Oranjewâldfontein

Ut Wikipedy
Fontein/ sinnewizer

De Oranjewâldfontein is in fontein en in sinnewizer yn It Oranjewâld súdeast fan It Hearrenfean.

It keunstwurk is in mitsele bouwurk út 2001 mei in diameter fan 22 meter. Yn de gnomon, mei in hichte fan 4 meter, is in fontein makke dy't op bepaalde tiden wetter spuitet. It wetter rint middels sân goatsjes nei de oeren (6, 8, 10, 12, 14, 16 en 18 oere). It skaad fan de gnomon jout de tiid oan. Yn dizze klok spylje dus de sinne, skaad en wetter in rol. It noarden is 12 oere, it easten 18 oere, it westen 6 oere. It keunstwurk hâldt gjin rekken mei de werklike tiid troch it jier hinne. It totale bouwurk leit binnen in rotonde yn wenwyk It Oranjewâld-Noard.