Chris Fokma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hannen (1970) yn Ljouwert
Swaan mei wapenskylden (1970), Ljouwert

Christiaan Willem (Chris) Fokma (It Oranjewâld, 27 maart 1927 - Charaix-Plouguer, 12 desimber 2012) is in Fryske byldhouwer en keramist.[1]

Fokma folge nei de hbs in jier de oplieding boukunde oan de universiteit yn Delft, mar stapte doe oer nei de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.[2]. Hy krige les fan Piet Esser. Neist frijsteande skulptueren, makke Fokma meerdere gevelreliëfs, meastentiids útfierd yn keramyk.[3] Hy wie neist keunstner ek learaar oan de Fryske keunstnijverheidsskoalle en om 1960 in tal jierren tekenlearaar oan de Ryks-HBS, beide yn Ljouwert. Begûn yn 1965 mei it ûntwikkeljen fan in eigen technyk troch it baarnen fan kleur yn glês yn elektryske ovens by hege temperatuer. Wie oant de opheffing yn 1965 bestjoerslid fan it Bûn fan Fryske Keunstners.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burgum

  • sûnder titel, reliëf blom mei flinters (1967)
  • monumint yn de Krústsjerke (1967)[4]
  • sûnder titel, keramiken gevelfersiering oan mavo (1971)

Beilen

  • Blomkesykjend famke (1964)

Grou

  • Fisken, Dokter Schoustrastrjitte
Boarstbyld fan Waling-om yn Hallum

Hallum

Ljouwert

  • Fûgels (1964), fontein oan it Europaplein
  • Libbenswille (1965) Cornelis Trooststrjitte
  • Boartsjend hûntsje (1966), by 'De Beukeboom' Jelsumerstrjitte
  • Hannen (1970)
  • Betinkingsmonumint Burmaniahûs (1995)[5]

Mitselwier

  • Oarlochsmonumint (1968)[6]

Easterwâlde

  • It Skip (1962), keramiken reliëf, eartiids oan de Buttingasingel (wurdt werpleatst)
  • Famke mei bal (1962), Buttingasingel

Snits

  • Bear (1965), Koningin Wilhelminastrjitte
  • Klok mei piken (1965), gevelreliëf oan de Napjusstrjitte. Weihelle by sloop.

Starum

Wâldsein

  • Seinefiskjen (1992), Op 'e Romte (gevel doarpshûs)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
  2. Leeuwarder Courant, 21-01-1967
  3. Keunstwurk
  4. Burgum, monumint yn de Krústsjerke
  5. Ljouwert, betinkingsmonumint yn it Burmaniahûs
  6. Mitselwier, monumint by it eardere gemeentehûs