Strjitten op It Oranjewâld

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Albertine Agnes fan Nassau

De Strjitten op It Oranjewâld:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Albertine Agneswei - Fan hotel 'Tjaarda' nei de Oranjebrêge dêr’t De Block fan Scheltingawei oergiet yn de Lindeleane. Waard yn de folksmûle "Skeansingel" of "Skeandyk" neamd. Albertine Agnes wie in dochter fan de Hollânske steedhâlder Frederik Hendrik en frou fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik. Om 1664 hinne kocht hja in soad eigendommen yn dizze omkriten en lei dêrmei de grûnslach foar de Nassauske domeinen. Oer har stiet yn de Ensyklopedy fan Fryslân: 'Albertine Agnes, prinses fan Oranje Nassau, berne yn De Haach op 9 april 1634 en ferstoarn yn It Oranjewâld op 14 maaie 1696. Se wie de dochter fan Frederik Hendrik en Amalia fan Solms. Hja boaske yn Kleef op 2 maaie 1652 har efterneef Willem Frederik. Amalia wantroude Willem Frederik as eventuele opfolger fan Willem II. Nei de dea fan har man (1664) naam Albertine Agnes it steedhâlderskip fan Fryslân, Grinslân en Drinte waar, oant de mearderjierrichheid fan har soan Hindrik Casimir II (1675) waans opfieding har in soad swierrichheden joech. Yn 1672 droech hja in soad by ta de ferdigening fan Fryslân, ek finansjeel. Yn de twisten tusken har soan en Willem III besocht se te bemiddeljen. Nei 1679 libbe se meast yn Nassau, wêr’t se it regear hâlden hie en Oranienstein by Dietz bouwe liet, en it ek troch har oanleine Oranjewâld. Hja wie keunstminnend, joech grutte feesten en liet in soad skulden nei'. De wei sil nei alle gedachten nei 1848 oanlein wêze; op de gemeentekaart fan Wopke Eekhoff fan dat jier komt de wei net foar.
  • Amalialeane (ferfallen) – yn útwreidingsplan It Oranjewâld-noard fan de mini-rotonde yn de Henriëtte Amalialeane yn noardlike rjochting en dan yn súdwestlike rjochting nei de Cissy van Marxveldtleane. De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de dochter fan Willem Frederik en Albertine Agnes. Om misferstannen mei de "Henriëtte Amalaialeane", waard de namme feroare yn "Casimiraleane".
  • Anna Charlotteleane – yn útwreidingsplan It Oranjewâld-noard. De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de dochter fan Johan Willem Friso en Maria Louise.

B[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bieruma Oostingwei –fan hotel Tsjaarda fia de ‘wite brêge’ oer de Prinsewyk yn eastlike rjochting nei de súdlike einpunt fan de Marijkemuoiwei, oergeand yn de Weversbuert fan Mildaam. De famylje Bieruma Oosting wenne mear as 100 jierren op huzinge "Oranjestein" mar kaam fanâlds út Drachten. As lâneigeners stienen in soad leden op in goed namme en ferskate treden op de foargrûn. Sa wie der Mr. Jan Bieruma Oosting, grytman fan Weststellingwerf (1850-1855), boargemaster fan Ljouwert (1871-1877), lid fan de Twadde Keamer, ferstoarn yn It Oranjewâld op 4 july 1885. Yn de famylje kamen ek rjochters en abbekaten foar. De eigendommen fan de famylje lizze foar in grut part oan dizze wei. It bûten 'Oranjestein' is yn 1841 troch -Sjuwke Cats – mem fan Mr. Jan Bieruma Oosting kocht fan Mr. Lollius Adema. Dizze kocht it bûten fan Mr. van der Veen, kantonrjochter (of earst frederjochter) te Wolvegea, dizze hie it yn 1811 foar 13.000 goud francs kocht fan de Frânsken yn de domeinferkeap. It hûs wie doe rintmasterswente en wie oant 12 maaie 1812 ferhierd oan de rintmaster fan de domeinen (foar de Frânsken), Evert Semler. It kin wêze dat 'Oranjestein' oarspronklik it bûten 'Oraniënstein' west hat dat troch Albertine Agnes boud waard. De wei komt (sûnder namme), as ûnderdiel fan de wei nei Ketlik, al foar op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
  • Binnewei (ferfallen) – rûn fan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean nei en lâns it iepenbiere begraafplak yn súdlike rjochting nei de Van der Sluisleane en dan troch de fytstunnel by Tropenfauna troch nei de Keninginne Julianawei. It eardere stik yn It Oranjewâld, fan de fytstunnel yn Rykswei 32 nei de Keninginne Julianawei is yn 1984 omneamd yn "Cissy van Marxveldtleane".
  • Brandeleane – fytspaad tusken de Wâldsterwei (Prinsewyk) en Pauwenburch. Op dit plak run earder in paad dat yn de folksmûle 'Brandeleane' neamd waard.
  • Brommegea, offisjeel Brongergea, is in earder doarp en no buorskip ûnder It Oranjewâld. Op it tsjerkhôf wiist de klokkestoel op in midsiuwske tsjerke, hjir binne de grêfkelders fan de famylje de Blocq fan Scheltinga en fan de famylje Van Limburg Stirum. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet by it tsjerkhôf fermelden: ‘ferfallen tsjerke en wurde as wichtige bûtens neamd "Van Haren" en "Tamminga".
  • Bungalowpark Wâldseam – útwreidingsplan east fan de Lollius Ademaleane wêrfan de wegen yn 1962 oanlein binne en dy’t nammen fan it Keninklik Hûs krigen hawwe.

C[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Carolinaleane – yn útwreidingsplan It Oranjewâld-noard. De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de dochter (1743 - 1787) fan Willem (IV) Karel Hendrik Friso, prins fan Oranje Nassau (1711-1751) en Anna fan Hannover.
  • Casimirleane – yn útwreidingsplan It Oranjewâld-noard. De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de dochter fan Hendrik Casimir II en Henriëtte Amalia.
  • Cissy van Marxveldleane – fan de Keninginne Julianawei nei de rotonde by de Rottumerdyk. Rûn eartiids fan de fytstunnel ûnder Rykswei 32 nei de Julianawei ( foarhinne Binnewei neamd). Cissy van Marxveldt wie de skûlnamme fan Setske de Haan, dy’t op 24 novimber 1889 yn it skoalhûs yn Oranjewâld berne waard as dochter fann de ûnderwizer IJnze de Haan en Froukje de Groot. Se wenne oant 1910 yn de gemeente It Hearrenfean en gie dêr nei de HBS ta. Se skreau in grut tal, tige bekend wurden famkesboeken, ûnder oare de searje oer Joop ter Heul.

D[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Blocq fan Scheltingawei – east-west rinnend fan de Prins Bernhardwei/Krukmansleane nei de Oranjebrêge en dêr oerrinnend yn de Lindeleane. De famylje De Blocq fan Scheltinga hat ferskate grytmannen en in boargemaster fan Skoatterlân oplevere fan 1647 – 1795 en ek nei de Frânske tiid. De earste wie Daniël (1647-1692), opfolge troch Martinus (1692-1715), dêrnei Menno Coehoorn (1715-1777) en Martinus (1777-1795). Nei de Frânske tiid Menno Coehoorn van Scheltinga (1816-1820) en Mr. Hans Willem (1834-1851), wylst dy syn soan boargemaster fan Skoatterlân west hat fan maaie 1872 oant oktober 1890. De famylje wenne yn it earstoan op It Hearrenfean - har bûten (ôfbrutsen yn 1832) stie dêr op it plak fan de eardere Roomske tsjerke njonken Oenemastate. In ôfbyld is yn it museum te sjen. Ek it pân oan it Van Harenspaad (foarhinne dr. Oosterhagen) njonken it Van Harenmuseum, wie eigendom fan de famylje. Om 1780 hinne kocht de famylje Pauwenburch yn It Oranjewâld fan de famylje Van Haren. Yn dit hûs wenne in Daniël, dy’t yn de Frânske tiid maire fan Mildaam wie. Syn soan, Mr. Hans Willem (sjoch ûnder) kocht yn ± 1830 it Steedhâlderlik Hof (de beide huzen, wêrfan it slot al foar 1810 ôfbrutsen wie) fan Mr. Jackema fan Burmania Rengers. Dizze lêste hie it op de domeinenferkeap yn 1813 kocht foar 36.000 goudfrancs (persiel 15 'Les deux Jardins et Hantations', grut 21.80.81 ha) en kocht der noch in soad boskpersielen by, meiïnoar foar 50.000 frs. Mr. Hans Willem hat yn ûngefear 1832 it slot 'Oranjewoud' bouwe litten, dat yn 1953 ferboud is troch de Stifting Lânboukoöperaasje (dy’t it kocht fan Martinus de B.fan S.). Mr Hans Willem wenne yn 1830 noch op 'Pauwenburch' en yn 1840 op it slot. In stik fan de wei komt al foar op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718 (sûnder namme).
  • De Fuotpaden – foarhinne de namme foar in ferbiningsrûte foar wannelers tusken de "Marijkemuoiwei" (by 'Pauwenburch') en de Jan Jonkmanwei ûnder Ketlik en De Knipe. Yn 1972 asfaltearre foar fytsers.
  • De Kombuorskip dat by It Oranjewâld oan de Van Limburg Stirumwei leit. Net offisjele namme, dat wierskynlik har namme krige trochdat der in fivereftige ferwiding yn de Prinsewyk sit (swaaikom). Yn 1872 waard it loazjemint en kafee mei deselde namme iepene. Hjir waard nei de oarloch in bunker foar de BB (Beskerming Befolking) boud.
  • Domineesingel –fan de Bieruma Oostingwei oant huzinge 'Oranjestein' foar de Lindeleane oer. De singel stiet (sûnder namme) al op de gritenijkaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Waard ûnoffisjeel sa neamd. De namme komt al foar op stikken út 1813 oer in domeinferkeap- Dominees Cingel, met 4 rijen eiken stambomen; alleé dite Dominees Cingel avec arbres de dênes. De útlis dat de namme in ferbastering is fan de Domeinenesingel (de rintmaster fan de domeinen, E. Semler, hat yn de Frânske tiid yn huzinge 'Oranjestein' wenne) blykt net wier te wêzen. De singel is yn 1960 ferhurde.

E[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Elisabethleane – yn útwreidingsplan It Oranjewâld-noard, bylâns de Cissy van Marxveldtleane nei de Henriëtte Amalaleane. De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de dochter fan Ernst Casimir en Sophia Hedwig.
  • Emmaleane – fan de Prins Bernhardwei krekt eastlik fan de Heideleane) yn súdeastlike rjochting nei de Keningin Julianawei. Neamd nei regintesse Emma (1890-1898). De Emmaleane is de oprydleane fan it bûten Untwyk, dat stien hat oan de noardside fan de Prins Bernhardwei. Dêrneist stie it oan professor S. Brouwer tabehearrende bûten 'Brouwershaven' (no pleats 'Semper Virens'). Foar dizze beide bûtens sil de Emmaleane brûkt wêze. De leane komt sûnder namme al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Op 'Ontwijk' hat wenne Jhr.Mr. Daniël Engelen, sekretaris fan Skoatterlân en letter frederjochter-kantonrjochter. Hy wie ek lid fan de gemeenteried. Yn it Frysk Museum is in kaart fan oanlis fan it park dat foar dizze beide bûtens lein hat (dus tusken de Prins Bernhardwei en de Keninginne Julianawei). It ûntwerp wie fan de bekende arsjitekt Roodbaard – dy’t ek in ûntwerp makke foar de eardere Wanneltún op It Hearrenfean op it plak fan it âlde gasfabryk en it âlde begraafplak. Yn ± 1843 waard it bûten troch Engelen ferkocht.

F[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Faunasingel – ferbynt de Keningin Julianawei en it noardliker lizzende tunneltsje mei it eardere fûgelpark 'Tropenfauna'.
  • Flapsingel - fan de Bieruma Oostingwei nei de Skoatterlânskewei yn Aldskoat, troch de bosken. Op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt dizze singel net foar, wol op dy fan Eekhof fan 1848 – ûnder de namme "De Flapsingel".

G[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Geruisloaze weg of Grintwei (ferfallen) - ûnoffisjele namme. Waard yn 1948 Prinses Wilhelminawei (letter Keningin Wilhelminawei neamd).

H[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Heideleane – fan de Prins Bernhardwei oergeand yn it fytspaad Jiskelânpaad. De leane sil sawat yn 1840-50 ûntstien wêze by de ûntginning fan heidefjilden dêr. Op in âlde kadastrale kaart stiet 'Colonie' (de betsjutting hjirfan is ûndúdlik). Ferskate lannen hawwe “rjocht fan reed” lâns de Heideleane. Fermoedlik in ferbining tusken It Mar en It Oranjewâld troch de heide.
  • Henriëtte Amalialeane - yn útwreidingsplan It Oranjewâld-noard dearinnende wei fan de Cissy van Marxveldtleane yn noardeastlike rjochting. De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de frou fan Hendrik Casimir II.

K[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Klemburch – oarspronklik de namme fan in bûten oan de tsjintwurdige Marijkemuoi-wei (Brommegea), letter jûn oan in dêr steand wenhûs. Wylst mooglik de namme ek wol brûkt is foar in tropke huzen dêr – buorskip west fan Brommegea.
  • Keninginne Julianawei – Fan de Boargemaster Falkenawei/Tolhûswei nei hotel Tjaarda, krúspunt fan Krukmansleane-Albertina Agneswei en Bieruma Oostingwei. De wei waard eartiids Strjitwei neamd. De wei leit diels yn It Hearrenfean en diels yn It Oranjewâld. It diel dat rint fan de Prins Bernhardwei nei de Keninginne Wilhelminawei (troch bungalowpark Wâldseam) is yn 1962 oanlein. It diel fan it keunstwurk (de harten fan Anne Woudwijk) oant hotel Tsjaarda hearde foar 1962 ta de Keninginne Wilhelminawei.
  • Keninginne Wilhelminawei – fan de Tolhûswei/Marktwei yn ûngefear eastlike rjochting oant de Keninginne Julianawei. (wurdt troch Rykswei 32 yn twaën splitst). De wei leit diels yn It Hearrenfean en foar it oare diel yn It Oranjewâld en waard foarhinne Grintwei of Geruisloze weg neamd. Krige yn 1948 de namme Prinses Wilhelminawei. Hjirtsjin kaam in soad ferset, want hoewol’t de oantsjutting wie nei har ôftreden as keninginne, fûn men dat ien dy’t hast har hiele libben keninginne west hie dizze titel seker fertsjinne. Pas yn 1963 waard de namme offisjeel wizige.
  • Krukmansleane –fan hotel Tjaarda –krúspunt Keningin Julianawei-Albertine Agneswei en Bieruma Oostingwei nei Prins Bernhardwei/De Blocq fan Scheltingawei. De namme komt al foar op de kaart fan in domeinferkeap fan 1813. It is net bekend hoe’t de namme ûntstien is. De leane wurdt –sûnder namme- neamd op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718. De namme soe (neffens Joop S. Siebenga) komme fan de adel, dy't âldere of beheide wurknimmers (krukmannen) hjir in húske mei 30 x 30 meter grûn foar grientetún beskikber stelde. Eartiids wienen alle persielen hjir ± 900 m² grut.

L[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lindeleane – fan de Oranjebrêge (De Blocq fan Scheltingawei/Albertine Agneswei) nei de brêge by huzinge Oranjestein (Van Limburg Stirumwei/Domineessingel). De mei linebeammen beplante leane komt al foar yn in ferkeapboekje fan 1813. Foar de Frânske tiid waard dizze leane ek wol 'Lijnsingel' neamd. Sûnder namme stiet de leane al oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
  • Lollius Ademaleane – ferbynt de Keningin Julianawei mei de keningin Wilhelminawei oan de eastkant fan rykswei 32. De leane hiet foarhinne Van Eijckleane en earder yn de folksmûle Pôlesingel, t.w. de singel nei de 'Pôle', in hûs oan de Keningin Wilhelminawei. Lollius adema wie destiids offisier fan justysje op It Hearrenfean en lâneigener yn It Oranjewâld. Hy hat him yn dy tiid – ± 1840- tige ynteressearre foar ûntginningen. Hy boude buorkerij 'Meerzicht' en lei dêrefter-noardside in polder oan. Fierders liet hy in sânwei oanlizze, dy’t letter strjitwei wurden is en foar in gedielte Prins Bernhardwei en in gedieltlik Keningin Julianawei hjit. De wyk nei de 'Pôle' (earder opslachplak) hjit yn de folksmûle noch 'Adema's Wyk'. Opmerking: earder, oant 17 maart 1949, wie de leane noch bekend as "Van Eijckleane", nei de bewenner op de hoeke. Dy wenne der lykwols mar in kwart iuw en wie hjir foarhinne in ûnbekende. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt de leane foar in part en sûnder namme foar.

M[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Maria Louiseleane - De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de dochter fan Ernst frou fan Johan Willem Friso.
  • Marijke-muoiwei – fan de Fan Limburg Stirumwei (by huzinge Oranjestein) lâns Brommegea en Pauwenburch nei de Bieruma oostingwei/Weversbuert. De Friezen neamden Maria Louise fan Hessen-Kassel, frou fan de steedhâlder Jan Willem Friso, 'Marijke-muoi' of Marijek-Meu. Oan twa kear ta wie hja gûvernante oer Fryslân, earst by de minderjierrichheid fan har soan en letter fan har beppesizzer. Se mocht graach en faak yn It Oranjewâld wêze, dat yn dy dagen it middelpunt wie fan de Fryske aristokrasy, en It Hearrenfean dielde mei yn dy eare. Se waard berne op 7 febrewaris 1688 te Kassel en ferstoar yn Ljouwert op 9 april 1765. De wei is sûnder namme al oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718; op de kaart fan Eekhof fan 1848 wurdt in diel fan de wei oantsjutten as 'Brongerga-laan'.
  • Moleleane – fan de Bieruma Oostingwei yn it ferlingde fan de Marijkemuoiwei nei de Skoatterlânskewei yn Mildaam. De leane leit foar in part yn It Oranjewâld en diels yn Mildaam en komt sûnder namme al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Op dizze kaart stiet de mole, dêr’t de leane har namme troch krige, oan de eastside fan de leane flak by Mildaam.

P[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Pauwenburchbuorskip ûnder it doarp It Oranjewâld op de hoeke fan de Marijkemuoiwei. Ek de bosk oan de eastside fan de wei wurdt sa neamd. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 stiet in bûtenferbliuw oanjûn mei de oantsjutting "Van Haren, later Pauwenburg".
  • Piter Heringa Catsleane – ferbining fan de Prins Bernhardwei –by de iepenbiere legere skoalle- mei de Keningin Julianawei. Mr. Pieter Heringa Cats waard berne yn Ljouwert op 14 novimber 1823 en ferstoar sûnder bern yn It Oranjewâld 21 augustus 1880. Hy wie de soan fan in rike keapman út Ljouwert. Doe’t syn heit stoar kaam er al jong yn besit fan in grut fermogen. De twadde man fan syn mem - Mr. O.R. van Andringa de Kempenaer, wenne op 'Jagtlust' yn Aldskoat – hat dit treflik foar him beheard. Nei alle gedachten as attinsje foar syn styfheit neamde hy it bûten, dat hy yn 1855 yn It Wâld stifte 'Klein Jagtlust'. Syn erfgenamt wie syn neef Mr. J. Bieruma Oosting. Dizze moast lykwols grutte legaten útkeare. Trije leden fan it personiel (wêrûnder A.R. Uhl, rintmaster, wenjende oan de westside fan de leane) krigen elk f. 100.000,-- en elk lid fan it personiel, dat in soan nei him Pieter neamde krige f. 10.000,--. Fierders krigen de bewenners fan him tabehearrende húskes dy’t minder as f. 2000,- wurdich wienen, of wêr’t hy f. 2000,-- " foar oer hie dizze kado. Mr. Pieter Heringa Cats hat riedslid fan Skoatterlân west fan 1877 - 1880. De leane komt sûnder namme al foar op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
  • Prins Bernhardwei – fan de Keninginne Julianawei yn eastlike rjochting oant de De Blocq fan Scheltingawei/Krukmansleane. Dizze wei wie tot 19 maart 1962 it eastlike diel fan de Prinses Julianawei.
  • Pinses Beatrixleane – hoefizerfoarmige sydleane fan de Keninginne Julianawei yn bungalowpark Wâldseam dy’t yn 1962 oanlein is..
  • Prinses Ireneleane – ferbynt de Prinses Beatrixleane mei de Kenininginne Julianawei yn bungalowpark Wâldseam (1962 oanlein)
  • Prinses Margrietleane – sydtakke fan de Keninginne Julianawei mei fytspaad (Tuskenpaad) mei de Lollius Ademaleane yn it bungalowpark Woudseam fan 1962.
  • Prinses Marijkeleane – sydwei fan de Prinses Margretleane yn bungalowpark Woudseam út 1962.

S[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Skeandyk – ûnoffisjele namme foar de yn 1949 neamde Albertine Agneswei.
  • Sophia Hedwigleane - yn útwreidingsplan It Oranjewâld-noard. De strjitten yn dit gebiet binne neamd nei de froulju of dochters fan eardere Fryske steedhâlders. Yn dit gefal de frou fan Ernst Casimir.

T[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tjaarda’s Leane - fan hotel 'Tjaarda' by de Bieruma Oostingwei yn súdeastlike rjochting nei de Tjeerd Rosleane yn Aldskoat rinnende wei. Op 16 febrewaris 1882 ferliende de gemeente Skoatterlân in fergunning oan Willem Tjaarda, loazjeminthâlder yn It Oranjewâld, foar de beide boppe- en ûnderfertrekken en de koepel fan syn loazjemint. Willem Tjaarda waard berne yn Weidum op 1 april 1845 en ferstoar yn It Oranjewâld op 16 maaie 1910. It loazjemint gie dêrnei oer op syn soan Andreas Tjaarda. Heit en soan makken de op sa’n moai punt lizzende ynrjochting (hotel, kafee, restaurant) ta ien fan de bekendste útspanningen yn de provinsje. De ûnderhavige leane waard yn 1959 ferkocht oan de gemeente ûnder betingst dat de leane Tjaarda’s Leane hjitte soe. De hiele leane, fan it tsjintwurdige hotel oant Aldskoat stiet al oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Op de gemeentekaart fan Eekhof fan 1848 wurdt de leane oantsjutten mei de namme "Tjeerd Rosse-Laan".

V[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Van Bienemaleane – rint fan de Keningin Wilhelminawei nei huzinge Feanwyk yn Aldskoat. Waard yn de folksmûle Tsjerkeleane neamd. De famylje Van Bienema hie hjir eartiids in soad lannerijen en bosken yn eigendom. Yn 1763 boude in lid fan dizze famylje it bûten Feanwyk, no de 'Julia Jan Woutersstifting'. Yn It Oranjewâld, by it saneamde Bienema's berchje' (of ek wol It Woutersberchje') leit yn in ôfsetten diel fan de bosk in grêfkelder fan de famylje Van Bienema. In lyts stik fan dizze leane komt sûnder namme al foar op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 stiet de leane, ek sûnder namme, hielendal oanjûn.
  • Van Limburg Stirumwei – fan huzinge Oranjestein (brêge by Lindeleane) yn ûngefear noardlike rjochting oande Waldsterdyk ta by De Kom. Charles Louis Adrian Just, Greve fan Limburg Stirum hat lang bewenner fan huzinge Oranjewâld west (1910-1932) en hat in soad dien om de produktiviteit fan de Skoatterlânske grûn te ferbetterjen. Troch lânûntginning en it bouwen fan pleatsen. De wei wie earder syn eigendom. Hy waard berne yn Swol op 7 jannewaris 1877 en ferstoar yn It Oranjewâld op 22 maart 1931. Hy wie luitenant fan de ynfantery yn Ljouwert yn garnizoen doe’t hy yn 1901 op It Hearrenfean boaske mei Maria de Blocq fan Scheltinga. Doe’t hy út de militêre tsjinst gie (± 1907 of 1908) liet hy it hûs 'Prinsenhof' bouwe, tichtby hotel Tjaarda, en sette him dêr ta wenjen. Om 1910 hinne liet hy huzinge 'Oranjewoud' restaurearje, gie dat bewenjen en ferhierde 'Prinsenhof'. Benammen yn It Skar by Mildaam hat hy in soad heide ûntginne litten; de troch him stifte pleatsen hawwe yn haadsaak inselde model. De wei komt sûnder namme al foar op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718.

W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wâldsterwei – fan De Kom (oanslutend op de Van Limburg Stirumwei) yn noarlike rjochting nei It Mar. De namme Wâldsterwei wurdt al yn 1875 brûkt. Dêrfoar waard de namme 'Prinseleane' brûkt. De wei komt noch net foar op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718, wol op dy fan Eekhof fan 1848, mar sûnder namme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: