Dramatysk Djipdún", dat skreaun is troch Anna, begjint in speurtocht dy't djip giet. It boek waard presintearre op 24 novimber 2011 en it earste eksimplaar wie foar de boargemaster fan Opsterlân, Francisca Ravestein.

Ein novimber 2012 kaam it fjirde Ale Alema-mystearje út: Lykspul. Yn dat boek wurdt Alema konfrontearre mei in deade yn 'e klaaikeamer fan it Abe Lenstra stadion, op It Hearrenfean.

Jan Schokker kin in soad fan himsels kwyt yn resersjeur Ale Alema. De flecht fan Victor is skreaun doe’t er krektas haadpersoan Ale Alema tsjin syn pinsjoen oan siet. Alema hie it dêr net maklik mei en Schokker wie yn dy snuorje dwaande om syn bedriuw oer te dwaan oan syn soan.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2021: De flecht fan Victor
  • 2018: De humor yn
  • 2016: Kabel en tou
  • 2015: Tichtby
  • 2012: Lykspyl
  • 2011: Djipdún
  • 2011: De SUC-saak en de bonken fan Brongergea
  • 2008: De Koalmasaak

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: