Springe nei ynhâld

Amel fan Oenema

Ut Wikipedy

Amel fan Oenema (Latyn: Amelius fan Oenema) (1602- 7 april 1647) wie Frysk steatelid en grytman fan Skoatterlân tusken 1627-1647 en fan Aenjewier tusken 1630–1636

Hy waard berne as soan fan grytman fan Skoatterlân, Tinco fan Oenema (1591 - 1627). Amelius wie yn 1641 lid fan de Steaten fan Fryslân en fan 4 maaie 1644 oant syn dea op 7 april 1647 lid fan Deputearre Steaten.

Fan Oenema liet yn 1637 út eigen middels de Nederlânsk Herfoarme tsjerke fan Skoatterlân op It Hearrenfean bouwe. It stik grûn wie skonken troch de Ridders fan Ballye fan Utert ( de Dútske oarder, dêr't it kleaster fan Aldskoat ta hearde).

Yn 1640 stifte Amel it âlde gemeentehûs fan Skoatterlân (letter belestingkantoar en no stedskafee Oenemastate) Fan Oenema hearde ta de bestjoerders fan de Fan Dekema, Cuyck en Foeyts Feankompanjy. Hy ferstoar sûnder bern yn 1647.