Oenemastate (It Hearrenfean)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oenemastate)
Oenemastate. It Hearrenfean

Oenemastate op It Hearrenfean is yn 1640 boud yn opdracht fan de grytman fan Skoatterlân, Amelius van Oenema. It hat yn de rin fan de tiid yn hannen fan ferskate tûken fan syn famylje west.

Fan 1640-1750 wenne de famylje Van Haren yn it pân. Yn 1650 troude Ernst fan Haren mei Catharina fan Oenema, in telch út it geslacht fan dy namme, dy't yn it eardere pân wennen. Har omke Amelius van Oenema, grytman fan Skoatterlân fan 1627 - 1647, hie it hûs sette litten en by syn ferstjerren erve neamde Catharina it. Hja wie in dochter fan Tiberius van Oenema, grytman fan Utingeradiel (libbe fan ± 1604-1640). Oant sawat 1750 wie Oenemastate yn besit fan de famylje Sirtema fan Grovestins.

Yn 1663 waard troch de skilder Matthias van Pelckum in plafondskildering makke, hjoed-de-dei wurdt dy seal yn Oenemastate de plafondseal neamd. Op de skildering binne de wapens fan de Van Harens en de Oenema's ôfbylde en is nei alle wierskyn makke foar de gelegenheid foar de koperen brulloft fan Ernst Willem van Haren en Catharina Douma van Oenema.

Yn 1828 waard de state it gritenijhûs fan Skoatterlân, en letter it gemeentehûs fan Skoatterlân en dêrnei fan It Hearrenfean. Yn 1951 waard Oenemastate besit fan it Ryk. Nei't it in skoftke de funksje fan kantongerjocht oernaam hie fan Crackstate waard it yn 1963 restaurearre en ferboud ta belestingkantoar. Hjoeddeis is it in stedskafee.

Gemeenteplein mei lofts de Lindegracht en rjochts Oenemastate.