Daniël Engelen

Ut Wikipedy
Jhr. Daniël Engelen

Jonkhear Daniël Engelen (Nymwegen, 19 juny 1791 - It Oranjewâld, 2 desimber 1857) wie gemeentesekretaris, riedslid en kantonrjochter op It Hearrenfean.

Engelen wenne yn Snits en wurke dêr nei alle gedachten op de gemeentesekretary. Yn 1827 waard hy gemeentesekretaris fan Skoatterlân en wenne doe op keamers yn it persiel dat letter (oant 1965) iepenbiere lêsseal west hat (hoek "Fleismerk" - "Achter de Tsjerke") en dêrnei Aldheidkeamer waard.

By de folkstelling yn 1840 wenne hy op It Oranjewâld yn huzinge Ontwijk (stie oan de hjoeddeiske "Prins Bernhardwei" sawat foar de Emmaleane oer. De Emmaleane wurdt wol neamd as oprydleane foar dit bûten). Oant 1836 wie hy gemeente-sekretaris en dêrnei oant 1840 frederjochter en yngeande 1840 ta syn ferstjerren yn 1857 kantonrjochter op It Hearrenfean.

Hy liet yn 1840 út eigen middels, en foar it meastepart troch syn eigendommen, de Engelenfeart grave fan de Feanskieding oan de Tsjonger ta. Dizze feart waard letter troch de provinsje oernomd. Yn 1851/52 wie hy riedslid fan Skoatterlân.