Springe nei ynhâld

Crackstate

Ut Wikipedy
Crackstate yn 2013
De westside yn 2007

Crackstate is in state en ryksmonumint op it Hearrenfean. It waard boud fanwege grytman Hyppolytus Roelofs Crack yn 1608.

Yn likernôch 1648 hat Johannes Sytzes Crack, grytman fan Aengwirden in nij hûs delsette litten, mar parten fan it âlde gebou waarden opnaam yn it nije. Crackstate is boud yn de betide en strange barokke styl fan Fryslân. De ûntwerper, Willem de Keyser, hat it lykwols ek Amsterdamske ynfloeden meijûn.

It gebou hat in grêft rûnom. De brêge oer de grêft om de stins is fan 1755, neffens in ynmitsele stien. De poarte foar de brêge komt út de omkriten fan Hoarn en hat as jiertal 1819.

It pân waard yn 1833 ferkoft oan it Ryk en ferboud ta rjochtbank en finzenis. Mear as in iuw hat it in "Rjochtbank fan earste oanlis" en in "Hûs fan Arrest" (finzenis) west. Doe't de rjochtbank yn 1923 opheft waard, bleau de kantonrjochter (de eartiidske Frederjochter) yn Crackstate sitting hâlden. Yn de Twadde Wrâldoarloch oefene de besetter in wier skrikbewâld út yn de finzenis. Mear as sechtich Nederlanners oerlibben har ferbliuw yn de finzenis net. De gemeente It Hearrenfean hat it gebou sûnt 1949 yn besit en brûkt it sûnt 1952 as gemeentehûs.

Yn 1962 kaam der in klokkespul mei 37 klokken yn de koepel. Yn 1985 is it kariljon revisearre en binne de santjin klokken ferfongen. De Stichting Carillon Crackstate beheart it kariljon dat mei de hân en meganysk bespile wurde kin. Crackstate hat in toer mei in koepeltsje, dat wierskynlik as útsjochpost brûkt waard.